De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 247]
| |
J. Sjeiksma:
| |
[pagina 248]
| |
telepatyske ynlibbingGa naar eind18). Hwant hwat Scott net witte koe en hwat nei him eltsenien oer 'e holle sjoen hat is wier: Saladin en syn maten wiene Friezen. Taelkundich-etymologyskGa naar eind19) ûndersiik wiist dat út. Sels mei foarbygean fan ‘the favoured land of Goshen’, dêr't eltse Fryskkundige maklik it lân fan Goasse of Gosse(n)Ga naar eind20) yn werom ken, kin de namme Saladin ús hiel hwat leare. In kenner fan it Arabyske konsonantismeGa naar eind21) kin ús fortelle, dat de namme net oarspronklik Arabysk wêze kin, mar frjemde ymport wêze moat en hy sil oanriede om ris yn oare talen de nammefoarried nei to gean. Faeks is dat wolris bard, mar dan hat it ûndersiik dochs to biheind west. It Woordenboek van voornamenGa naar eind22) seit by de namme TjallingGa naar eind23) en de byfoarmen dêrfan: ‘voorzover niet anders vermeld is, fri. naamvormen; Tjallins op Terschelling.’ En dr. Van der Schaar giet yn itselde wurdboek kantroerend by de oplossing fan it riedling lâns as er ûnder it lemma Saladin fortelt: ‘Arabisch ‘heil van het geloof.’ It wie it leauwe dat TsjallinsGa naar eind24), in foarfaer fan Saladin, nei it EastenGa naar eind25) brocht en dêrmei oan de stumperts dêrre it heil. Sa koene it bigryp ‘heil fan it leauwe’ en de namme Tsjallins (yn Arabyske mûle: Saladin) folslein gearfalleGa naar eind26). Nijsgjirriger as sa'n namme lykwols is it wurd talisman, dat de titel foarmet fan Scott syn forhael. De wenstige etymology makket har der maklik ôf, mei to forwizen nei it Arabyske wurdt tilsamGa naar eind27). Dat docht net botte oannimlik oanGa naar eind28) foar hwa't even neitinkt: de westerske tonge hat mei it útsprekken fan tilsamGa naar eind29) gjin inkelde swierrichheit en it bylket al nuver om dat samar to forlingjen ta talisman. De heechlearde hearen hawwe bisocht har foar dit argumint wei to winen troch de biwearing, dat de Arabieren har wurd wer untliend hawwe oan it let-Grykske τελεσμα, dat ritus bitsjutte moatGa naar eind30) en op syn bar wer gearhinget mei it tiidwurd τελεωGa naar eind31), dat ‘ta de ein bringe’ bitsjut, mar ek ‘ynwije yn de mystearys.’ It is klear, dat hwa't der ek ynwijd binne yn 'e mystearys, net de wenstige etymologen, ûnfrysk as hja binne. Mei in dripke kennisse fan it Frysk ommers sjocht men dat talisman oars net is as talizman. Dêrmei is de saek fansels net oplost, hwant as men net better riddenearje koe as de al neamde etymologen, soe men as ûnskuldich bilêstingbitellerGa naar eind32) tinke kinne: in talizman is in man dy't der hwat op talizze moat. Gelokkich, it Friesch WoordenboekGa naar eind33) helpt ús, lykas sa faek, wer út 'e niten. Waling Dykstra jowt ûnder it lemma talizze û.o. as bitsjutting: bestemmenGa naar eind34). Yn oerienstimming dêrmei is taliz safolle as bistimming, lot. ‘Man’ komt | |
[pagina 249]
| |
to uzes gauris foar yn de bitsjutting: lytse ôfbylding, popke; sa byg. yn taeimanGa naar eind35). Nei syn Frysk komôf bitsjut talizman dus oars net as lotsmantsje, gelokspopke, mascotte, amulet, fetish en is dus yndied it wurd talisman. Dat it riskant wie it wurd ta to skriuwen oan it Arabysk, hie it bistean fan it wurd amulet foar itselde bigryp ús learden leare kinnen. Dat lêste is ommers wier oan it Arabysk úntliend: hamaletGa naar eind36) hie oarspronklik de bitsjutting ‘oanhingsel’. It soe al nuver wêze as der twa suver Arabyske wurden ûntstien wêze soene foar ien en itselde ding, quod non, lykas boppe biwiisd is. Hwat it komôf fan fetish oangiet, dat komt út it Portugeeske feitiqo, dat wer gearhinget mei it latynske facticium, fan facere = meitsje. Folie nijsgjirriger is it wurd mascotte, mar ear't