| |
| |
| |
Rients Gratama:
Ut de lapekoer fan Sjeik Sjoed
Typysk
Hy wie in professor, ôfgryslik geleard,
Dy't ûren en tiid en it libben forgeat
By it lêzen fan livige wurken
Oer krûden, oer gers en augurken.
It deistige libben gong oan him foarby,
Hy iet automatysk syn jirpels en brij
En siet wylst djip to prakkesearen
Oer skimmels en erflikheits-learen.
Der wie yn syn tinken gjin nacht en gjin dei
En it ienige wurd, dat er út en troch sei,
As jonk je op skoalle wie hy by in oar,
Yn kennis en witten al jierren yn 't foar,
Siet Juf Ot en Sien to fortellen,
Dan tocht hy oan weefsels en sellen.
Hiene d' oaren mei sommen in bulte gemier,
Hy die wylst syn proeven mei inket en pepier,
Hy liet ris yn de twadde klasse
In hiel skrift yn inket oplosse.
En doe't juffer sei: fan 'e middei bliuwst nei!
It ienige dat er ûnskuldich doe sei,
Hy wie as studint ek al oars as in oar,
Kaem bûten 't kolleezje hast nea bûtendoar,
Hy hold net fan fuiven en feestjes,
Allinne fan planten en beestjes.
't Is dúdlik dat hy ek oan froulju net die
Dochs kaem der in famke, dat sin oan him hie,
Hja tochte him syn preparaten
Foargoed út 'e holle to praten;
Mar doe't hja de earm om 'e nekke him lei,
It ienige wurd, dat er ôfwêzich sei,
| |
| |
Sa waerd er professor, ôfgryslik geleard,
Dy't ûren en tiid en it libben forgeat
By 't lêzen fan livige wurken
Oer krûden en gers en augurken.
As blêdden fan boeken gongen jierren foarby,
As lucht al dy pannen ierappels en brij
En sa waerd hy súntsjesoan âlder,
Syn weefsels en sellen hwat kâlder.
En by 't mikroskoopke stoar hy op in dei
En it lêste wurd, dat er mimerjend sei,
| |
| |
| |
De blues fan de pust
Hie 'k it net tocht, hie 'k it net tocht!
Ik ha wer sa'n kring, sa'n wangedrocht
Dat makket my woest, 'k ha fuort in min sin:
Ik ha wer in pûst, op myn kin!
It liket dat ik der net sûnder kin,
Ik fielde my lekker, ik fielde my kreas, ik fielde
Nou sjong ik de blues, de blues
Altyd as ik ris hwat koe,
Dan roun it my yn it libben tsjin!
Altyd op in momint dat ik it krekt net brûke koe,
Dan siet der sa'n knûst, dan siet der sa'n fûst,
Ik wit noch skoan: Myn earste bal,
Ik wie sa bliid en sa oeral,
In nije jurk mei in petticoat derby
Foar myn earste offisiéle dounspartij.
Ik wie in wike lang yn 't spier
Mei myn lijn, mei myn teint, mei myn neilen en myn hier,
Hwant jo merke yn it libben ridlik gau:
Mei it uterlik stiet en falt in frou,
In bytsje dit, in bytsje dat,
Hwant it each dat wol ek hwat...
Mar op de moarn fan dy dei,
Doe't ik út myn dreamen wei,
Mei myn hierboarstel, toskeboarstel, poeijerdoaske,
Hwat tochten jo, dat ik seach?
| |
| |
Ik hie wer in pfist op myn kin!
As moast it sa wêze mei opsetsin,
Ik fielde my lekker, ik fielde my kreas, ik fielde
Doe song ik de blues, de blues
En doe't ik troude, 'k wit noch bêst,
Ik hie gjin tiid, ik hie gjin rêst.
'k Hie alles klear, ik hie alles yn 'e es
Ik hie in jurk, in dream, ik like in prinses.
De nacht derfoar, gjin each die 'k ticht
Om de coupe fan myn hier en om de krême op myn gesicht,
'k Hie my masseard en epileard en knipt en doucht,
Mar de oare moarn... jawol, dêr Biet in pûst!
