hokjen, moatte dy berntsjes dan ûnder de stjerren sliepe? Se kinne har wol in sykte op 'e hals helje.’
‘Sa hawwe de mannen fan it rjocht, dy't yn tsjinst steane fan it ûnrjocht dat ornearre. Ik wit net oft jo fan boargemaster stjûrd binne, mar siz him dan út myn namme dat ik gjin houn bin dy't men in bonke tasmyt.’
Mei dat boadskip koe Bonnema ôfstekke.
Nei iten brocht Jelkje de bern ûnder de beamkes op bêd. Rinse stiek in stoarmlantearne oan dy't er op 'e tafel sette. It ljocht skynde fredich tsjin 'e griene blêdden.
De heale buorren roun út om to sjen hoe't dat Rinse' folkje dêr bivakkeerde, fan Rinse waerden hja saend noch maend om troch to rinnen, hy waerd net wurch om al mar weroan breed út to mjitten oer it skriklik ûnrjocht harren oandien.
En, o wûnder, hâldde dêr net in auto mei in kranteman dy't in fototastel foar it liif hie? Allerfreonlikst waerd er fan Rinse ûntfongen. ‘Kom fierder, kom fierder, dêr stiet wol in stoel, man. Jit mynhear ris yn, Jelkje.’
De man skreau twa fel fan syn bloknota fol. Hy makke in printsje fan Rinse en Jelkje by de tafel mei de stoarmlantearne en fan 'e sliepende bern ûnder de beamkes.
‘En set der foaral by, mynhear, dat it boargemaster Sybrandus is dy't oer dizze gemeente it biwâld fiert, dat dy namme ta in ivich bliuwende skande foar de neiteam biwarre wurdt.’
Mei't it letter waerd, sakken de omstanners ôf nei hûs. In pear bearen oan om de bern ûnderdak to jaen foar de nacht om't it har bikroep dat hja bûtendoar sliepe moasten.
‘Sûnder mis sil jimme bidoeling goed wêze, mar wy kinne dit net oannimme. Is it al net slimmernôch dat wy gjin dak boppe de holle ha? Soe de húshâlding nou ek noch útinoar skuord wurde moatte? Dêrby, dat ús berntsjes dizze alsem drinke moatte komt foar rekken fan 'e mannen dy't op it griene kjessen sitte, fan har hân sil dit bloed easke wurde.’
‘Moat ik my hjir nou bûtendoar útklaeije?’ frege Jelkje doe't de lêste omstanners fuortgien wiene.
‘Dat is dyn bitter en biskamsum lot, leave, mar ik sil de lampe útdwaen.’
De earste foarbygongers de oare moarns yntiids, seagen Jelkje en de bern yn 'e barm omskaeijen. Rinse lei noch op bêd en sliepte is in roas, it wyld bosk hier frjemd op it blomde kjessen.
Tsjin sawnen kaem er ta himsels. Jelkje hie de broggen smard en de thé klear. Fuort naem er de lieding sa as dat fan in man en heit forwachte wurde mocht. ‘Hjoed sil 'k in frije dei