| |
| |
| |
Wibe Bergsma:
To plak
De swiere doar slacht efter my ticht. De fuotstappen fan de man dy't my brocht, wurde slofkjend wei. De man op 'e brits komt stadich oerein en seit in groet. Ik stek de hân út en siz: ‘Namme is Pasinski’. Hy grommelt hwat werom en bisjocht my op en del. ‘Pasinski?’ preuvelt er, ‘Rus? Poal?’
‘Poal’ siz ik. ‘Fordomme’, seit er, ‘minder kin 't ek net, wol?’
Ik helje de skouders op en sjoch freegjend, mar hy seit neat mear. Mar ik snap sa wol hwat er bidoelt. ‘Kin net helpe’, siz ik noch, mar hy jowt gjin azem.
Ik nim de sel op: twa britsen, twa stuollen, húske-amer yn 'e hoeke, in plankje mei twa, trije boeken. Ik rin nei de brits dy't frij is, dat sil mines dan wol wêze, en gean sitten, de holle yn 'e hannen. Ik sjoch nei myn buorman en glimkje, mar hy stoarret by my lâns. Moat ik hwat sizze? Hwat is de code fan finzenen ûnder inoar?
Ynienen sjocht er my lyk oan. ‘Hoelang’, seit er, ‘en hwerfoar?’
‘Tsien jier’, siz ik, ‘ha deaslein, frou en man, mei hammer, oaren stikkene holle, mar net slim’.
‘Hwerom?’ freget er en hy sjocht my mei bilangstelling oan. ‘Se laitsje altiten’. It liket oft der efkes in glimke op syn antlit trochbrekke sil, mar hy forskuord syn mûle en syn eagen wurde great fan eangst en sjogge nei de doar.
‘Net bang’, siz ik, ‘doch neat mear, 'k sil sizze, harkje mar’. Hy skodhollet en wart ôf mei de hannen, ‘leaver net’.
Ik pak mar in boek, lyts mar wol dik, der sit in brún omkaft om. Der is net folle yn lêzen, sjoch ik en ik freegje: ‘Net moai?’
Nou laket er al, hurd en spotsk. Dan knikt er en seit: ‘Dat? Dat is it moaiste boek datst mar to pakken krije kinst. Jow ris oer, dan sil 'k dy hwat sjen litte. Ik siz: “Né, kin net lêze dit, kin wol lere, tsien jier nou?” Hy laket, mar sjocht dan skruten, mar ik laitsje werom en stek him myn hân ta, dy't er grypt. Ik bin lokkick. Hy is myn freon. De earste.
“Pasinski”, seit er dat is in gekke namme, dêr sit hwat yn fan geduld en fan pasjint, nou dat komt hjir wol fan pas, beide wol’. Hy laket sêft en kloppet my op 'e knibbel
Sa lokkich as hjoed ha'k noch nea west, in frjemd wurd einst, it is gol en fleurich, it slacht dûbeld yn 'e mûle, as it laitsjen fan mem, lang lyn. Né, net tinke oan doe, dat is foarby, ik
| |
| |
gean lizzen, langút, en doch de eagen ticht, ik bisykje oan hwat oars to tinken, mar it forline kringt op, ik lit it oer my komme, in floed fan eangstme en fortriet, mar it liket nou oars, fierder ôf, net fan my sels.
It is frjemd, gjin trije moannen lyn koe ik it wol útskreauwe fan kleare binaudens. Altiten moasten se my to pakken hawwe, altiten sochten se krekt my. Miskien wie it allinne mar in sykte, in foby, forfolgingswaensin. As der lake waerd, kearde ik my gysten om, de fûsten ré om der op to slaen. Mar myn bileagers wiene sa handich. Se seagen my net oan, se laken mar hwat, de hurde, rjochte rêgen nei my ta en hwa slacht op in rêch yn? It laitsjen hie gjin gesicht, mar it bloed sloech my read yn 'e holle, wylst myn fuotten as ankers to plak bleaune, né, net as ankers, it wie domwei machteleazens, ik koe gjin foet forsette. Oeral hwer 't ik kaem waerd lake, op it wurk, op 'e dyk, by myn hospes. ‘Hwerom laitsje’, frege ik en dan laken se de helte hurder en wiisden nei myn foralterearre antlit. Se stompten my tsjin it skouder en sloegen har sels op 'e knibbels, roungear fan 'e wille, hahahaha, skatteren se, de koppen rounen read oan.... ‘Sviente Maria, Mem Gods’ lústere ik, hâld my fêst.