En moedeleas die 'k op dy moarn
Mei in trien myn breidsjurk oan...
Doe 't myn oansteande fêst biret,
Mei syn hoed en breidsboeket
Foar de doar stie en ik sa wyt as spie, sa moai en skjin,
op myn kin, nei de doar ta teach...
Hwat tochten jo, dat ik seach?!!
Hy hie in pust op syn kin!
Hy seach nei my en ik seach nei him
Earst foun 'k it hwat aeklik
Hy glimke my ta en wy seine fan ja, wy stiene der
En wy songen de blues, de blues
| |
| |
| |
De ballade fan de bokking
Tusken Harns en Surrich yn 'e sé
Swommen op in moaije maitiids-dei
Twa bliere jonge hearrinkjes
Sa lokkich en tofré, sa lokkich en tofré,
Yn 'e sé, yn 'e sé, yn 'e sé.
Hja soene trouwe dy dei, yn 'e sé,
Sa yn alle stiltme mei elkoar
Hja kiene gjin famylje mear,
Gjin brulloft en hoezee, gjin burrel en gjin thé,
Gjin sprekkers en gjin koar
Op elkoar, yn 'e sé, yn 'e sé.
Hy wie in kreaze hearring
In man mei rêgegraet en moed
En op syn plak by eb' en floed
En fan it suverst fiskebloed
En krêftich koart fan namme: Sjoerd.
Hja wie it moaiste fiskje
Mei fiske-eachjes blier en trou
Har skobkes glommen roun en lyts
As it nikkel fan in nije fyts,
't Moast Sjoerd wol bulten bliidskip jaen
Sa'n fiskje oan de heak to slaen.
En as Sjoerd sa fansiden nel har seach,
Dan fielde 'r dat it fiskebloed him brûzjend nel de
En omt hy syn lok dochs uterje moast,
Hong hy út klearebare wetterwille in séstjer op syn boarst!
En hy makke fan séwier in breidsboeket
En hja lake sa blier en wurden founen hja net...
| |
| |
Tusken Harns en Surrich yn 'e sé
Swommen op dy moaije maitiids-dei
Dy twa foreale hearrinkjes
Sa lokkich en tofré, sa lokkich en tofré,
Yn 'e sé, yn 'e sé, yn 'e sé.
Hja seagen 't krekt to let,
Ien eagenblik ûnachtsumens brocht Sjoerd yn 't fiskers-net.
Hy spart'le, wraksele en biet
Ut pûre ûnmacht en fortriet
Wylst it famke stil to gûlen slet,
De sé waerd wieter noch as wiet.
As Sjoerd dêr yn it net fortiisd, net mear har mantsje wurdt!
Sjoerd leit nou stil, it spul is út,
Hy stekt ta ôfskied en bislút
Syn bloed-bibiten fiskesnút
Har ta noch, foar in lêste tút...
Leave Sjoerd, seit hja smoarend yn in trien,
'k Forjit dy net, al sitst yn 't net, wy beiden bliuwe altyd ien,
Dou bliuwst altyd swimmen djip yn myn hert
Ik hie myn sinnen op dy set, in oaren komt der bar my net.
En doe helle de fisker it net omheech
En hja bleau yn de sé en de sé wie iensum en leech...
Tusken Harns en Surrich op 'e dyk
Fytste op in moaije simmerdei
In lyts âld mantsje, soun en kwyk,
Sa lokkich en sa ryk, sa lokkich en sa ryk,
Op 'e dyk, op 'e dyk, op 'e dyk!
En de sé-wyn makket soun,
It kaem dêrtroch dat it mantsjes-liif to rat tellen bigoun.
Ik woe dat 'k hwat to iten hie,
tocht hy, en sjuch, foar Harns dêr stie
In man dy't fisk to keapjen hie,
Hy kocht in fisk, sûnder birie.
| |
| |
It mantsje naem syn bokking
Hy lei syn pypke neist him del en fielde him sa ryk,
Mar krekt doe't hy de bokking
Doe kaem der ût 'e sé, jawis, hy seach it goed,
In hearring-kop, dy't rôp fan: Sjoerd!!!