wy de problematyk dêr omhinne yn 'e eagen sjen kinne, moatte wy earst op 'e nij nei Scott en syn Talisman. Yn de Introduction jowt de auteur de histoaryske eftergroun fan syn forhaelGa naar eind37). Oer de talisman, dêr't de titel oan ûntliend is, fortelt er it neifolgjende. Sir Simon Lockhart of Lee and Cartland, op krústocht yn it Hillige Lân, makke op in dei in rike EmirGa naar eind38) kriichsfinzen. Dy syn memGa naar eind39) kaem om him los to keapjen, mar by it úttellen fan it jild foel der in stientsje dat yn in munt fêstmakke wieGa naar eind40) út har beurs. Hja like och sa op dat dinkje bigien to wêzen en dêrom easke Sir Simon dat dy amulet by it losjild komme soe. Dat gie oan en it âldminske fortelde ek noch hoe't de amulet brûkt wurde moast: ‘It wetter dêr't it yndoopt waerd tsjinne om bloed to stimpen, as middel tsjin koarts en it hie noch gâns oare eigenskippen as medyske talisman.’Ga naar eind41). Letter naem Simon de talisman mei nei Skotlân en dér is er doe biwarre bleaun ûnder de namme Lee-penny. Scott forfolget dan: It opmerklikste part fan de skiednis dêrfanGa naar eind42) wie faeks, dat er sa spesiael oan de foroardieling ûntkaem doe't de Skotske Tsjerke sa folle oare genêskrêftige dingen forbea dy't de rook fan mirakels hiene, om't dat gearhinge mei tsjoenderijGa naar eind43) De Tsjerke lei der it near op mei útsûndering fan de amulet, neamd de Lee-peinje, dêr't it God by hage hie der biskate genezende deugden oan to forbinen, dy't de Tsjerke net fan doel wie to foroardieljen.’Ga naar eind44) De talisman bistiet noch, seit Scott danGa naar eind45), en der wurdt noch gauris in birop dien op syn krêft, hwat de leste tiden yn 't algemien biheind bliuwt ta it genâzen fan persoanen dy't troch in dûme houn biten binneGa naar eind46). | |
[pagina 250]
| |
Nou kinne wy op de etymology fan mascotte ta. Wy moatte goed achtslaen, dat de talisman yn Skotlân torjochte komt, hwat net alhiel tafallich is, om't dêr gâns leafhawwerij foar datsoarte fan dingen wie. Sa slim sels, dat de Tsjerke der tsjin yn it gewear kaem. Op oare plakken kaem it pielen mei amuletten ek inkeld wolris foarGa naar eind47), mar de Skotten stiene der om bikendGa naar eind48): dy mâlle Skotten, waerd gauris sein. Dêrfandinne dat de namme mâlskot sa njonkelytsen de namme fan it objekt waerd, ynsté fan, lykas earst, de drager of brûker dêrfan oan to tsjuttenGa naar eind49). It Frysk hat gauris syncope fan de 1 foar sGa naar eind50), hwat fan mâlskot it wurd maskot of mascotte makke hat, kokker wurd dus wol in hiel oare ûntsteansskiednis hat as talisman, al bitsjut it itseldeGa naar eind51). Mar der binne mear dingen dy't ús opfalle yn de ynlieding fan Walter Scott. Sa it feit dat de talisman bistiet út in stientsje yn in munt. Nou wiene der yn it Mohammedaenske Easten by âlds gjin plakken, dêr't munten slein waerden. Kop en Liuw út to byldzjen kaem neffens de IslamGa naar eind52) net to pas, soks yn tsjinstelling ta it âlde Fryslân, dêr't wy fan witte dat der al tige ier eigen munten slein waerdenGa naar eind53). Mear noch as de munt sprekt it stientsje dêryn. Fryslân ommers is it lân fan de stientsjesikersGa naar eind54). Foar dat bigryp hat it Arabysk sels gjin analogon. Dat hoecht gjin nij to dwaen as men jin réalisearret dat de woastyn út sân bistietGa naar eind55), sûnder stientsjes. Opfallend is fierder dat de talisman brûkt wurde moat yn forbining mei wetter. Dat wiist mear op in komôf út it wetterlânGa naar eind56) as út de toarre woastyn. It mei wier wêze dat yn inkelde oasen hwat wetter foarkomt, mar it totale aréael fan oasen is suver neat, forlike by de woastinen, sadat der gâns mear kâns is dat men koarts krijt (... febrifuge!), bliedende wounen hat (... styptic!) of oare