It moast him dochs oan my lizze, ik socht werom yn myn ûnthâld, oft it eartiids ek sa wie. Miskien hie ik altiten oars west as de oaren, tocht ik dan. Mar ik koe gjin bylden foar my krije, as dat fan dy kear dat ien fan 'e jonges, by ûngelok?, in stien goaide, in roune wite kidelstien, dy't my oan 'e foarholle rekke.
Ien momint most ik stien ha as Goliath, doe bigoun ik to draven, wylst triennen fan pine my oer 't antlit rounen en myn stim fan razernij heech skreaude. Mar de skimige postueren foar my wykten gjin stap tobek en doe hearde ik boppe myn eigen razen út, it laitsjen. Ik roun as tsjin in muorre, fuort wie myn heet, ûnwillekeurich taestten myn fingers nei myn holle. Hwer't har fingers wiisden, woechs in hurde bûde as in heal aei. Fortriet sloech yn my del as in stjalpige maitiidsrein, myn fuotten founen as fansels it paed nei hûs.
Ik knikte de man ta en sei mar wer ‘Ik wurk sykje, kin dat?’ Hy glimke my fleurich ta en biseach my op en del. Doe skuorde er in laed fan syn buro iepen en kaem mei in formulier foar 't ljocht dat er my taskoude. ‘Wolle jo dat efkes ynfolje?’ Ik skodholle. ‘Kin net lêze’.
‘Net lêze?’ Hy seach forwûndere en ik fordúdlike ‘Kin net Hollânsk lêze, net sa bêst’.
| |
| |
Hy brimde efter út de kiel en pakte in pinne, wylst er it papier nei him tahelle. ‘Dan mar togearre’, sei er en wiisde fan my nei himsels. Ik knikte, ‘Toi jest dobze.... dat is goed’.
‘Jou namme?’ Ik helle myn papieren út 'e bûse en joech se him. Stadich blêdde er se troch en biseach my nochris nijsgjirrich. Doe folle er yn. De pinne kraste.
‘Sa’, sei er nei in minút of hwat ‘dat is klear, wolle jo hjir efkes tekenje?’ Ik tekene.
‘Hwannear wolle jo bigjinne’ frege er. ‘Nou as 't kin’, sei ik. Hy seach op syn horloazje en knikte. ‘Kom mar mei!’
Nei de stilte fan it kantoar foel it lawaei fan it fabryk as in lawine oer my hinne. Hy seach myn antlit en sei guodlik: ‘Dat went wol, hear’. It wie in aerdige man.
Ik seach nijsgjirrich om my hinne. Bihalven dat lawaei, wie it moai. De rook fan tzèwo.... hout.... as thús, it libbe hjir. In man mei read hier seach efkes op en trape doe op it pedael fan syn mesine. Yn syn hân hie er alwer in smel plankje. Ien biweging en in traep, de mesine rattele. In kistke dindere oer de bân, hwer 't in oare man stie om it nei to sjen. De steapel oan de ein wie al aerdich heech. Ik soe wol net in mesine krije, tominsten earst net.
Wy rounen fierder. In man yn in grize stofjas. ‘Dat is menhear Horstman’, sei de aerdige man. ‘Hy moat sizze hwatstû dwaen moatste’. Ik sei dat ik it bigriep. Hja rounen togearre in eintsje fuort en praetten. Ynienen lake Horstman, lûd, net fleurich. Hy seach om nei my en lake wer. Die ik hwat? Ik gie rjochtop stean en glimke.
Hy winkte en togearre gyngen wy fierder. By in klok bleaune wy stean. Hy naem in kaert en mei in breed, plat potlead skreau er myn namme. Fout. Mei twa a's. Paasinski. Ik sei mar neat.
De kaert gie yn 'e klok en hy helle de handle oer. 9.45 stie der op 'e kaert. ‘Sjoen?’ Ik knikte. ‘Tolve ure, klik’, en hy makke it gebear as die er it nochris. ‘Ien ûre, klik!’ Ik hie it bigrepen.