De bokking bigoun it mantsje
Der gong in skok troch it bakte liif, it mantsje seach 't him oan,
Doe sprong de bokking út it papier
Hy stuite twaris op 'e pier
En dûkte doe yn 't pikelsop,
Flak neist de lytse hearring-kop...
Leave Sjoerd, sei it famke mei in trien
Hwat in fortún, al bist hwat brún, wy beiden binne nou wer ien,
Ik nim dy op sleeptou etter my oan,
Al is dyn bloed nou hynste-fel, ús leafde is noch ûnbidoarn.
En hja bin doe togearre de sé yn set
En hja wiene sa ryk, en wurden krigen hja net.
Tusken Harns en Surrich yn 'e sé
Swimme frij en lokkich en tofré
In bokking en in hearrinkje
En as jo der hinne gean, en oan it wetter stean,
Dan klinkt it fier út de weagen fan de sé:
Yn 'e sé, yn 'e sé, yn 'e sé!
| |
| |
| |
Yn maert
't Hiele winter-healjier,
Wie 't mar Maert, wie 't mar wier!
Sa'n winter der sit bar de katten gjin skot yn
In boarre dy sjocht der gjin ljocht en gjin kat yn,
Mar yn Maert bin alle katsjes fleurich en de boarren blier.
En by hwat Maertske moanne-skyn, is it libben wûnderskoan
Dan is it winterwachtsjen út en de forkearing oan...
By in swiete kleine-katte-Nachtmusik
In boarre-serenade tryst en mankelyk.
En om in katte-hert to krijen
Fûle, wrede fjuchtpartijen
Minsken dy't mei wetter smite!
Elk jier wer, yn elke katte-tong' of tael
Elke Maert dat ynternasionael kabael.
Yn London moarnsier en jouns later
Yn Paris sur le trottoire
Yn Maert bin se oeral paraet,
| |
| |
| |
Forpakt en forlakt
Us âlde ierde wrantelt yn in tiid fan dékoraesje,
In demonstraesje fan kréaesjes en forlakkeraesjes.
Miss Holland en Miss Wereld wilewarl je yn it roun
En body-builders stean mei skinke-skonken op 'e groun.
In bleate, blonde sex-bom barst hast út har étalaezje
En al dy show, dy levert har in auto mei garaezje.
Wy hingje oan de H-lijn, oan de A-lijn, oan de O-lijn,
Al is de binnenkant hwat bryk, fan bûten is it stroomlijn.
Ja, alles wurdt yn goud-papier en cellofaen forpakt,
De minske wurdt mei glâns en sier yn 't néonljocht forlakt!
Jow my de charme fan in frisse faem,
De stiltme fan in hikke-daem
De soune reade holle, Fan in greidboer op syn tuolle.
It briltsje fan it mantsje Mei syn piteroalje-kantsje.
It trêdzjen fan de sjouwerman,
Dat fyn ik folle moaijer dan: Al dy hipkes en dy tripkes,
Dy manearkes en gebeartkes.
Al dy moaije foefkes en dy troefkes fan Brigitt' Bardot...
Jow my it glimke fan in beppe, Dêrmei lit ik my net neppe,
Hwant ik bin as grôt sa sêd fan de business fan de show!
Men smyt mei stikken jild bar de reklame fan syn saken,
Men spekuleart mei chroom en nikkel op publike smaken.
De winkel fan de krudenier dy blinkt en glimt fan goud,
Al is de ynhâld krekt as eartiids, sjerp en havermout.
En jouns foar de tévé, dan sitte wy to sjen en hearren
Nei sympathike stjerren, dy't pronkje mei har fearren.
Hja steane op de beeldbuis as in beeldtsje op 'e kas.
It kuifke prachtich yn 'e ploai, it pakje krekt fan pas.
In mantsje sus, in hantsje sa, oars falt it út de toan,
Elk docht ôfgryslik syn bêst, mar nimmen docht gewoan!
Jow my it lietsje fan de opperman,
de winkel- en de timmerman.
