De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 403] [p. 403] [Nummer 11] Inne de Jong: Lazy Dog In bom fol flymjend stiel as er boarst in pear meter boppe de groun fleane tûzen ûnbidige twasnedige skearmessen yn de foarm fan biwjokke pylken as de bliksem nei har doel beamkes falle as reid skonken wurde amputearre gauwer as mei it mes fan de chirurch bernehollen ôfsnien as blomkoal fan de stronk. Op syn modelbuorkerij in lyts paradys hâldt de presidint in parsekonferinsje en praet oer Amearika's ropping om frede en frijheit to bringen yn donker Azië studinten protestearje forheftich senatoaren en geastliken roppe hâld der yn Gods namme mei op minhear de presidint hwat biweecht dizze dwazen? de Oerheit draecht it Swurd net forgees we fight with God on our side. Mar in miljard forbjustere Aziaten freegje hwa is dy god? en hja meitsje de rekken op. Vorige Volgende