Krityk yn it koart:
Skande skande sûnde sûnde
a.j osinga n.v. - boalsert, 1965
skande skande sûnde sûnde is, seit de titelpagina, ‘in samling fan meast net earder publisearre wurk út de quatrebras-groep’. de bondel forskynde as ekstra nûmer fan it frysk studinteblêd fryslân oereen’ en bifettet in ynlieding fan jo smit.
de lêste koe der wol hwat mei oan wêze, hwant hy fentilearret in stikmannich algemiene wierheden: dizze dichters wolle eat nijs; de lêzer moat sels mar priuwe en ûnderskiede; de fryske quatrebras-dichters hawwe as moderne dichters, ek ôfsjoen fan de tael, dochs eat eigens, dat biskaet is troch de regio.
dat eigene haw ik net fine kinnen. suver alle fersen yn dit boekje hiene ek troch dichters yn rio of mokum skreaun wurde kinnen en it is goed sa, it eigene kin men better oerlitte oan de propaganda fan de frysk nasjonale partij en de studearkeamer fan de folkloristen. de poëzij is dêr to goed foar.
in útsûndering moat men lykwols meitsje foar de fersen fan hessel miedema, dy't al dichtsjend forklearret tonei net wer yn de eigen tael skriuwe to wollen. hy hat der genôch fan en sjocht gjin heil mear yn it gepiel mei it wurdboek. hwat him oanbilanget, hat jo smit gelyk. soks kin allinne barre yn in dialekt dat noch mar troch in pear tûzen minsken sprutsen wurdt en fan in pear hûndert lozen. soks is typysk regionael. as aensens it frysk hielendal útstoarn is, dan sil hessel miedema to boek stean kinne as de figuer, dy't as earste de konsekwinsjes lutsen hat út it feit, dat de tael dêr't er yn skreau, net mear as kommunikaesjemiddel fungearre en in dialekt wurden wie.
ik ha der respekt foar, al spyt it my al, omt miedema jierren lang de sintrale figuer wie fan de quatrebras-groep, tige kritysk ynsteld, oaren ynspirearjend en seis poëzij skriuwend mei in eigen stim. dy stim wie fakentiden ironysk, brûkte de tael o sa direkt en hie boppedat hwat to sizzen, hwat sels foar in dichter net sûnder bilang is.
forgeliket men miedema mei marten brouwer, fan hwa't hjirre ek in pear fersen opnommen binne, dan is foar de lêste de poëzij folle minder in uteringsmiddel. brouwer syn wurk hat esoteryske kanten. hy hâldt fan frjemde wurden, riedseleftige symboalen en mysterieuze bylden. it gefolch hjirfan is dat it syn fersen dy't somtiden nijsgjirrige rigels bifetsje, oan dúdlikheit mankearret, eat hwat men fan miedema net sizze kin.
it wurk fan wybren veeman, fan hwa't fjouwer fersen opnommen binne, seit my suver neat. ek syn wurk mist de direktens fan miedema, in manko dat er net mei de yntellektuele fantasij fan in brouwer kompensearje kin. syn earste fers is it sykjen is boppdien ôfgryslik romantysk. it tredde, strafosear, is lykwols in bytsje geastich.
fan ella wassenaer binne fjirtjin fersen opnommen. der sprekt in sterke hertstocht út, dy't him uteret yn wurden dy't mei in stakkatoeftich ritme oaninoar fêst sitte. har bylden binne net tige origineel. de earste rigels fan b.g. l'inconnue de la seine oertsjûgje net en fansels moat hjir de ûnbikende fan de seine wer wakker romantisearre wurde. ik fyn har leafdesfersen it bêst; hjir sprekt har ûnderfining it dúdlikst, al hat hja hjir noch alris lêst fan retoryk.
prachtige fersen bifettet dit bondeltsje fan jelle de jong. doop,