Hy brocht my troch in loads, hwer't hout op steapels lei. Doe wiene wy bûten. Twa mannen losten in skip. Pakjes fan tinne plankjes laedden se op in karke en rieden it de loads yn.
‘Rin mar efkes mei’, sei Horstman, ‘dan kinst sjen hwer't it hinnegiet, dit wurdt dyn wurk, snapste?’ Ik sei fan ja en helle myn shag út 'e bûse. ‘Hohoho’, sei er, ‘hjir mei net smookt wurde, allegear hout’. Kjel seach ik op. ‘Net lilk wurde’. Hy glimke net. ‘Jow it my’, sei er ‘koest it ris forjitte’. De man efter it karke skodholle. Hwat moast ik oars?
| |
| |
Waerd it ljocht yn Horstmans eagen wreed, doe't ik it him oerjoech? Ik naem de karre oer en treau. Ik die myn bêst, de oaren hiene sein, hoe earder it skip leech, hoe heger de fortsjinste. Doe't ik de lêste karre fuortbrocht, draefde Hindrik al nei de klok om ús kaerten ôf to stimpeljen. In kertier binnen it skema, dat wie in goune ekstra. Ik wie bliid.
De skille foar de kofje gie. Mei de beide oaren roun ik nei de kantine. Elk hie in flesse kofje en in pakje mei bôlle yn 'e hân. Ik hie neat, dêr moast ik moarn om tinke.
Ik gie net foarby. Fan de mannen krige ik in stik bôlle en in slok kofje. It wie goed, hjir. Ik gie oerein. ‘Horstman freegje, myn tabak’ sei ik. Hindrik hâldde my werom. ‘Freegje dan fuort efkes oft er Jet al bitelle hat’. Ik knikte, bliid dat ik hwat werom dwaen koe. Kromme Wees draeide syn gesicht ôf. Lake er? Horstman kaerte. Mei trije oare mannen yn stofjassen. Wrantelich seach er op, doe't ik syn namme neamde. Hy forlear seker. Ik frege myn tabak en sei der fuort efteroan dat ik sizze moast oft er Jet al bitelle hie. De oaren bigounen bolderjend to laitsjen. Myn eggen sochten helpleas Kees en Hindrik. Dy stiene by in oar taffeltsje en laken. It laitsjen rôlle troch de seal en alle eagen seagen nei my. Hie 'k it forkeard sein?
Ik seach nei Horstman. De haet fûnke út syn eagen. Read wie syn holle en stammerjend graude er: ‘Rotsak, fordomde rotsak’. Hy reage syn kaerten oer de tafel en mei in pear stappen wie er troch de doar. Helpleas seach ik om my hinne. Oeral laitsjende gesichten, dy't op my ta kamen. ‘Goeije grap.... skuor my de bûsen út.... dy koe er opfrette’.
Fan fierren kamen de wurden op my ta. Soe er nei de chef gean? Aenst stie ik op 'e dyk, hwat dan? Mar se kloppen my op 't skouder en troaiden my mei.
Ut it magasyn wei krige ik in mlotek.. in hammer.., hwer't ik foar tekenje moast. Ik stiek 'm tusken de riem, as de oaren en gie nei de rinnende bân om de kisten út 'e mesine wei to kontrolearjen. It gie to stadich, ik koe de stream net forwurkje. De kisten dy't ik noch net neisjoen hie, sette ik apart, it waerd gans in steapel. - Aenst ûnder kofjetiid mar efkes - tocht ik. Mar dêr stie Horstman neist my. ‘Hwat ha wy nou!’ sei er falsk, ‘menhear docht it him wol oan tiid. Woestû sa de kost fortsjinje?’ Ik bisocht noch ‘Under kofjeskoft....’, mar hy raesde: ‘Greate bek, dat wol, mar it wurk, ho mar. Dit sil de baes wol witte wolle’.
Ik hie in binaud healûre. Iderkear seach ik op oft Horstman
| |
| |
en de baes al kamen. Ik suchte forromme, doe't de skille foar de kofje gie. Nou hie'k noch in kâns. De mesines swijden, it waerd stil yn it fabryk. Jachtich wurke ik troch. De steapel mindere by de minút. In kertier letter as de oaren kaem ik yn 'e kantine en skikte oan it taffeltsje by Kees en Hindrik.
