| |
| |
| |
S.J. van der Molen:
Kontrasten
‘'t Kan verkeren’ (Brederode)
Hwat wied er yn syn jonge tiid
Hy maelde net om pliich en siid,
mar joech him foaroan yn de striid:
Hy flokte yn syn wylde kunst
en hie de gek mei boargergunst:
Hjoed ha 'k him op 'e byldbuis sjoen,
gewichtich yn 't journael.
Der waerd in sjike gala-joun
foar d'arrivearre kunstner jown,
De Eksellinsje wie presint,
en hat mei glim en bûgemint
de gunst'ling ridderslein.
Hwat wied er yn syn jonge tiid
Hwat siet der yn syn wurd in piid,
hwat joech er him yn stoarm en striid!
Ja, lôgjend wie syn kleur.
In iepen himd, in kop mei hier,
sa hie hy oan 't gesach it mier
Bringt nou de krante syn portret,
men leaut jins eigen eagen net
sa't hy him sûnt foroare het
In streekjebroek, in swarte jas,
in stim dy't kâld doseart.
Kompleet mei diplomatetas:
| |
| |
Hwat wied er yn syn jonge tiid
Hwat lei er yn de Fryske striid
de doelen heech, de swetten wiid,
hwat spriek er enthousiast!
Hy wie it alderearst yn Warns,
Gjin oaren dy't dy freedtomoarns
sa tsjin de kneppels focht.
Sûnt bin' in jier of hwat foarby.
Hy komt net op Biwegingsdei,
it Klif dêr bliuwt er ek al wei
en 'k mis syn moedich praet.
Dan seit ien: ‘Skriuw dy fint mar ôf’,
‘Dy greate strider wennet nou
| |
| |
| |
.... Seit pake
Hwat wurdt it hjir nou allegearre frjemd, seit pake,
ik ken it doarp sa stadichoan net mear.
Hwer bin' de skaden keard fan 't hege beamt, seit pake,
lantearnepeallen bloei je nooit in kear...
Hwat wurdt it hjir nou allegearre oars, seit pake,
de wiken damme en de feart skielk ticht.
Der komme bedtsjes mei fioel en roas, seit pake,
mar 't moat àl wenne, 't bliuwt in frjemd gesicht.
Hwat wurdt it hjir nou allegearre heech, seit pake.
Fabriken brûze suver út 'e groun.
Mar 'k ha forlangst nei d'âlde tsjerkesteech, seit pake,
en mei in maet hwat prate op 'e joun.
Hwat wurdt it hjir nou allegearre great, seit pake,
in slach de buorren om, dat kin net mear.
En koe it àl, gjinien seit mear in wurd, seit pake,
hwant elts is langer mùffrou en menhear.
Hwat wurdt it hjir nou allegearre drok, seit pake,
it fljocht en draeft de hiele dei mar oan.
Is dit nou hwat men neamt it greate lok? seit pake.
Jow my dan mar in iere stille moarn.
Hwat wurdt it hjir nou allegearre sjyk, seit pake,
mei skouboarch, tennisbaen en moadesjou.
It is hjir sneins in spultsje fan bikyk, seit pake,
it bylket gâns, mar 't ynhout falt faek ou.
Mar 't wurdt hjir allegearre nou wol ryk, seit pake,
gjin winkelman dy't net forbouwe lit.
Der komm' ek bungalows, in hiele wyk, seit pake,
hwant dy't it breed hat 't ek breed hingje lit.
Ja, 't wurdt hjir allegearre nijerwets, seit pake.
It Bokkepaedtsje hjit nou Beukenlaan.
Hja spylje hjir ek wakker fan dy jets, seit pake.
As dat spul útkomt, jow dan mar rom-baen!
| |
| |
Hwat wurdt it hjir nou allegearre djûr, seit pake,
elk hat mar tillevizy op syn flet
en sit prinshearlik oan it greate stjûr, seit pake.
As 't kin is 't moai fansels, mar 'k wit it net -
Ja, 't wurdt my allegearre hjir sa frjemd, seit pake,
gjinien hjir op 'e buorren ken jin mear.
En wurdt in âlde man dôch noch ris neamd, seit pake,
dan is 't by 't krantsjen. Foar de lêste kear...
| |
| |
| |
Singsangsong
'k Haw hjoed in heurich, fleurich sin,
'k lit my fan 't wyntsje driuwe.
Hwat maelt my langer wrâlds birin
en hwat de kranten skriuwe?
Dy sette dôch de swartste bril
Mar ik sjoch troch in sinne-bril:
't Komt ommers altyd oars.
