Hwa is neffens dy de bêste Nederlânske cartoonist?
CORK: Yrrah, dy fint wurdt hyltiten knapper. Hy tekent ek oars, it giet by him net mear om in simpel figuerke, hy makket der in folsleine tekening fan. It cartoon foroaret trouwens. Sa't wy it nou noch dogge, sil it op 'en duer net mear bistean. En bipaelde ûnderwerpen hoechst ek net mear mei oan to kommen. Tv-grapkes bygelyks, dat hat west. Altiten dat skerm en dat kastje, dêr't minsken útstappe... Dat kinne allinne Wim van den Brink en Cor den Dul noch dwaen, mar dat binne dan ek de minste cantoonisten dy't wy ha.
Yrrah is de knapste seiste, mar dy hat oars net sa folle wurk mear. Het Parool bygelyks is mei him opholden.
CORK: Het Parool hat der in soad gedonder om hawn. Dat keardeltsje fan him is de minsken krekt hwat to grouwélich, mei dy kalkpoaten en sa, en hy tekene earst ek oer de dea, dat ûnderwerp is hjir fansels taboe. Yrrah tekent optheden yn Hollands Maandblad en Vrij Nederland. Mar it is wier, dat er lang net oeral torjochte kin.
Hwa is neffens dy de knapste bûtenlânske cartoonist?
CORK: Dat binne der mear. Hoffnung wie in knappen-ien, André François is goed en Siné is masterlik. Dat binne gjin cartoonisten mear, dat binne forrekte knappe kunstners. Yrrah hat wol hwat fan André François, deselde styl fan tekenjen. Yrrah giet dy kant hwat langer hwat mear út.
Dou seist niis, dat de dea taboe is yn cartoons.
CORK: Sex ek fansels en it leauwen. Dêr binne oars krekt de bêste cartoons oer to meitsjen. Ik bisykje it faek, mar ik krij se hast altiten werom. Lêsten wie der in briefke by fan de Neue Illustrierte: Dat en dat founen wy de bêste cartoons en dus nimme wy dy net. Ik bigjin it foaral yn Dútsklân to merken, dat myn wurk to skerp wurdt.
Jilde dy taboes bar dea, sex en leauwe foor alle lannen?
CORK: Dat is hiel forskillend. Yn Nederlân, België en Dútsklân kin suver neat. Yn Grikelân kin yn bipaelde kranten alles. Dat soest noait sizze, mar dêr kinst cartoons kwyt dy'st earne oars net publisearre krijste. De New York Times is der ek net sa binaud foar. En dan ha 'k noch Knight, She, dat is in frouljusblêd, mar dan aerdich progressyf, en King. Moatst ek net forjitte, dat der hyltiten mear kin. In jier of tsien lyn forskynde der in bondeltsje That's unprintable, allegear cartoons dy't wegere wiepen, mar dy soenen nou publisearre wurde.
Mar yn Nederlân noch net.
CORK: Gekke dingen kinne hjir net. As dat ris koe, dan soest hwat bilibje. Yndertiid hat der in periodyk west Alles mag,