Foarst in - mooglike - korreksje: Hindrik A. hòècht hjir net de kweadwaner to wêzen; it is bêst mooglik dat de F.D.-resinsinten in frij greate marge fan frijheit hawwe en dat de kar hwat al en hwat net to resinsearjen oan harsels oelitten wurdt. It falt nammentlik op dat de kritikus A.I. soms gâns in ein bûten syn (har?) Algrasiaensk boekje giet en wurdearring hat foar Hessel van der Wals bispotting fan 'e big boss, wylst konfrater L.V. trou wurket neffens in tige biheind en skematysk ekserpt fan datselde boekje.
Foar it oare blykt út Wadmans opmerkingen dôch in stik misbigryp tsjinoer it kristendom. Hy mient blykber dat syn wurk yntelligint, oprjocht en djipdollend genôch is om troch elkenien synjalearre to wurden, ek al wurdt de strekking derfan net akseptearre. Men woe hawwe hy soe sa njonkenlytsen better witte: foar kristenen binne Wadmans yntelliginsje, earlikheit en de earnst dy't er makket mei syn kunstnerskip folslein yrrelevant; hwat telt is de fraech oft er útforkard is, en dat is er perfoarst net. Hy is, it heart cru mar it is de wierheit, in fan ivichheit oant ivichheit fordomd heiden. It is net oan 'e oarder oft Wadman (yn syn boeken) gelyk of ûngelyk hat, it giet derom oft hy yn God leaut. Hwant allinne dy't yn God leaut kin wiere en wichtige dingen sizze. (De freze des Heare is it bigjinsel fan 'e wysheit). De miening fan in heiden kìn net oars wêze as fout; en dat is dan ek de reden hwerom't Wadmans boeken net troch it FD bisprutsen wurde. Wadman is fallen út Gods hân en suver kristlik bisjoen bistiet hy net iens. Dat hy fan it FD tekst en útliz freget oer it net-resinsearjen, moat men wol oanmerke as in stik bilachlike heidenske forwaendheit. (‘Hwat tjirget him 't forwoeden heidendom, hoe slacht de folken d' ydlens nei de holle’).
Ik (sei de gek) hjirfoaroer bin wòl skreaun yn it boek fan 'e libbenen en it is allinne dêrom dat de lêste ûntdekking fan it FD, de Kritikus by de Graesje Gods, de hear L.V., myn wurk wol yn syn eachweid bilûkt. Net dat er it resinsearret, hy mislediget my allinne mar. (Sjoch Minskrotten-Rotminsken; sjoch ek it FD fan 30 septimber, hweryn't L.V. mient dat er itselde fan my sizze mei as myn frou docht). Hoewol't ik dy mislediging net nim, en earstdeis as er it nochris flikt him in slach yn syn grifformearde troanje jow (dat him it wyt fan 'e eagen swart ûnder de soallen fan 'e sokken sit etcetera), is it bêst mooglik dat de Kritikus by de GG my net mislediget om to misledigjen, mar om my op 'e goede wei to helpen: hwa't de wei wol wit, mar him net biwannelet sil mei dûbele slaggen slein wurde. Hwant ik ken de wei, al bigear ik gjin weiwizer to wêzen en al haw ik oant nou ta allinne ‘rommel’ skreaun. L.V. seit it sels: ‘Hy wit de wei nei Him dy't de wierheit en it libben is!’ Al foar't de wrâld groundearre wie bin ik yn it Keninkryk der Himelen opnommen. Ik hear derby en ik skriuw my der nea út wei, al doch ik it noch sa mâl, mar Wadman skriuwt him der noait in kear yn, al docht er noch sa syn bêst. Dit is it iennige, mar ek it iennich bilangrike forskil.
Ofsjoen hjirfan liket it my ta dat Wadmans eask dat syn boeken resinsearre wurde neat mear is as in formeel op syn rjocht stean, as hy der alteast mei op 'e hichte is hwa't tsjintwurdich yn it literaire de skepter swaeit. It hat my ek muoid dat Tiny Mulder myn Fabryk net bisprekke mocht. Mar de nije profeet (hjir fan opfolger to praten soe misledigjend wêze foar Tiny Mulder) is wol sa'n literaire nul dat it my ûnwierskynlik foarkomt dat hwa ek bilang hawwe soe by syn oardiel.