Utforkeap
Epistolaire roman troch Jo Smit.
Haedstik I
Leafste Rindert.
Ik bin even fuort, hear (11 ûre). Maei skille op om to fortellen dat it hjoed de moandei wie en dat der och sokke moaije dingen yn 'e útforkeap wiene, dat dou bigrypst! Ik hoopje fansels dat ik op 'e tiid werom bin, mar oars: der steane kâlde pankoeken yn it glêzen kastke yn 'e koken - thé is ûnder de matse. Dei skat, tút fan
dyn Jeltsje.
Leave Jeltsje.
It kaem net sa hiel moai út, hwant joun itenstiid bin ik der noch net. Ik moat mei Douma de ynventarislist neigean. Dou hoechst net op my to wachtsjen mei iten - ik krij wol hwat.
Oant joun dus mar. Dei leave.
Rindert (tút).
Rindert.
Ik haw de hiele joun al wachte, mar nou wip ik der efkes út nei Hinke. Nou hoopje ik net datst krekt underwyls thúskomst, mar ik bliuw mar hiel even. Och hwat haw ik moaije spullen kocht - ik koe gewoan net wachtsje om se immen sjen to litten. Foar dy ha 'k ek noch in pear sokken kocht.
Dei, Jeltsje.
Jeltsje.
Ik haw nou in hiel skoft wachte, dat ik rin mar even nei Hindrik. Dy jonge hat nou ienris neat oars en ik haw it al sa lang tasein. Ik sil it koart meitsje en dan sjoch ik op 'e weromreis ofst noch by Hinke bist. Goeije,
Rindert.
Dat is net moai, Rindert, datst net even op my wachte hast. It fljocht my hjir oan. Ik helje dy op, by Hindrik wei. As wy inoar misrinne moast mar wachtsje.
Jeltsje.