| |
| |
| |
Sjoerd Leiker:
Gjin underdak
Op 29 april 1943 die de Wehrmachtsbefehlshaber in den Niederlanden to witten dat alle militairen wer opkomme moasten om har as kriichsfinzenen ôffiere to litten nei Dútsklân. Freonen út de illegaliteit wiisden my fuortendaliks in kreas ûnderdûkplak. Ik soe foarlopich nei Zeist ta, mar doe't ik út Haerlim wei op 'e fyts ûnderweis wie nei dy oarde krige ik der hieltiten minder nocht oan om my earne rêstich del to jaen. By in kamp yn 'e omkriten fan Laren skrepten Dútske soldaten hwat om yn 'e heide. Der stie in skyldwacht deun njonken it fytspaed; de sinne blikkere op syn helm en op de loop fan syn gewear. Ik trape even in slach stadiger, hwant it wie om my hinne allegear buorden mei forbean dit en forbean dat, ik wie op gefaerlik terrein, mar de mof joech my ûnforskillich frije passaezje.
De middeis siet ik to praten by in freon yn Soest. Hy hie syn safolleste roman op priemmen en hy hie it o sa fredich. Neat gjin spul, neat gjin lêst. ‘En hoe sit it mei dy?’ woe er witte. Ik sei, ik hie forline jier in boek ré en forkoft oan in útjower. De man wie al dwaende om it oan to bieden by de boekhannel en doe krige ik in briefke oft ik mar even lid wurde woe fan de Kultuerkeamer, hwant oars koe der wolris stagnaesje komme. Ik sei: dat bitingst stiet net yn ús kontrakt. Fan dy Kultuerkeamer wurd ik gjin lid. (It foarskot fan dat boek - it wie Drie Getuigen - haw ik de hjerstmis fan '43 oan de útjower Van Holkema en Warendorf N.V. to Amsterdam werom bitelle; it kontrakt waerd forskuord en it boek kaem yn 1944 út yn it illegale fûns fan De Bezige Bij). Myn freon yn Soest arbeide leau 'k mear op 'e fiere takomst. Syn útjower garre de manuskripten op foar nei de oarloch. Myn omstannichheden wienen gâns ûngunstiger. Dyn wurk, sei myn freon, is fansels heul oars as mines. Hy koe, hwat ik net kin, bislach lizze op ‘it folk’. Hy koe ek mar fuort en mar wei skriuwe. Boeken opleverje wie foar him sokshwat as in produksjeslach. Oer dat ûnderwerp koe hy omraek prate. De skriuwerij wie foar him in saeklike ûndernimming. Mar hoe fier ús methoaden ek útelkoar lizze mochten, hy wie in freonlike kollega en hy sei: dû moatst fannacht hjir mar by ús thús sliepe.
Dy nacht haw ik nochris neitocht oer Zeist. Ik soe dêr tolânne komme by in oare auteur, dêr't ik allinnich de namme mar fan koe en ik sil dy net neame. It is respektabel om in
| |
| |
ûnderdûker yn 'e hûs to nimmen, mar it griisde my oan om fan moarns ier oant jouns let to praten oer de lektuer-forbouwerij. Der binne lânboufolken en der binne jagersfolken. Ik hear fan aerd en fan komôf by de lêstneamden. Ik kin gjin boeken forbouwe; it is foar my in kwestje fan omstrunen en fan in inkeld raek skot yn it jachtfjild fan de wrâld.
De moarns bitiid bin ik itselde paed lâns werom reizge. Amsterdam like my gaedliker ta as Zeist en doe't ik dêr om tsien ûre mei de fyts oan 'e hân op it Rokin stie moete ik de kunstskilder X., optheden foarman yn de religieuze biweging Stromen van kracht. Wy rekken togearre yn in kroech en doe fortelde ik myn forhael: ik wie sûnder ûnderdak. Ofgryslik, jonge, hwat in lot, sei X., dy't it goed hie fan iten en drinken, in kreaze villa yn W. en alhielendal gjin lêst fan de Dútskers. My tinkt, sei ik, dû hast bigryp foar de sitewaesje, dat ik moat fannacht dan mar by jimme sliepe. Hy woe fansels o sa graech helpe, mar der wienen wol biswieren. Ik wie yn W. net in ûnbikendenien en it koe wolris wêze dat ik, noch ôfsjoen fan it ûnderdûken op dit stuit, op in heule minne namme lei by de Dútskers. Hy hie fansels gelyk. Yn in krantsje fan de Nederlânske SS hie stien dat ik sa njonkenlytsen ryp wie foar it konsintraesjekamp. Dêr soenen my dan hwat ‘soune idéen’ bybrocht wurde.