kwalen skipet (... other medical properties!) bûten as yn de oase, dy't boppedat o sa'n soun plak is, nei't wy út forhalen fan reizgers witteGa naar eind57). Hwat Scott it opmerklikst achtet (the most remarkable part of its history), is nou sa linkelytsen foar ús trochsichtich as glês. Dat alle tsjoenderij en fetish-leauweGa naar eind58) troch de Skotske Tsjerke útballe wurdt, wol bêst yn ús del. Mar Scott forwûndere him dat in talisman, noch wol út it Basten ôfkomstich, genede fine koe yn 'e eagen fan 'e Tsjerke en dat der blykber wurksume krêften fan útgiene. Nou't wy lykwols witte, dat dy talisman út it iere Kristlike Fryslân weikommen wie, troch fromme evangeeljeforkundigers nel Arabië | |
[pagina 251]
| |
brocht, nou hoege wy ús net to fornuverjen. Wy soene forheard wêze as it oars west hieGa naar eind59). Dat de talisman bynammen goed wie tsjin hounsdûmens - mar net inkeld dêr tsjin!Ga naar eind60) - forwûnderet ús like min, as wy bitinke, dat de Friezen fan âlds wiis wiene mei hounenGa naar eind61), dat der twa eigen Fryske hounerassen binneGa naar eind62) en dat yn 'e terpen de bonken fan in great forskaet fan hounesoarten opdold binneGa naar eind63). Gearfetsjend kinne wy sizze: de Talisman fan Scott mei dan yn it Ingelsk skreaun wêze, neffens wêzen en bitsjutting heart it alhiel by de Fryske literatuerGa naar eind64). In trait d'union fine wy nammers noch yn De PearelGa naar eind65) fan D. Kalma. Mei it witten dat wy krekt woun hawwe foar eagen, lêze wy dêrre de earste strofe:
Eabele pearel, in prins ta wille,
Yn lottere goud sa suver set,
Nin skat koe de siele sa bliid ten tille,
It wûndere East hat dyn weargea net.
Fansels, dit is poëzij en it stientsje wurdt sadwaende maklik in pearel en hwat de munt oangiet, dy kin bêst fan goud west hawwe. It oarspronklike gedicht is om 1370 hinne skreaun, dus nei de tredde KrústochtGa naar eind66). Triomfantlik seit dan ek de lêste fan de oanhelle rigels, dat it Easten de talisman ûnderwyls kwyt is. De Skotten hawwe him. Opmerklik is dat skat en Skot yn it Frysk gelyk klinkeGa naar eind67), dat de tredde sitearre rigel kin hiel wol bitsjutte: ‘Fan gjin inkelde Skot koe de siele sa bliid tille’, mei forswijing fan de tins: ‘as fan dy!ene, dy't de talisman hat’. Yn de twade strofe blykt dtúdlik dat it wierliken oer de talisman giet, hwant hwat earst pearel neamd wurdt, hjit nou ‘dy stien, hwaens krêften it tsjoede keare’. Net inkeld Kalma, ek CanneGa naar eind68) hat swierrichheden mei it materiael. Hy hat it oer it lokbientsje. It forhael It lokbientsje liket op it earste each hwat negatyf. It is nammentlik sa: In jonkje slagget oan in lokbientsjeGa naar eind69), dat er o sa graech hawwe wol foar syn mem, dy't great fortriet hat om't har manGa naar eind70) oan 'e drank is. De jouns komt de talisman tomûk yn mem har jak en de oare moarns - mar lit us leaver sitearjeGa naar eind71): ‘Jan Harkes syn melkers wierne dêr en... droegen in drinkeldeade op in hikke. It wier heit!’ Botte oertsjugjend foar de talisman liket dat dus yn 'e earste opslach net, mar dochs hat it forhael nijsgjirrige fasetten. Hoe't men it ek bisjocht, de heit is fan syn drankslijens ôfGa naar eind72) by dizze | |
[pagina 252]
| |
ein en noch opmerkliker is, dat ek hjir wer de talisman wurket yn forbining mei wetter. Dat makket it ús, al forsint Canne him yn it materiael, dochs mooglik syn lokbientsje to identifisearjen mei de talisman fan Scott, dy't mei rjocht en reden Sir Walter Scott, bart. wie. De oare kear sille wy it close readingGa naar eind73) hawwe oer de figuer fan Wadman yn Tristam ShandyGa naar eind74), oer de figuer fan Wadman yn it wurk fan Louis Paul BoonGa naar eind75) en oer de figuer fan Wadman yn de Fryske Skriftekennisse. |
|