Der hawwe to min lju nei Burgum west om wizer to wurden. Spitich, hwant hja koene dêr in mannich dingen leare. Yn it foarste plak, dat Shakespeare syn lichtere stikken, lyk as De tolfte nacht, kostlik binne foar de taskôger dy't ôfstimd is op it Fryske toaniel fan dizze tiid en it moderne wrâldtoaniel (televisy) anno 1966. Yn it twadde plak, dat it mooglik is in libbene, byldzjende oersetting fol eigen humor to meitsjen en dat it forstannich is de moaije reade bannen fan Kalma syn oersettingen foar de boekekast to biwarjen en Geart Jonkman to freegjen, oersettingen foar de minsken fan hjoed to meitsjen. Yn it tredde plak dat in treflike regisseur as pater Tobias Piron it formogen hat om in stik as dit fleurich, mei in feest fan kleur en biweging mar tagelyk mei alle mooglikheden foar de dialogen yn de lytsere scenes, op it iepenlofttoaniel to bringen. En hwa soe nei dy trije lessen net hoopje, dat Burgum de kop der foar hâldt en der op tidiget dat stadichoan folle mear minsken it troch krije, dat hja dit net forsitte moatte? As oerheitsjild foar toaniel earne goed oan bistege wurde kin, dan is it oan Burgum.
Mar hoe komt it dan, dat it iepenlofttoaniel yn de notaristún fan Jorwert altyd sa goed slagget? Soene de eardere drege stikken fan De Sweach of de Shakespeare-oersettingen yn Jorwert like folle bilangstelling lutsen hawwe as it tige loftige spul, dat hjir altyd fortoand wurdt? Dat is min to sizzen; it publyk út dizze omkriten sahwat kennende soe ik forwachtsje, dat it de fleurige stikken fan Shakespeare tige appresiearje soe, mar dat Brecht en Miller, as de Baerderadielsters de stikken spilen, de rin gau út de notaristún brochten. Yn alle gefallen: reden ta foroaring is der net, hwant Jorwert hat oant nou ta ûnder de plakken dy't geregeld iepenlofttoaniel bringe de funksje fan it spyljen fan it lichtfuottige genre. De Kulturéle Ried fan Baerderadiel nimt dy fleurige taek earnstich op. Der wurdt net socht om guodkeape suksessen, mar om stikken, dy't wol hwat nivo hawwe. De lêste jierren kamen de, tige goed troch Tabe Beintema oersette, stikken út Italië. Fan 't jier hat Douwe Tamminga Pieter Langendijk syn Don Quichot op de bruiloft van Kamacho oerset. Allinne dy oersetting makke de joun al ta in geniet. De dialogen - dy't op rym hâlden binne - jowe prachtige staeltsjes fan it linich brûken fan de folkstael mei treflike humor en forrassende effekten en it bisûndere is, dat Tamminga mei it stedfrysk (dat troch Sancho Panza, de skyldfeint fan Don Quichot, sprutsen wurdt) hast like fier komt. Dyjinge, dy't der west hawwe sille der wiis mei wêze, dat dizze oersetting troch De Terp útjown is.
De Jorwerters en binammen de regisseur Pyt van der Zee hiene nocht oan dit stik. Der wiene swakke plakjes yn de opfiering mar it fornaemste wie, dat de haedrollen, Don Quichot (Tjitte Piebenga) en Sancho Panza (Teake Wagenaar) sa bêst brocht waerden.
En sa bislute wy dizze kronyk dochs noch mar yn majeur. Problemen en fragen genôch en de wissichheit dat wy takomme hjerst op dit plak De Sweach, Burgum en Jorwert alle trije wer neame kinne, is der net hielendal. Mar soene wy it forneare kinne om op in stuit, dat de paperbacks fan de parsen rôlje, de Provinsje jild by de taelbifoardering opset en in spesiale amtner oansteld wurdt, it iepenlofttoaniel, krekt nou't it kwalitatyf yn de opgong is, in stap tobek docht?
PITER TERPSTRA