X. woe myn swierrichheden even yn birie hâlde. It stiet my noch foar dat hy it petear doe mar gaueftich brocht op ien fan syn erotyske avontûren. X. wie in smoute forteller en ek in fûleindich fantast. Ik mocht him om dy reden graech lije. It forhael dêr't hy mei foar it ljocht kaem liigde der net om. Hy hie in nacht of hwat lyn yn de earmen lein fan de maîtresse fan in ‘neger-prins’. Hy sei: Dû wist, ik bin op it stik fan frouljue wol hwat wend. Dat wie wier, hy wie in echte he-man. Alle frouljue wienen gek op him. Hy wie troud, hy hie seis bern, hy wie goed foar syn húshâlding, mar hy makke der noait gjin geheim fan dat hy syn swakke mominten hie. Dat sadwaende wie hy yn de kunde rekke mei de faem fan in neger-bokser, dy't neffens him in neger-prins wie. It moaije, sterke frommis hie in seksuéle technyk dêr't hy amper tsjin opwoeksen wie. Doe't de nacht om wie, wie hy folslein út 'e liken. Oan alle kanten knoeid en kniesd bin ik by har ta de doar út stroffele, fortelde hy. Hy hie noch noait sokshwat meimakke.
Hy is nou fansels bikeard en dêr sil ik gjin wurd kwea fan sizze. Syn Stromen van kracht hawwe nei alle gedachten noch deselde boarne, mar de ‘extase’ fiert him nou yn oare banen.
| |
| |
Mar goed, hy koe my as ûnderdûker net oan in nacht ûnderdak helpe. Dêr hat er net al to swier oan tild. Hy wie ek in fierstento fleurige fint om soks lang to ûnthâlden. Yn 1944 rekke hy sels hwat yn 'e nederklits. Hy moast in hûngertocht ûndernimme om hwat foar de frou en de bern to biskarreljen. X. reizge linea recta nei Hoarn yn Noard-Hollân, dêr't myn folk en dy wennen. Hy makke him by ús mem bikend as in goefreon fan my, waerd ûnthelle op in miel iten en krige ek noch hwat mei foar thús. Fan syn kant woe hy doe ek royael wêze. Hy soe de gastfrijheit bileanje mei in skilderij. Dat hoecht net, sei ús mem guodlik, wy hawwe sels ek skreppen om hwat byinoar to krijen, mar wy moatte inoar hwat helpe, is 't net sa.
Dat is nou twa en tweintich jier lyn. It skilderstikje is noch yn 'e maek. X. hat it optheden fansels fleanende drok mei dy religieuze sekte Stromen van kracht. Ik tink dêr wolris hwat al to licht oer, hwant ik leau net yn dy soarte fan meneuvels mei it godlike.
Mar hoe bin ik op dy moarntiid yn april 1943 fan him ôfrekke? Syn earste ôfliedingsmanoeuvre wie dat sterke forhael oer dat huorke. De twadde sydsprong wie it útstel om in bisyk to bringen oan in kunde fan him, in skatrike antiquair op de Nieuwezijds Voorburgwal. De man hie tige moai guod, mar it petear kaem op de Dútskers en dêr krige ik sa 'n spul oer mei de antiquair dat hy alhielendal blau om 'e holle waerd en gappe nei de siken. Hy siigde del yn in Louis Quinze-stoel en myn freon X. makke my forwitten dat ik mei myn haet tsjin de nazi's in hartpasjint sa op stang jage hie dat de keardel it wol bistjerre koe. Ik sei: dan hiestû my fan tofoaren wol even fortelle mocht dat dizze stumper NSB-er is. Ik rekke lulk ta de doar út en X. wie om sa to sizzen ‘mei eare’ fan my ôf. It joech ommers gjin pas om in gasthear to misledigjen. Minsklik bisjoen kin dat gjin kant út.
