De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 332] [p. 332] A. Jousma: Mislearre Pygmalion Hy foun de foarmleaze klaei, hweryn dat antlit lei to sliepen en briek de chaos glimkjend mei tsjen longerjende fingers iepen. Mar 't freegjen fan it blinkend each, it lok jen fan dy reade mûle, al hwat er yn syn dreamen seach, bleau yn de swiere stof biskûle. Hy striek de linen roun en glêd, de foarm forglied fan 't iene yn 't oare. Sa socht er moarns en jouns, oant mêd de gleone dei yn nacht foroare. En doe - ynienen - glimkjend mei gewillige lippen briek it iepen út chaos fan de grize klaei en hy is glimkjend gien to sliepen. De oare moarns yn 't folle ljocht: twa kâlde, lege eagen stoarren as ûnbikenden - en him tocht, dat stive lippen gnizend narren. De hammer sloech de hurde klaei mei syn blier sin yn tûzen stikken, wylst mei it winnen fan de dei de dreamen fan de nacht forblikken. Sûnt - koartsich - brekt er eltse dei opnij de grize chaos iepen en longert, dat hwat leit to sliepen bistân tsjin 't moarnsljocht wêze mei. Vorige Volgende