‘Wie justerjoun by Jet, forgese reis, se wie net by de tiid, takom' wike mar werris bisykje’.
‘It is dochs biroerd, dat in âlde kromme fint as dû, him mei Jet bihelpe moat’, gnyske Hindrik. ‘Hoe hastû dat’, frege Kees, ‘dû bist ek frijfeint’. ‘Dy?’ Hindrik wer. ‘Dy moat himsels wol helpe. Net in wiif, dy't in Poal ha wol’. Hy lake en stompte my oan. Ik soe him de harsens wol yn slaen wolle, mar ik gie oerein en roun werom nei it fabryk.
Noch krekt seach ik dat in man myn hammer pakte en der mei fuort stiek. Ik draefde him efternei en griep him yn 'e kraech. ‘Jow oer mlo.. hammer’, sei ik. ‘Dyn hammer’, sei er laitsjend, hwa seit dat, woest dochs net sizze dat ik 'm stellen ha wol? Ik joech him in trewinkel, it stik ark foel op 'e groun. - Ik soe it joun meinimme moatte, lizze litte wie net fortroud. -
Letter siet ik allinnich to iten. Sûnder in wurd skuorden se de stuollen by my wei. Se kôgen, praetten en laken bûten my om.
De strjitten wiene leech en forlitten. In stadige rein trochweakke myn klean. Myn fuotten waerden wiet. Huverich sette ik myn kraech op. Hjir en dêr wie in forljochte finster hwer't ik yn sjen koe. In man mei in krante en in frou dy't mei naeijen pielde. - Fierder yn 'e stêd binne de forljochte winkels. In winkel sûnder minsken is dea. - Ik bleau stean foar de yngong fan 'e bioskoop. De foarstelling wie al bigoun. In jonge en in fanke giene noch hastich troch de glêzen doarren, sûnder dat se elkoar loslieten. Ik stie yn bistân om dêr ek yn to gean, mar it wie in Frânske film en de ûnderskriften koe ik ek net neikomme. Doe't ik fiif stappen fierder wie, kearde ik om en gie dochs de bioskoop yn. De waermte allinne al wie woldiedich. In man yn unifoarm biskynde mei in bûslampe myn kaertsje, roun nei foaren troch de healtsjustere seal. Doe't ik my deljoech staette de hammerstâl fûl tsjin myn bil. ‘Oi’, rôp ik, mar de flok dy't der op folgje soe, slokte ik healwei yn. Efter my waerd gniisd. Ik doarde net om to sjen. Ik fielde dat it bloed my nei de holle stiigde. Hoeden forskoude ik de hammer, sadat er hwat nofliker siet. Mei de rjochterhân hâldde ik de stâl fêst, dy't waerm en fortroud oanfielde.
| |
| |
De waermte yn 'e seal bifong my, ik die alle war om de eagen iepen to hâlden, mar it wie in striid omdoch. Stadich sakke ik yn in lichte sliep.
De mesinen hammeren om my hinne. De sinne skynde troch de ruten, stofdieltsjes dounsen yn 'e ljochtbanen, de harsige rook fan hout hong yn 'e romme hal. Kiste nei kiste rôlle op my ta. Fluch giene se troch myn hannen. Der wiene net folle, dy't bywurke wurde moasten. De steapel oan de ein fan 'e bân waerd heger en heger. De man oan de ein hie de hannen fol om alles to plak to krijen. ‘Klets’, sei de mesine en alwer in kistke rôlle op my ta, it dindere oer de rôllen fan 'e bân, hwer't de sinne fûnken út sloech. Súntsjes foar my sels núndere ik in ferske. - It giet moai - it giet bêst - hup, alwer in kistke -. - Hout is earlik - hout is waerm - hout rûkt libben - is noait kâld - Hup, alwer in kistke. Ik lake om my sels, om dat gekke ferske. - Se moasten my ris hearre, hwat soene se laitsje.
