er oft er God sels is’, bis. 48). Hy is ek de oanfierder fan de swarte kloft, dy't ôfweeft mei Taire.
Taire wurdt op in nacht, mei in sek oer de holle en oan alle kanten boun, krekt sa lang troch it wetter fan in dobbe sleept dat er bilies jowt en taseit om tonei syn hannen fan Maria ôf to hâlden. Dit is it forslach fan it folksgerjocht. Soks kin barre op Sylt, yn Staphorst en op Sicilië. In kening wit fan genede; it folk net. As alles biteard is sa't de femylje it hawwe wol, komt der in feestmiel op 'e tafel. ‘Boerekoal mei rikke bargekop’. It is it forhael fan in primitive mienskip, dy't kerstene is, mar de ‘God’ fan dizze minsken hat it antlit fan in âlde barbaerske, heidenske ‘ségod’.
Hwat it forhael dochs sa ynnimmend makket is de suvere leafde fan Maria, har wrâldfrjemdens en tagelyk har djip ynfielen yn minsklike forhâldingen. Hja wit tige skoan, dat Taire pakt hwat er krije kin, dat Taire it net sa nau nimt yn it libben, dat hy mei al syn sterke forhalen in great en ûndogensk bern is, mar dat let allegearre neat. Is leafde blyn? It hert hat syn redenen dy't it forstân net ken, seit Pascal. Der is gjin logyske forklearring foar de kar fan Maria of it soe dit wêze moatte: ‘Ik wie al goed tweintich jier, doe hie ik noch noait folle fan hûs west. Fan frijen en leafde wist ik ek noch suver neat ôf..’
Maria har ynderlike oerlizzingen (it geefste part fan dit boek), har wissens op it stik fan de leafde, har swierrichheden, wurde heind yn hwat hja sizze sil of sizze wol tsjin de kening. Hja komt der net út. By in kening moat men der net om hinne prate en Maria hat skoan foar it forstân dat soks har net slagje sil. Elts bigjin fan in bycht wurdt even hifke en wer forsmiten as to wiidweidich, as in ûnkrekte omskriuwing fan har gefoelens, as yntimiteiten dy't foar in oarenien dochs net nei to kommen binne. Skuldgefoelens? De optochte tekst fan Mem? ‘Ik kin dochs net lige?’ (bis. 67).
Dizze monologue intérieur op it skip nei Föhr yn de lange nacht op it Waed is it moaiste en it suverste part fan dizze novelle. De natûrbiskriuwing, as de dage oer de loft giet, - tige koart, mar ek tige funksioneel - makket it byld, dat de lêzer fan Maria foar eagen hat, folslein. In biminlike faem mids it rauwe folk fan de Noardfryske eilânnen.
De rare en dwaze titel fan de novelle past net by de sfear fan dit wurkstik en skaeit my ek to folle út nei de fyn ynleine striptease-stjerren fan in heul minne film. Of lit my mar sizze nei dat barbaerske feestmiel fan boerekoal en rikke bargekop. De titel hat even fan in rûch stikje wurk fan in hwat âldere skriuwer (Poortinga is fan 1910), dy't syn wurden oars o sa hifket.