| |
| |
| |
Leo Popma:
Komsik
Fan 'e middei haw ik der wer efkes út west. It liket my ta, dat it meikoarten safier wol is. Sa rjochtfeardich as er hjoed efter it finster siet en sa fjurrich as syn eagen my fan 'e middei oansjoen ha, ik mei hoopje, dat de dagen teld binne.
Ik haw der net lang út west. Dit stedtsje is mar lyts. Mar men moat jin der oan hâlde. Men moat him trou wêze, jawis, dan fljocht it heil jin, sa to sizzen, ta de bek yn.
Nou, nou, sa kin 't ek wol ta, myn bêste.
Ik wol leauwe, dat ik wer to lûd praet. As ik sa middeis delskriuw hwat der dy deis bard is, komt myn kostfrou wolris yn 'e doar. Se draeit it ljocht op en sjocht my sahwat meilydsum oan.
‘Soa, Jo binne hjoed mar wer yn it pontifikael? Mar in bytsje rêstich, tocht ik, oars moast ik se mar ris roppe.’ En se sjocht it hear nochris oer en men heart, hoe't se fierder reizget troch dit stille hûs. Hja hat it, leau 'k, net op my stean. Om't ik yn it tsjuster sit, of om't ik myn swiere jas oan haw en leafst de swarte pet op, dat it myn tiid is om oer alles sahwat nei to tinken? It wol har net rjocht oan, as it my net mist. Hoewol, ik doch oars alles om it har nei it sin to dwaen. Yn it earstoan wie ik der net op fortocht en skrille ik op, as hja hommels it ljocht op die. Ik bin hwat bonkich yn it gesicht, dat sjoch ik ek wol, as ik moarns yn 'e spegel mysels in skoftsje opnim, en dan mei de swarte jaskraech op koe it allegearre wolris hwat slimmer lykje. Boppedat, ik bin hwat lang fan stik. Mar nou haw ik it dan safier, as ik har oankommen hear, en gean achter de doar stean, en mei't hja de knop omdraeit, haw ik de pet hwat fleurich op 'e holle en glimkje har ta. Faeks hat se it de earste kears net goed bigrepen, oars hie se de doar net sa forheftich taslein. Mar nou't se wit dat it my tinken is, is it al aerdich oars wurden. Hja sjocht my tsjintwurdich ris op en del oan, al hie se nea earder sjoen, hoe kreas as ik wêze kin, sa hielendal yn it swart, en glimket my tige freonlik ta. Wol hwat oerdreaun, nei myn bitinken, it koe mei hwat minder ek wol ta. Hja moat op 't lêst ek net al to oansjitsk wurde. Mar dat is it aerd. En dochs aerdich dat hja, alle dagen suver, efkes delkomt. Alhoewol, hja seit langer neat en driget net mear, mar sa bretael as hja alles yn har opnimt. Ik sil har yn 'e rekken hâlde moatte. Men wit dochs nea hwat der yn sa'n minske omgiet. Soms tink ik, dat ik yn har eagen hwat
| |
| |
fan eangst bispeur. En dat twiveljende yn har stim, as se myn namme ris neamt. Oft hja har allinne mar oertsjûgje wol dat ik der bin.
Men moat it slimste der nou ek wer net fan tinke. Faeks is myn oanwêzichheit in greate stipe foar har, mar doart se har net rjocht út to sprekken.
Mar fierders haw ik hjir fan gjinien lêst. Binammen de lêste dagen kin ik my tige goed konsentrearje. Sa foar it rút, dêr't de grauwe mist lâns wâlmet, hat men gjin ôflieding. Earjuster - of wie it moandei - drige it even hwat ljochter to wurden en koe ik hjirûnder in bytsje libben fornimme. Ut en troch ris ien dy't oare kant de strjitte stil stie, en mei de hân boppe de eagen tsjin it hûs op seach. Ik wiuw dan altyd efkes. Hja kenne my op 't lêst ek wol. En meastentiids binne hja ek tige aerdich tsjin my.
Mar sa't ik sizze woe, sûnt is de damp wer tichter wurden en glidet stadich foarby.