De jouns bin ik mar wer ôfset nei Haerlim ta. Ik kaem tolânne by Theo Loerakker, in jongfeint út in roomsk-katholike dynasty fan paters, politisi en fan amtners op it gemeentehûs. Theo haw ik foar de earste kear metten op 5 febrewaris 1943. Ik kin noch it plak oanwize by it Spaarne dêr't wy stienen to praten. En, sa't dat doe gyng yn dy tiid, yn it earste oankommen heul foarsichtich ús wurden hifkjend. It wie de jouns om healwei tsienen. It wie tsjuster en der stie in skrale wyn. Wy waerden op in stuit folslein forrast troch in plysjeman, dy't ús gesichten yn it ljocht sette fan in bûslantearne. De man wie alhielendal oerstjûr. Hy fortelde dat hy krekt fan
| |
| |
syn superieuren it birjocht krige hie dat de (lânforrieder) generael Seyffardt deasketten wie troch mannen fan de illegaliteit. Hy socht suver om oanhâld by ús en sei: in minske is langer net mear wis fan syn libben. Neffens him wie de moard op Seyffardt in great skandael.
Theo en ik wienen dy joun strafwachtrinders: in maetregel fan de Ortskommandant. Ik hie al twa wachten forsitten en dêr stie ek wer straf op. Seis ûren stram yn 'e hâlding stean op in tegel. Theo syn bruorren op it gemeentehûs hienen, sûnder dat ik dêr weet fan hie, myn absinsje op de list fortsjusteremoanne. Hja gyngen foarsichtich nei by hwa't sa'n ekstra en yndividuéle straf nou krekt net lije koe.
Theo kaem sûnt dy fyfte febrewaris geregeld by ús thús. Ik wol daelk tajaen dat ik ek myn mystike riten ha. Der binne riedseleftichheden dêr't ik gjin antwurd op wit. As ik oan Theo tink dan komt my altiten de bibeltekst yn it sin dat in minske ûnwittend ingelen herbergje kin. Hy kaem mei ark om in skûlplak to meitsjen, hy kaem mei dingen dêr't ik net om frege hie, hy wist oeral rie op. Syn bruorren hawwe der foar soarge dat der foar ús papieren yn oarder makke waerden foar in ‘evakuaesje’ nei Amsterdam ta. Dat koe sa skikt wurde omdat wy wennen ûnder de reek fan Santpoort. Dy operaesje naem lykwols noch al hwat tiid yn bislach en om dy reden haw ik noch in wykmannich op 'e swerf west yn it noarden fan it lân.
Op in middei stie ik yn Snits. Ik wist dêr hech noch stech. Myn iennichste wittenskip wie dat yn dy omkriten Jan Piebenga tahâlde moast. Fan ôfstannen yn Fryslân hie ik doe noch gjin aen, dat it waerd heul let op 'e joun dat ik - foar Jan Piebenga folslein ûnforwachts - foar de doar stie fan it skoalhûs yn Aldegea (W.). Ik makke my bikend oan de greate stânfries yn syn swarte skipperstrui. Hy wie suver even út it fjild slein. - Bistû Sjoerd Leiker? Hy koe it amper leauwe en sei: Ik ha my dy altiten foarsteld as in foarse, ljochte keardel. It muoit my foar dy, Jan, dat it in ôffaller is, sei ik, mar ik meitsje my der gjin soargen oer. Boppedat, ik kin my, om dy to geriven, gjin jellen langer meitsje as ik bin.
