De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 302] [p. 302] Jelle de Jong: De leste tsien minuten it spilet op in show-boat om fryslân Ik bin de man-mei-de-moaije-wurden-dêr't-jim- mem-sa-op-skold ik bin alles hwat raer is ik wol hwat graefwurk dwaen dyn woartels út 'e boaijem spitte myn earmen lâns dyn stâlle teare ik spylje noch ien kear in solo foar dy in ymprovisaesje kundigje dou it nûmer mar oan: dit is de show-boat fan lemmer nei lauwers oan board is it sirkusorkest fan tsjalhuzum hja spylje noch tsien minuten der is dus noch tiid en nou kin 't bigjinne: tsien minuten drumme tsien minuten slachwurk tien minuten hell wy dounsje in griene rokk 'n roll wy hawwe in kening en in bastrompet en hiele rychjes fotoos de âldste - dat bin ik ik bin de forrieder út archy and bell ik bin de opiumsmoker út baby-doll de sûper út heaven and hell ik bin de gemiene mar in show is in feest en dêrom mei 'k meidwaen ik soargje foar drama tragyk foar it slachwurk de tsjinmelodij' en de kakofony jimmy de giele arthur de swarte richard de slangedeader ik bin de Dieder [pagina 303] [p. 303] dou bast in maskeradepakje oan in sylboat en ik bin de teekner in roeiboat en ik lit my farkje myn dream is pepier de sliep is myn haven my heaven my dreamline noch tsien minuten? en wy lizze op 'e hichte fan harns? dêr is de poarte fan woarkum de oerstappershaven hjir moatstou oan lân en ik sjoch dy - hwer sjoch ik dy wer? ik sjoch dy wer yn 'e jazzband jimmy de giele (tink om it slachwurk) ik sjoch dy wer as in musical-lady arthur de swarte ik sjoch dy wer as De Vrouw Uit Het Oerwoud richard de slangedeader ik bin de Dieder pelysje (doek) Vorige Volgende