It sankje fan de slatter En it wyske fan de wrotter,
In schlager fan de slachter, Fan de boer en brêgewachter.
In grapke fan de lapkeman,
Dat fyn ik folle moaijer dan: Al dy grapkes en dy stapkes
En dy klanken op 'e planken,
Al dy strikjes en dy knikjes oan dy stikjes op it skerm...
Jow my in suver simpel sankje, Op 'e mar of op in bankje,
Yn de douche of op 'e dyk, op 'e hou of yn 'e berm.
| |
| |
| |
Van de E-10 af gesien
As je op een mooie dag es in augustus
Vanuit Holland naar het hoge Noorden rijdt,
Dan geniet je, 'k raad je aan, doe dat gerust es,
Want dan voel je je van alle sorg bevrijd.
Aan de grens moet je bij Zurich tol betale
En daarbij dan ook je paspoort late sien,
Maar dan ken je verder vrijlijk ademhale,
Rijd je door het Friese land, langs de E-10...
Van de E-10 af gesien, van de E-10 af gesien,
Is Friesland altijd nog dat groene stukkie grond.
Sonder trolly, sonder tremme
En je hoeft er nooit te remme
Of te wachte voor het stoplicht of de pont.
Met se boeren op se klompen,
En die echte kop-hals-rompen,
Ben je echt weer in de tijd van Ot en Sien,
Met se meissies blond en mollig
En dat taaltje is so lollig,
Ga gerust een keertje Friesland sien,
Mij persoonlijk kan het altijd toch weer boeie,
Al die rust, al vindt U dat misschien wat sloom.
'k Hoor veel liever 'n koe dan een ambulance loeie,
Bij een botsing op de Munt of Overtoom.
Toch sou ik niet graag in Makkum wille wone,
Op s'n tijd moet ik toch Mokum weer es sien,
Maar 't is gijnig al en toe een beetje drome
Daar in Friesland aan de kant van de E-10...
Van de E-10 af gesien, van de E-10 af gesien,
Is Friesland best een dagje leuk zo voor de gijn.
'k Hou van die meissies die daar sjouwe
Met hun opgestroopte mouwe,
Meer dan van die vrouwen op het Rembrandtsplein.
Met se boer en boerderijtje,
Is het net een schilderijtje.
En al kome se wat achteran misschien,
Wil je lekker effe luchte
En de drukke tijd ontvluchte:
Ga gerust een keertje Friesland sien,
| |
| |
| |
Bittere tranen...
Op it ûleboerd stiet hjoed, stiet hjoed,
Mei it V.V.V. binn' wy up-to-date,
In Zimmer mit Frühstuck yn Grou of Terherne,
Op Skylge is gjin sil de Strandjutter mear,
Mar Herr Hasestrupier út Hamburg of Leer.
En de rêst yn 't nêst, yn 't nêst, yn 't nêst,
Dy fynt men optheden bast nearne,
Sûnt de straeljagers, hwat in lawaei en in lêst,
Oer stjelpkes en doarpkes en jisterkes fleane.
Brûkt combine en traktor,
De feintsjes en famkes fan 't âld Fryske laech,
Dy sitt' nou op Postcheque en -giro, Den Haech.
En in kou stiet nou, stiet nou, forslein
Yn ús moaije, tierige greiden
Neist in boerd: Koopt hier industrie-terrein
Yn Boazum of Balk en yn Winsum en Weidum.
En trilje de skeane banen
Sa leit nou it lân om de Aldehou!
| |
| |
| |
In lietsje
Yn in hoarich huzeblokje,
Mei in bal]-pen en kladblokje,
Dy't mei de seis-en-tweintich letters fan it alfabet
Lytse wurdtsjes, lytse rigeltsjes, yn elkoarren set.
Earne withwerearne stiet in âlde piano
Mei in pianist en fierder re-mi-fa-sol-la-si-do
En de wurdtsjes en de noatsjes
Wurde rigels en akkoardtsles
Mei hwat flyt en fantasije,
Mei hwat wollen en hwat wille en hwat swit:
In lyts en lokkich ]ietsje dat de loft yngiet.
