Jo Smit:
Ik hald fan taboewurden
Ik hâld fan taboewurden, dy't as snotnoazen op my ôfkomme, mei tichtknypte eachjes, mei heazige stimme, efter siken, en mei griemerige gebearten fan hannen. Ik wol de skriuwer der yn giisgobjen sjen, lústerjen en razen hearre, suchtsjen fiele en hymje. Ik wol dat syn tael as in taestber en ûnbidich orgaen foar my opriist, ik wol dat, as ik him lês op myn keammerke, hy my, út syn foar myn each beevjende letters in geast fornimme lit, dy't my skokt en fan syn blêdkanten út yn my op liket to skodzjen.
Ik hâld fan taboewurden, dy't út 'e ûnhuerste djipten fan 'e siele as loklûden oanstreamen komme, mei fettige weaging geil fuortspielend, oankommend, neijer, hieltyd neijeroan, plat en gemien, hommels forsmoarge troch grouwélige wurden.
Ik hâld fan taboewurden, dy't op my taspringe, op my oanfljogge, op my deldonderje yn in stoarmjende stjalprein fan fizens.
Ik hâld fan taboewurden, dy't spand en dunich binne as rêgen fan katten.
Ik hâld fan taboewurden, dy't derten en ritsich binne as in brodzich hinnehok fol fûgels.
Ik hâld fan taboewurden, dy't ik dêr stean sjoch mei har dridze as in kûle mei jarre.
Ik hâld fan taboewurden, dy't oer my sakje as in lúmske wâlm fan driften.
Ik hâld fan útdrukkingen, ody't rinne as rigen fan huorren mei brede skammels, yn rigen heupe oan heupe, hieltyd elkoar yn breder rigen opfolgjend, knip yn knip út, mei it gesnúf fan har joeiskens en it swiere hymjen fan har lusten. Ik hâld fan útdrukkingen, dy't klinke as stinnen út in bedsteed, mar trochkomme, opstige, opstige, krasser en mear, en wer ôfnimme en oanwinne en maertsk trochklinke tylsk yn it keammerke.
Ik hâld fan wurden, dy't hommels opkomme as fan hiel djip, goar tofoaren sjittend út in gat tusken twa skonken, of as swiere boarsten boppe oan 't liif bingeljend, djip út in wrakseljende, tyljende ôfgroun.
Ik hâld fan wurden, dy't my bikwitse as rinlivige protters, fan wurden dy't foarby sisterje as in migende merje.
Ik hâld fan wurden, dy't ik ynienen stean sjoch, as pisherntsjes of as iepensteande húskes.
Ik hâld fan wurden, dy't my út 'e rin fan 'e styl ynienen