De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 294] [p. 294] Leo Popma: Ode fan de trouwe houn In houn-studint yn it celibaet Mei byfak de klassike talen wie yn syn jongestiid hwat boartlik fan aerd en loopsk soms oer 'e miet. doe is er snijd, och earme, mei fluit en swipe gâns trochleard yn dounsjen, krûpe en omstean leare: in yn it sân bibiten sirkushoun. ‘it is oer alle boegen mei him slagge’ sizze lektor en dompteur, ‘sa is 't mar krekt’, seit ek de houn nou yn it parlemint oer politike saken. de âldfeint dy't it lân regearret as trouste ûnder hounen, hat soms noch syn klassike riten as er jouns op hok oan giet, preuveljende, sa't de âld Cato sei: ‘dochs moat nei myn bitinken Carthago tsjin de groun’. Vorige Volgende