Yn Hollywood, Broadway, Monaco of Montevideo
Yn in boat op de mar, by in pearke op 't strân,
Nei de bakker, de nozem, de boer op it lân.
Miskien nei de top fan de hitparade
Of miskien wol net fierder as in winige freed
Op de brulloft fan Sake en Sjoke, hwa wit,
It docht der net ta, as it liet mar bistiet!
As men mar sjongt yn Barcelona,
In pûre pasadoble of in chachacha!
As men mar sjongt by de opera
Dan falt it mei de drege dingen wol hwat ta.
As men mar sjongt by in wals yn Parys,
Dan rekket de boel net sa gau yn 'e tiis.
En by de polonaise yn Stiens of Jobbegea
Bliuwe wy toffe jonges en dat kin gjin kwea!
Yn Hollywood, Boksum of Blessum of Montevideo.
Op in dún, yn in tún, in kafé of in flat,
Wy ha mei de lietsjes de hichte noch net.
It klimt nei de top fan de hit-parade
Of miskien wol net fierder as in winige freed
Op de brulloft fan Sake en Sjoke, hwa wit,
It docht der net ta, as it liet mar bistiet.
| |
| |
| |
Doinumer Foikje
Ik bin Foikje en ik kom út Doinum woi.
Earne midden yn de groide
Stiet us húske mol de boide
Linebeammen en de goit en 't rolden dak.
Dêr het ús holt altyd arboide
En wenne mol ús mem fansels en mol de
Boide bern en yn dat húske fiel' w' ús moielkoar to plak.
En in oar dy soit miskien, it is der soi,
Mar ik soe net witte hwer't ik leaver wêze mol...
Dêr't de wrâld sa noflik droit
Skaden oer de fjilden foije
En de Moije-wyntsjes woije
Dêr't de doi noch krûpe moi,
Moatt' jim heare, 'k ]eau dat ik 't wol sizze moi:
'k Hè optheden hwat forkearing
En ús holt soi al, och hearing,
Doe't ik soi, myn foint komt fan de Westerein.
'k Seach him bar 't earst doe yn de groide,
Moi 't Doinumer feest en ja doe moi de
Stoelendans, doe soi er: astû 't goed fynste kom ik by
En foar 't earst stie ik op dy biwuste snoin
To wachtsjen yn de roin op de healwei fiven troin...
'k Bin sa bliid dat 'k by dy bin.
En syn tút kaem op myn kin.
En it roind' ús op 'e holle,
| |
| |
Sêft syn earum om myn mul.
Ik bin wol fan him en hy is wei fan my!
En wy rinne boid' of beide
Oer de grolde of de heide,
Elke snoin of snein of sneon of saterdy.
Mar mocht it noait útreitsje of roitsje
Hy kin der mar steat op meitsje of moitsje,
Soene wy dan oait ris trouwe, ik mol him of hy mei my,
Ik wol noait út Doinum of út Deinum woi
Hwant 'k soe net witte, hwer't ik leaver wêze mol...
Oft de wrâld nou draeit of droit
En it ointsje leit of loit,
Wolkens jeije, wolkens joije,
Wyntsjes waeije, wyntsjes woije,
Gjin ,doi wol ik dêr woi!
| |
| |
| |
Mei twa fuotten yn ien hoas
Ik haw in probleem, ik haw in soarch, ik haw in noed:
Ik ha Ate en ik ha Sjoerd.
Ik bin gesteld op allebeide.
Ik sit mei twa fuotten yn ien hoas...
Hwant Sjoerd is romantysk,
Ja, Sjoerd is fantastysk,
Syn manlike earmen om my hinne slacht,
Dan rekket de moanne op 'e rin yn de nacht,
Dan tikket de klok as in gek yn it roun
En makket in tel fan in âldejiers-joun,
Dan kin my gjin tinzen en grinzen mear bate,
Hwant Ate is forstannich,
Net stoer en net mannich,
Dan fyn ik by Ate sa'n rêst en sa'n treast,
By Ate syn praet en syn rie en syn geast,
Dan liket it libben sa djip en sa ryk
En 'k liel my sa ivich en heech en klassyk,
Dan wurde de dingen bigryplik en goed.