Wy hienen wolris meiinoar briefke, mar dêr wie it oant dat stuit ta by bleaun. Syn réaksje die my gjin nij, kwant ik hie altiten al de gedachte hawn dat hy dreech dwaende wie om oan Fryske skriuwers it stal mei to jaen fan reuzen út de foartiid. - Jonge noch ta, sei hy, hwat kin in minske him dochs wûnderlike foarstellingen meitsje. Wy sieten doe al togearre om 'e tafel en it wie sa dúdlik as hwat dat hy noch even syn
| |
| |
toloarstelling forarbeidzje moast. Hy stie foar in ethnologysk riedsel. ‘Myn earste gedachte wie: in joadske ûnderdûker,’ sei hy. Hy hie my dus wol fuortendaliks goed hifke. ‘Dû likest út noch yn net op de man, dy't my tomjitte komt út dyn wurk.’
Ik krige aerdichheit oan syn ûnwissichheit oer myn Frysk komôf en oer hwat yn dy jierren de ‘aryske skaeimerken’ neamd waerden. Ik sei: it moat dy bikend wêze dat ik in Wâldtsjer bin, fan âlder op âlder, mar ús húsdokter yn Drachten, in man dy't gâns hwat fan de wrâld sjoen hat en dy't legerarts west hat yn de Boere-oarloch, frege altiten: hwat binne jimme foar soarte fan folk? Jimme hawwe neffens my noch it measte wei fan indianen. In eigenaerdichheit by ús heit en by my is dat it hier ús ek op 'e noas groeit.
Hwat ik doe sa even as in hwat frjemd forskynsel oantsjutte, krige okkerdeis by de lektuer fan Oefeningen voor het derde oog fan de skriuwer en biolooch D. Hillenius ynienen in aparte eftergroun. Hillenius fortelt op pagina 122 fan syn boek, in útjefte fan 1965, it neifolgjende:
‘In Spanje ontmoet men hier en daar mensen - vooral mannen - die op de rug van de neus, vlak bij de neuspunt, een bosje zwart haar dragen. Hoogst waarschijnlijk ontmoet men dan de laatste effecten van de verbrokkelde erfenis der Qarochi-indianen. Ik heb tenminste nog nooit van een ander volk gehoord dat als volkskenmerk dat bosje haar op de neus vertoonde, terwijl uit allerlei gegevens is af te leiden dat de Spanjaarden al vroeg met de Qarochi-indianen kennis maakten en zo in staat waren om dit vreemde gen met de hunne te vermengen. Er zijn talloze vergeten volken, uitgestorven of uitgeroeid. Buiten de specialisten zal niemand er zich voor interesseren. Maar de Qarochi zijn de aandacht waard van ieder, die zich verwondert over het mechanisme van de poëzie.’
Dit is even in sydsprong. It kin wêze dat ien fan myn foarfaers in Baskyske fiskerman west hat, in persoan mei it frjemde gen fan de Qarochi-indianen, dy't forsille is op Fryslâns kusten. Baskyske séljue sochten it gauris om fierrens en hawwe grif ek de Fryske havens bisyld.
De réaliteit is fakentiden romantysker as hwat in skriuwer bifantasearje kin. Hillenius fortelt fan de Qarochi dat it jagers wienen, rappe, nerveuze, yntelliginte, driftige minsken mei in aparte jefte foar de poëzij. Hja bienen in eigen technyk om op muzykjounen de yntelliginsje del to bêdzjen om in oare fakulteit fan de harsens frij to meitsjen. Eltsenien koe yn in tastân fan ynspiraesje komme, ûnder de tsjoen reitsje fan
| |
| |
hwat hja neamden de kafuri, in wurd dat de bitsjutting hat fan ynspiraesje en tagelyk ek fan erotyske ekstase. De seis- of sawnrigelige fersen, berne yn dy tastân, waerden kard en hifke as de ekstase en de nacht foarby wie. Yn alle nofterheit waerd dan fêststeld oft it fers it deiljocht fordrage koe of net. De wearde fan de ‘nachtmuzyk’ waerd ôfmetten oan de rispinge oan fersen, dy't de muzyk opsmiten hie.