Samar in sankje, samar in liet.
Lok op in bankje. Fuort dou, fortriet!
'k Kin dy net brûke, 'k bin noch to jong.
't Libben is sinne, hwat sing en hwat song.
Samar in wyske, mei in refrein.
Preemje en pryske, fleur sûnder ein.
Samar hwat noaten, samar in wurd -
Joast mei it witte hwat it bitsjut.
Tralalala, tralalala, tralalala, tralalala!
Ik wit it skoan: jim' woene ek
sa wolris skoaltsjeskûlje.
Mar och, dat doare jimme net,
Al hjitte Friezen altyd frij,
Mar my lit hjoed dy maetskippij
Moarn menear bolle, moarn juffer kou!
Middei boerinne, hoe giet it mei jo?
Dei lytse blomkes, hjir yn myn tún.
Hé, greate sinne, hwat bakst se wer brûn
Ah, boargemaster, tige nei 't sin!
Goeije, Jan Bakje! Dach geit en dach hin.
Tige de groetnis, it giet jim' mar skoan -
'k Kom as ik rut bin, wolris wer oan.
Tralalala, tralalala, tralalala, tralalala!
| |
| |
| |
De grize oer de grouwe
Né, ik doar sa net de nacht yn,
'k bin yn 't tsjuster pûrbinaud.
Hwa wit hwat ik op myn bêd fyn,
hwat dêr op 'e gong omsjout.
Yn 'e kleankas efter 't linnen
hear ik hieltyd immen stinnen.
(En ik haw sa'n ding nea hawn!)
Och, hoe moat ik hjir mei oan?
Hoenear wurdt it einlings moarn??
Né, ik doar jouns net allinne
mear by tsjuster oer de dyk,
hwant dêr moat in skepsel rinne:
Wylst op 't hoekje fan de leane
trije bonkerakken steane.
Ek bin ik it hast bistoarn
dy't ta deadeswing my twong
mei de skyn fan boer De Jong.
Frjemde lûden oer de lannen,
divelsk laitsjen yn it rom,
geasten mei har klamme hannen
skaeije yn djippe kelders om.
Deaden wrotte yn har kiste,
sjammen gûle lûd: haver biste?
giet it der pas goed om wei.
Swittend, hymjend raes ik: Frou!
Set dat Hitchcock-rotding ou!
| |
| |
| |
De hytste band fan hoitebuorren
Jim' hoege foar in nûmer echte jes (yes!)
tonei net mear alhiel nei (de) V.S. (‘King’),
jim' kinne nou op Fryske groun ek klear
mei 't beatorkest fan bandboss Jats de Beer.
Springt hy as ilestyk sa los der foar,
dan raest de hiele tinte as in koar (hatsekedoar!):
Dit is de hytste band fan Hoitebuorren,
dy spilet skuorren yn de swierste muorren,
giet radikael finael troch alle fluorren!
Wy ha to uzes langer gjin forlet (flat)
fan Liuwe Armstrong mei syn baes trompet (pet!)
wy sette Ellington, al is er djûk
figuerlik yn syn nylomûnderbroek (himd)
en Ella, Beezy, Dizzy en noch mear
bin' fan 'e kaert by 't meunster Jats de Beer (dy-giet-to-kear!)
Dit is de hytste band fan Hoitebuorren,
dy spilet skuorren yn de swierste muorren,
brûst radikael finael troch alle fluorren!
By 't jongfolk hawwe wy it meast sukses (seks)
Mar ‘Avondrood’ is ek by ús op les (dy pake!)
ja, 't eptige kolleezje fan Gee Es (hwatsei?)
docht stikem op 't Provinsjehûs oan dzjes (Gerbrandy?!)
Al is ús perspektyf net ‘kulturiel’,
it âld skier lân krijt wer in jonge siel (fan pypkeniel)
Wy bin de hytste band fan Hoitebuorren,
wy spylje skuorren yn de swierste muorren,
gean radikael finael troch alle fluorren!
| |
| |
| |
Brommerich petear
De anti:
o skrik fan paed en strjitte,
as troch dyn helske macht
ik út myn jounrêst skrilje
de glêzen der fan trilje.
Forwoechsen stik technyk,
dyn driging nea to kearen?
Hwa neamt to wrâld m'ien ding
noch slimmer, lûder, stommer
dat pleachbist fan in brommer?!
De pro(vo):
o frucht fan tûke tinkers,
hoe draechst my rêd en sjyk
oer tegels, asfalt, klinkerts.
