De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 323] [p. 323] [Nummer 9] Jelle de Jong: Drylts wy binne de dryltsers de oanhâldende minsken dy't de dearinnende diken opdrave oan beide kanten fan 'e ie-grêft yn 't helpleaze deiske hopende dat de idéalistyske fisken net stjonke dat de ûnderwetterske moude net boarrelt en hast twongen om in skilderstik fan 't stedtsje to meitsjen en in wenning to bouwen yn 't taskôger wêzen. [pagina 324] [p. 324] Kampeare ik haw neist dy oan 'e mar lein op in loftmatras leafde ús lichem hat jubele by de muzyk fan it draechbere radio de dûbeldakstinte wie ús breidsseal wy hawwe swommen yn 'e grienens fan 'e berchmar wy hawwe preaun fan 'e druven út 'e bidelte yn it exoatyske berchdoarp lei de sinne op 'e rêch oer de dyk yn ûnmacht fan lok de dei wie in smoute causeur de nacht in gastfrij keslein wy boarten in godlik spul dyn lichem kaem krekt út 'e hân fan 'e bakker waerm en to gnidzjen dou wiest it daei en ik wie de gnidder dou hiest nea noch kampeard dou wiest de ûnskuld en ik wie de trou hwant op 'e weromreis doarsten wy beide de sinne en de moanne noch lyk yn 'e eagen to sjen Vorige Volgende