Dat fielt him rom en blij
By Sjoerd op 'e skooter, by Sjoerd op it bal,
En hwei't it libben gol is
Dêr fiel ik my kompleet en ryk
| |
| |
Mei in fuga fan Bach of in Mozart-sonate,
Of petear oer de sin fan it libben mei Ate,
Mei Sjoerd om my hinne is das Leben nur Scherz!
Mar prate mei Ate by Es greate terts,
Dat haw ik ek sa nedich op 'e tiid.
En dat is nou krekt myn striid,
Hwant as ik earlik bin, dan is it sa:
Sjoerd plus Ate is hwat ik nedich ha,
Sjoerd plus Ate, mei minder kin 'k net ta,
Mar Sjoerd plus Ate, dat is twa...
En de houliks-wet seit: ien en ien is ien
En Sjoerd en Ate fyn je net yn ien yn 't algemien.
Der is gjin hountsje dat nei alle namkes harket
En gjin ink'le man dat is in super-market!
Hwat moat ik dwaen, hwat moat ik dwaen,
Hwa sil ik aenst myn ja-wurd jaen?
Ik freegje jo fortroulik:
Hwat is de alderbêste basis foar in houlik?
Hwat bliuwt yn it houlik it langste yntakt,
It timperamint, de muzyk yn jou holle,
Of it feilige, fredige, bytsje bikuolle
Bigryp fan it geastlik kontakt?
Hwant Sjoerd is sa stoer,
Syn manlike earmen om my hinne slút,
Dan kin ik gjin kant yn it libben mear út,
Dan litte forline en takomst my kâld,
Dan tommelje ik foar myn part fan de wrâld,
Dan kin my gjin tinzen en grinzen mear bate,
| |
| |
| |
Love-song
Ik hou van jou, ik blijf je trouw, jij wordt mijn vrouw-ouw-ouw,
Dat klinkt jin rynsk tomjitte.
I love you! You love me! Oh how happy we shall be,
Yn hûs en op 'e strjitte.
Signore, amore, amore, si si si!
Je vous aime, je t' adore, oui oui oui!
Ich liebe dich, und du weisst warum ich das sing,
Nur für die Ping Ping Ping...
Op de plate-merk, yn de juke-box, op de show,
Troch de moarn, troch de middei, troch de joun,
A kiss, ein Kuss, een zoen...
Mar earne yn it Noarden, yn in hoekje fan de wrâld,
is noch in famke, dat fan in feintsje hâldt.
Dy jow' mekoarren noch in tut en in tút is sa apart
Omdat de plate-mij der noch gjin tûzen fan
Dêr stiet Geale noch foreale mei Marijke op in hoek
Of mei Tsjikke by de hikke, swiet en sêft
Dêr wurdt yn Top of Flop noch mei gjin wurd oer sprutsen,
Né, dêr is it lok noch net ûntdutsen.
You are so sweet, dat âlje Jan en Pyt en Klaes yn koar,
Oars ha hja neat to sjongen.
Oh mein Glück! Komm zurück! Op in bakfyts of in trúk,
Oh Tino, Bambino, sole mio, si si si!
Oui je parle de mon skarrel, oui oui oui!
| |
| |
Die Liebe is dochs überal und immer parat
Voor het gezin en het gewin op de Gouden Plaat...
Leafde komt non-stop út de knop-Veronica
Teddy, Freddie, Ronny, Ray
Op it lân, op it strân, yn de douche,
een zoen, a kiss, ein Kuss...
Mar earne yn it Noarden is in taeltsje yn gebrûk,
Dat jo net fine op plaet en fillem-doek.
Dêr is de leafde noch intym en net forsliten en to'n ein,
Dêr is in tút noch net yn d' aether skjin forfretten
Dêr is ‘famke’ noch in klank dy't jo net fine yn in hit,
En ‘ik hâld fan dy’ in saek dy't net yn plate-hoeskes sit,
Dêr is it mearke fan in pearke noch fan juster,
Lit jim net untdekke! Bliuw yn 't tsjuster.
|
|