Ynienen waerd it tsjuster yn 't fabryk. It wie as skouden der tongerwolken foar de sinne. In broeiske waermte hong om my hinne. It himd plakte my op 'e rêch. De mesinen ketsten fijandich. Hurder en hurder rôllen de kisten op my ta, oan alle kanten stieken de spikers der ta'n út. Myn hammer klaude as in wyld, mar it joech my neat. De bân stoppe op. Donderjend sloech in kiste tsjin 'e groun, wer ien, wer ien.
Dêr kaem Horstman oan en efter him de oaren, ien lange rige. Se foarmen in greate kring om my hinne en wiisden nei my. De fingers stieken my yn 'e rêch, yn it boarst, oeral. Horstman slûpte fan efteren op my ta, ik fornaem it wol, mar ik wurke troch, ik soe him sjen litte hwat ik koe. Hy lei syn han leadswier op myn skouder en lústere: ‘Hé, Paasinski, hoe hastû dat -dochs!’ En de oaren rôpen: ‘In Poal, in Poal, in Poal, net in wiif dy't him ha wol!’ It laitsjen barstte los, it lûd brûsde oer my hinne as in orkaen. It gûlde yn myn earen, pripte yn myn eagen. It naem my op en sloech my del. De gesichten om my hinne stiigden en daelden, de mûlen fier iepen, de eagen heal ticht en hieltiten dy fingers. Hahaha!
Doe knapte der hwat yn myn harsens, it waerd read, oeral read. Ik smiet my om en ûnderhelle de hammer, wer en wer. It laitsjen naem ôf, ik raesde triomfantelik, doe't ik de eangst fan myn bileagers rûkte.
Hannen griepen my fan efteren fêst. In izeren fûst bûgde de hammer los. Ljochten skeaten oan yn it tsjuster. Oer de stoel foar my hong in man. Syn holle wie stikken. Op 'e flier in reade rok en in bleate skonk dy't der frjemd ûnderât stiek.
| |
| |
Myn mage kaem omheech, it wie oft myn eagen brieken. Doe wie der neat mear.
Fan fier ôf komt it lûd fan 'e skille en fuort is der in hân, dy't my wekker skoddet. ‘Der út jong, oerein!’ Sleau doch ik de eagen iepen en nim ûnwennich de lytse romte op. ‘Lekker sliept?’ freget myn freon. Ik glimkje forûntskuldigjend. ‘Koe better’.
‘Tiid’, seit er myld, ‘dan slyt it wol’. En dan, yn in bisykjen my ôf to lieden, ‘hoe lang wennestû hjir einst?’
‘Heal jier’, siz ik en fuort der efteroan, ‘Poalen - Dútsklân, oarloch - wer Poalen, alles dea - Russen - nei 't Westen - Hollân - yn 'e kabine, de sel. Ik heevje de hannen yn in machtleas gebeart. Ik tink. - It is mislearre, soms hie ik it gefoel dat ik altiten flechte foar mysels. - Nearne koe ik lokkich wêze. Justerjoun ien koart momint, doe't ik wist, dat hy my bigriep. Mar nou is it wer oars. It moarnsljocht is kâld, de muorren binne grau. Myn klean fiele klam oan. Sa hat it altiten west. -
Ik sjoch op yn syn eagen. Se steane myld, dêr is wer hwat fan de sfear fan justerjoun. ‘As ik it goed bigryp’, seit er, dan bist in displaced person’. Freegjend sjoch ik him oan. ‘Ik bidoel, datst gjin plak hast, fordreaun fan hûs en hiem, in skip sunder haven!’
Dêr moat ik in skoftke oer prakkesearje. ‘Gjin wdomu, gjin thús, gjin plak’, lústerje ik. Hy giet oerein nei de kanne mei wetter yn 'e hoeke. Hy nimt in stik sjippe en bigjint himsels to waskjen. - Frjemd einst - tink ik, - twa mannen, dy't sa togearre binne. -
Ik gean oerein, nei him ta. ‘Dû seiste, ik hie gjin plak - skip sûnder haven - dû hast ûngelyk!’ Ik wiis om my hinne. ‘Dit is myn wdomu, myn plak, myn thús!’
Hwat laket er frjemd troch it sjippeskûm, syn mûle forkrampt, syn knikkert hipt op en del, hy slokt hwat. ‘Donderje mar hwat oan’, seit er heas, ‘ik sil dy 't lêzen leare!’
|
|