Dit duorret ek al in moai skoft. Ik wol leauwe al wiken, dat dit stedtsje sa oerdutsen is. It folk hjir hat de moed, tink, opjown, hwant as ik de middeis op 'en paed bin, sjocht men nimmen. Dochs is it in skoander gesicht. Sa moai griis en wyt alles is. Neat steurt jin mear. Ik moat sizze, dat it my yn earsten ek net oan woe, mar wyt moat wol de wichtige kleur wêze, dy't hy keazen hat. Syn sel is kleure mei it bêste wyt, syn personeel sjocht men altyd yn it wyt, en ik fiel my lichter nou, yn dizze wite damp. Men kin ek net sizze dat it ientoanich wurdt.
Sa middeis bygelyks brânne de lantearnen. Hja ha der tige attint op west by it regear om sjen to litten, hoe ljocht de damp wurdt as men neijer komt, en stadich wer donkerder, en op 'e nij feal giel en grien, as men de folgjende lantearne to pakken hat. En al mar weaget it fierder. Hjir foar myn keamersrút bliuwt it egael. Mar dan ek hat men it sels yn hannen.
As ik de wichtige dingen notearje dy't de oerdeis mei my bard binne, en dan allinne de dingen dy't him oanbilangje - hoe't ik him sjoen haw, hwat er my forkundige hat - as ik sa dwaende bin en bisykje my alles wer yn 't sin to bringen, tink oan hoe't it it bêst formulearre wurde kin, dan knyp ik de eagen ta, justjes of stiif ticht, en men moat ris sjen hwat men jinsels al net oandwaen kin. Myn bêste, tink ik dan, - ja, ja, ik haw de gek der wolris mei, dan neam ik mysels myn bêste - dat nimmen oars soks nou sjen wol.
Hea, hja hat hjoed noch net oan west. Jo moatte witte, myn kostfrou hat, nei myn bitinken, ris efter de doar stien to
| |
| |
harkjen. Hwant nou en dan seit se, as se der wer is: ‘en hoe is 't mei myn bêste?’
Ik leau al, dat hja dan op har minlikst is, glimkjend en wol. Ik knik har dan ek freonlik ta, hwant op sa'n stuit hat hja it wol aerdich bigrepen. It is har oan to sjen, dat it mei my de goede kant út giet.
O ja, dêr hiene wy it oer, hoe prachtich men dan de kleuren fan sa'n skiere damp bisjen kin, hen.
Dat er my krekt útkard hat. Hy hat my ta syn spektrum makke. Ik hein syn witens op. Yn my brekt it ienfâldige yn de tûzenen komplisearre diggels dêr't it út gearstald is. Hy hat my leard, hoe't men kleurleas wurde moat troch de kennis fan kleur. En syn rop bounzet oer de dakken, hwannear't ik dizze ûre bilibje. ‘Ik bin Komsik út 'e wite grotten.’
Hwat kin men ek al baze.
Nou efkes goed de kop der by en de krekte folchoarder neigean. It wurdt swart yn myn holle as ik myn eagen stiif tichtknyp, of hwat minder, dan rôlje der pearse bollen yn my om.
Dou moatst it ris hwat oars bisykje, myn bêste, sa komt it net klear. Krekt, justjes de eagen ticht en dou sjochst it read en oranje en ljocht-grien yn elkoar oer gean. Sa sil it west ha.
It wie bifrijingsdei. Ik soe to swimmen bûten it stedtsje, dat simmerdeis as in slûge houn ûnder de sinne leit. Ik kin it lûd fan de sirkelseagen yn it houtstek net forneare, sa heech en skerp troch de neimiddei. Dan moat ik der út. Mar it wie doe al hwat oars.
Ik soe de grêft del, de Westerpoarte troch en dan komt men fansels by it kanael. Mar yn 'e fierte hearde ik it muzyk al oankommen, iene kant de grêft, en krekt de kant dêr't ik lâns moast, in keppel folk, dy't lykop meiroun.
Nou hie ik gjin haest, dat mei de fyts oan 'e hân wie ik in stege yn slûpt en stie it sahwat oan to sjen. It muzyk en de findels mei gâns glinsters der op, it wie tige feestlik, dat moast men tajaen. Mar folle haw ik der net fan sjoen, hwant myn kant lâns roun it folk mei flaggen en fleurige mûtsen, dat ik koe it sicht der net op hâlde.
Mar krekt dêrom. It wie in leven en in drokte fan komsa! En ynienen seach ik him. Heech en bonkich tusken de bern, dy't om him hinne krongen, yn syn steatlike swarte jas, de smelle wite holle yn 'e krage, en de swarte eagen, dy't ûnder de pet wei oer alles hinne yn 'e fierte stoarren. Jûchjend en swaeijend hellen hja him yn. It muzyk boppe alles út.