Produkt fan hân en brein,
o útkomst foar de bodders!
Hwa maelt om stoarm en rein
yn 't leger fan de skodders?
fan pûsten, hymjen, switten.
De wrâld wurdt great en wiid,
Foel oars in reis my lang,
nou siz ik greatsk: ‘ik kom 'er.’
dou, pronkstek fan in brommer!
| |
| |
| |
Dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal
foar de kwalen fan ús al to drokke tiid?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal
mei in drankje tsjin de oergunst en de niid?
en ek mei pillen (lealst in boel)
foar hwat minskelik gefoel (in dripke wier gefoel)?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal
foar de kwalen fan dit lytse heitelân?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal
mei hwat poeijers tsjin gekreau en ûnforstân,
En mei drankjes (net to min!)
foar mear frije Fryske sin (in kromke Fryske sin)?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal
foar de kwalen fan dy greate domme wrâld?
Is der in dokter yn 'e seal?
Is der in dokter yn 'e seal,
ien dy 't ús sizze kin hoelang dy wrâld it hâldt?
Is dêr in dokter? Kom dan, kom
mei in middel foar de bom (de alderlêste bom)!
IS DER GJIN DOKTER YN 'E SEAL?
| |
| |
| |
Hwat biweging
I. Bûtenfries
Yn Hollân fiele ús rinteniers
Klaes neamt syn boot dêr Swel of Skries
en Murk lêst Frysk en Frij.
Hja reizgje nei de krite ta
(it Frysk is dôch sa moai).
Mar al hoe leut hja Fryslân ha,
hja stjerre lealst yn 't Goai.
| |
II. Es ist erreicht
‘Hwer sil men noch foar stride?
Skras my mar troch', skreau Ide,
twatael'ge buordtsjes krige.
| |
De greate reportaezje
Om in fiifling of in brân,
om in moard yn Gasterlân,
om in ûnk op d' Ofslútdyk,
om in derten doarpskassier
mei de bank-aep oan 'e swier,
om in âlderling-falsaris,
om in selde slach notaris,
om hwat krimineel en smoarch is
en út Makkum, Snits of Noarch is
(Visvliet, Runerwold mei ek:
boppe Swol komt 't net sa krek),
komt it lân fan Murk en Goasse
wurdt der ek om Fryslân tocht.
| |
| |
| |
Dideldomdeine
I. In mennich nije sei-spreuken:
‘Geen propaganda!’ rôp in hear yn Drachten en doe miende er it Halbertsmadeklamatorium.
‘It moat der mar jong yn’, sei de juffer en doe learde hja de beukers fan ‘drie kleine duifjes’.
‘It is my langer in spul mei dat “klimaet”’, sei Baeije en doe tikke hja op it waerglês.
‘Men moat hwat dwaen om jins namme’, sei de sakeman út Stiens en hy sette ‘Holland’ op syn kisten.
‘Superheechkonjunktuer’, sei de baes en doe joech er it folk in daelder opslach (en dat wie menear Holtrop noch to grou).
‘Ik hald fan de natûr’, sei de jager en doe skeat er sawn petrizen dea.
II. Efkes in boer litte:
De Fryske twataligens? Hollânsk op 'e skoalle en Frysk op it skoalleplein.
In Frysk foefke (dat it altyd wer docht): set pake yn in swart rantsje en hy wurdt ynienen ‘grootvader’.
Hwer't de Fries by opsjocht? By de Hollanner dy't Frysk leard hat? Né, by ien dy't it net leard hat en dy't it ek net leare wol.
It idéael fan alle Doarpsbilangen: in nije lantearne yn in bungalowpark op in damde feart.
Fryslân? Dêr't it rapporten reint en subsydzjes dript.
Sakelunch op Lauswolt: honni soit qui mal y pânse.
Journalist yn Fryslân: wy sille de man in stoel jaen, mar hy hearde eins to biteljen.
As in Grinslanner oer it Noord'n praet, is it him ivich om himsels to rêdden.
Histoarysk matearialisme: kankerje op de hege leanen, mar sels formogensbilêsting bitelje.
Seit immen: ‘ik bin in Fries en...’, dan praet in freon. Mar seit immen: ‘ik bin in Fries, mar...’, nim dy dan towacht. Wiere leafde biheint him net.
Harsens hawwe is moai, mar it kin nuodlik wêze en lit dat skine.
De jeugd moat meur oan polityk dwaen, rôp de partijfoarsitter. Mar doe't hja in optocht hâldden, skille er de plysje op.
|
|