As ik op dit stuit weromtink oan Jan Piebenga syn opmerking dat ik út noch yn net lykje op de man, dy't him út myn wurk tomjitte kaem, dan hie hy folslein gelyk. Alteast yn dy sin dat de identiteit fan in minske noait hielendal fêst leit. Yn in tastân fan ynspiraesje, fan konsintraesje, dy't in útskeakeling bitsjut fan in heul soad oare dingen, dy't op jin takomme kinne, forskout de identiteit. Lit my in pear ienfâldige foarbylden neame. Immen dy't in harsenspieling ûndergiet wurdt in nije libbensskiednis oanpraet, in oare identiteit, in oare persoanlikheit. In psycho-analitikus kin leau 'k itselde to weech bringe by in pasjint. Immen dy't forfart nei in oar plak, nei in oar lân of allinnich mar tolânne komt yn in oar milieu ûndergiet by syn oanpassing in transformaesje. Forfarre is sels net iens nedich. De omstannichheden yn it biwende formidden foroarje en dat is fan dy gefolgen dat de minske hieltiten dwaende is syn eigen libbensforrin op 'e nij ûnder eagen to sjen en algeduerigen ta in oare opstelling en wurdearring fan de feiten komt. Op covers fan romans wurdt tsjintwurdich gauris forteld dat de auteur ôfrekkene hat mei syn forline. It komt yn feite hjir op del dat de identiteit fan de minske field wurdt as tige mobyl, ôfhinklik fan erfaringen dy't net kreas op in rychje lizze en dy't, al nei de omstannichheden, hieltiten wer fannijs oardere, forfalske, oars útlein en forsmiten wurde. Skriuwen is net oars as ‘mei de moed fan de wanhoop’ út de chaos wei in identiteit opbouwe.
By mysels haw ik opmurken dat ik fakentiden de tsjinstridichheden yn myn wêzen skriuwendewei stal jown haw yn twa inoar bifjochtsjende figueren. De iene sterk fan aerd, in oerhearsker, op it demonyske ôf; de oare ôfhinklik, ûnwis, humaen en fatsoenlik út need, slachtoffer en skuldner tagelyk. De skuld kin forankere lizze yn de ûnskuld, dat wol sizze yn de ûnmacht. Der wurdt fan ôfsjoen om to woekerjen mei dat iene (lytse) talint. Lit mar lizze, it smyt ommers dochs neat op, nim gjin risiko en jow it talint op 'e ein earlik en sûnder rinte werom.
As skriuwer identifisearje ik my mei de lytse man, dy't oertsjûge is fan syn ûnmacht, fan syn tokoarten, fan syn hope- | |
| |
leaze striid tsjin de oermacht en dy't ûnder bipaelde omstannichheden, der net oan ûntkomt om dochs hwat út 'e wei to setten en even boppe himsels úttild wurdt. Ik leau dat my dizze opset foar in part slagge is yn myn boek Drie Getuigen (Trije Tsjûgen) en yn Smalle bruggen naar de vrijheid.
De lêzer lykwols - en dat foel my sa sterk op by Jan Piebenga - kin him likegoed tige yn bislach nimme litte troch de krêftfigueren, dy't alle mûglike risiko's nimme en dy't it meast oertsjûgjend binne as hja de fortsjintwurdigers binne fan it kwea, fan kweade machten. De dryste reuzen kinne boppeminsklik en ûnoerwinlik lykje.
Ut myn petear mei Jan Piebenga yn Aldegea is my bybleaun dat hy fortelde dat hy in pear SS-ofsieren op bisite hawn hie. ‘Dy ljue hawwe in idéology, dy't har ûnoerwinlik makket,’ sei hy. It wie leau 'k minder in utering fan biwûndering as wol de konstatearring fan de macht fan de reuzen, fan it kwea, dat in minske ôfstjit en fascinearret.
It leauwe yn Kristus, dêr't Jan Piebenga sa patriarchael fan tsjûgje koe, stiet foar my sûnt dy joun altiten tsjin de eftergroun fan it heidendom, fan de greate Luther en syn trouwe duvel. Jan Piebenga hat ek gâns hwat inket tsjin de reuzen, tsjin de duvelske machten oansmiten.
Jan Piebenga hat dy nacht myn royale gasthear west. Ik ha der forlet fan om to sizzen dat ik him noch alle dagen mis as partner yn it petear tusken de Fryske deibledden. Ik mis him as freon, mar binammen ek as tsjinstander.
|
|