Unforsteurber teach er fuort tusken it rumoer en de bosk fan kleuren, lâns de bloeijende linebeammen op 'e grêftswâl.
| |
| |
Sa heech stiek er boppe de mannichte út, oft hja him niis op 'e skouders tild hiene en fierder droegen. Doe hat er my oanlutsen en útkard om lijm to folgjen.
It muzyk wie al by it stedshûs bidarre. Der wie in plechtige stilte ynfallen, doe't ik einlings tusken it folk troch krongen wie en sjen koe, hoe weardich er foaroan stie en alle gedoch op him ta komme liet.
Op 'e treppen stiene de hearen fan it regear, ek tige oandien sa to sjen. Ien fan harres, en my tinkt fierwei de bilangrykste fan de hearen - hwant algeduerigen stied er yn it midden en waerden him briefkes oerrikt fan de oaren, dy't ek hwat efterút stiene - spriek him ta.
En sa stil as it folk him hâldde yn 'e gleone neimiddei.
Boppe alles út, yn 'e foarste rige, koe ik him stean sjen, roerleas harkjend, yn it swart, pet op, en de greate bleke earen, dy't in eintsje ta de kraech útstiken.
En mei in stuit - der gong in suchtsje oer it plein, dêr't de sprekker fan it regear wis net op fortocht west hat, kwant hy rekke efkes yn syn papierkes fortiisd - ynienen hearde men him roppen. Of leaver, it wie oft er praette, sa rêstich en bidaerd, mar sa biswarrend ek, dat nimmen him forweegde.
‘Ik bin Komsik út 'e wite grotten. Hjir is it folk dat ik weromfierd haw út 'e forsiking. Wês wach yn de hjitte fan it fleis. Span hjir tonei in wite tinte fan it iene útein nei it oare. Yn witens en kjeld sille hja bifrijing fine...’
It hat deastil west, as hie gjinien dit fan him forwachte; der is jûche en fluite, it waerd in greate opskuor, der is al mar troch ta kalmte moanne. Ik kin it my allegearre net mear to binnen bringe. Mar yn 'e konsternaesje haw ik noch sjoen, hoe't twa fan syn tsjinners yn wite, lange jassen - hja kiene de mouwen opstrûpt, mar it wie ek in hite dei - him yn it midden namen en oer it plein weifierden, sûnder wjerstân en alhiel wer yn tinzen.
It muzyk hie wer ynset. Mar fierders wit ik net hoe't it krekt ôfroun is. De middei wie ek al in ein hinne om, dat ik haw myn fyts helle en bin doe mar werom gien nei myn keamer.
It is al hast tsjuster. Men hat der goed it each op, mei sa'n hiele dei foar it glês to sitten. Neat hoecht jin to ûntkommen. De mist is noch altyd like ticht, soe men sizze.
It wurdt sa stadichoan ek tiid foar myn kostfrou.
Fan 'e middei haw ik yn it park in pear wylgetûken plôke, dêr sil hja tige mei op it snjit wêze.
Hie ik al sein dat ik der fan 'e middei even út west haw?
| |
| |
Net sa lang. Dit stedtsje is mar lyts. Men hat it gau bislein. It is ek net, dat ik der samar ris útrin. Dat soe to mâl wurde. Ik kin de tiid skoan brûke, mei myn prakkesaesjes en al it skriuwwurk dat ik dêrfan ha. En alles hwat hjir oars noch omgiet. Né, it heart der by. Men moat him trou wêze, alle dagen moat men even by him oan.
Sa kin men wier wol sizze dat ik de wegen fan it heil gean. Butendoar dan. Hwant foar't ik op strjitte stean, moat ik earst de oerrin del, dêr't it fol stiet mei âld ark, in almachtigen greate pindule, dy't súntsjes galmet as men der net ochsa hoeden bylâns tripket, en myn fyts. Myn fyts wol ik altyd tichteby de hân ha. En dan noch al dy tsjustere treppens, dy't kreakje en dogge, dat men der raer fan wurdt.
Mar bûtendoar wit ik myn paed wol. Healwei de strjitte del, de Foksegatstege troch, it brechje oer en dan lofts. Dêr hat dit stedtsje hwat fornaems. Greate gebouwen mei swiere doarren en op 'e wâl de âlde beammen, dy't dripkje yn 'e mist. Sa stil en fredich as it dêr is.
It gesticht, seit men hjir. En men kin oan de toan wol fornimme, dat it tige wichtich is dêr ta to bihearren.
It sil nou sa lang ek net mear duorje. Ik moat noch efkes geduld dwaen, my goed op alles tariede. My tinkt dat it meikoarten safier wol is.
Oan 'e ein fan de grêft wie ik om 'e hoeke gien, men rint dan ûnder de hege muorren bylâns. It is dêr smel en fan lantearnen tilt it dêr ek net op. Dat ik skrabe mei de hân oer de stiennen om it paed net bjuster to wurden, sa heislik wyt hong de damp tusken de huzen. Doe wer rjochtsôf, dêr't it rommer en ljochter wurdt. Nei it izeren stek, foar de foarste lampe oer, is it finster dêr't wy elkoarren moetsje. De finsterbanken binne dêr aerdich heech, ik kin se amper birikke. Mei de holle efteroer kin ik sjen hoe't er dêr troanet en my hifket, hoe't syn gleone eagen yn my om woelje en oer my hinne yn 'e fierte stoarje. Dan wit ik dat ik noch net ré bin, mar yn my hat er alles trochljochte en op 'e nij syn fjûr oanstutsen. Ik wit hwat my noch to dwaen stiet.
Hy hat him oer my ûntferme, hjoed hat er my oannommen. Ik wie mar amper to plak, doe't er wyld oerein kaem. It gesicht fol mei reade plakken, de eagen dy't him yn 'e holle om giselen, yn de folle lingte foar it rút. En as woed er my der daliks yn helje, sa ticht kaem er op my ta, de noas tsjin it glês, al mar leger, om my birikke to kinnen, drok maneuveljend mei de greate hannen.
Dou silst it my forjaen, dat it my mislearre is. De tagongs- | |
| |
doar is flak by dyn finster, dou bist myn tsjûge. Hoe't ik oan 'e kruk skuord haw, en skopt en slein, doe't er net iepen woe. Hoe't ik mei de fûsten op it hout om bûke, hwat ik lit en gûld ha. Hoe't ik wanhopich oer de strjitte kroep, dat my de neilen skuorden. Dou allinne witst hoe ellindich ik my field haw, dy sa binei, mar ûnmachtich om oan dy gelyk to wurden. Dou silst it fierders wol yn oarder meitsje.
Se ha dy by it finster wei helle, dyn tsjinners yn it wyt. Men sil foar har it bêste mar hoopje.
Ik haw my deljown. Wy sjogge elkoar meikoarten wer.
Haw ik net altyd witten dat it mei my de goede kant út giet? It giet stadich, wis. Mar jowt men jin der oan oer, dan komt ienkear de tiid dat men opnommen wurdt yn de rêst fan syn witens. Sealen, sellen, men kin dêr libje yn frede. Jin konsintrearje, bûten de beuzichheden fan al den dei.
It is tsjuster. Jinsen liedt de jounklok. Nou kin hja der hast wol wêze. Hear ik hoe't hja der oanslykjen komt, de oerrin oer, om my diskear yntiids to witten to dwaen dat hja ûnderweis is? Efkes stiet hja noch yn birie, efter myn keamersdoar. Hoe't se my oantreffe sil? Hoe ienfâldich ik har wol tomjitte komme mei?
Nou sil hja witte. Alle twivel sil toneate dien wurde. Mei ûntsach sil hja my oansjen, as hie se it altyd wol tocht, mar har leauwe lytsmoedich tsjinkeard.
Mei in glim neamt hja myn namme. Selsfoldien wykt hja tobek om my troch to litten. Myn frede slacht op har oer. Hja sil tofreden wêze.
De damp lûkt op. De sinne sil trochbrekke. Noch ien kear draeije de seizoenen in slach werom, beammen sjitte yn 'e bloei. De grêft lâns sil opnij it muzyk klinke boppe it rumoer. Der sil in deadlike stilte falle oer it plein. En hja sil sjen hoe't ik yn har midden weifierd wurd. Weardich, sûnder wjerstân, alhiel yn tinzen. Fol fan de dingen dy't ús oanbilangje, him en my.
Wy binne ien. Wy bin deselden.
Wachtsje net langer. De doar moat op gean. Hja draeit it ljocht op. ‘Komsik, dêr bin twa mannen foar Jo.’
|
|