fan de frije minske, dy't syn frijheit net oan kin. Der is in direkte forbining tusken de minsken út de Richterentiid, dy't allegearre dienen hwat goed wie yn har eagen en fangefolgen wie it wurd fan God krap yn dy dagen en de lju fan hjoed-de-dei, dy't der har wille mei ha, om yn har boeken de lichamelikens to etalearjen, dy't en passant God dea forklearje en der sels “better” fan hoopje to wurden.’ In nuveraerdich hantwurk sûnder mis en men is nijsgjirrich hwa't dy goddeleaze nudisten of pornografyske théologen binne, mar Kalma bliuwt dizich yn syn biskuldigingen. (Hy is grif in Jongfries).
It meast ûndúdlik is lykwols it forbân tusken Kalma's tirade en de dichter Gysbert Japicx. Ik krij de yndruk dat neffens Kalma Gysbert ‘der tsjin’ wie. It stiet der net eksplisyt, né, Kalma is liep genôch om de skym fan Gysbert net staf-en-af to mobilisearjen tsjin bygelyks dûmny Byleveld. Dy't nammers de lichaemlikheit net etalearret. Mar Kalma hat foar 't neist Byleveld net op it each. Kalma seit it yn 't algemien. Kalma kletst frijbliuwend yn syn artikel dat in skoalfoarbyld is fan ûndúdlik en ûnlogysk tinken.
Hwâ't Gysbert Japicx, de dichter fan ien pûrbêst en in stikmannich wol aerdige fersen net wurdearje kin, lit dy swije en de dichter bileaven net anneksearje foar moralistyske krústochten of it folk úttsjutte hwat Gysbert-om, froed en from, gol en goed ús hjoed to sizzen hat. Hy hat oars neat ‘to sizzen’ as hwat er trijehûndert jier lyn al ‘sein’ hat: de letterlike tekst fan syn fersen.
Ik bigryp dan ek net hwat M.K. Scholten bisielt as er (mei hwat biwegingsropperichheit à la: de jassen út, de ruten iepen, wy moatte wer Fryske striidlieten dichtsje) yn Frysk en Frij fan 17 juny skriuwt: ‘Der sil in “jonge Gysbert Japiks”-imaezje forskine moatte. It byld fan Wilfryd Put is de oankundiging dêrfan! In nije ús-tiid-eigen tagong ta syn leafdepoëzij is de wei; de greate winst kin wurde dat it oanhâld oan dizze 17de ieuske dichter yn syn jongfeintelok en -lijen ús klearrichheit jaen kin oer ússels yn 'e noutiid dy't folslein liket ôfweve to wollen mei de fenotypyske Fryske ynbannichheit.’
As ik de fersen Ick hab dy liaef... en Az ick dy sjog... en Friesche Tjerne lês, krij ik lykwols de yndruk dat Gysbert ek al ôfrekkene hie mei datsoarte ynbannichheit. Of bidoelt Scholten dat miskien? Moatte wy Gysbert earje as earste Fryske pornograef? Dr. Haantjes soe him omkeare yn syn grêf, neffens dy hat Gysbert de útdrukking ‘dit reyts ick ijn 't lid’ noait bigrepen, hwant oars hie er him fansels net brûkt! Mar Scholten sil dat net bidoele, ik bin bang dat er neat bidoelt.
Bliuwt ús noch oer de morael fan dit forhael mei to dielen: biwear, swets en liich byinoar hwat jo wolle, mar dek jou lading net mei Gysberts namme. Of, om it yn de dichter syn eigen wurden to sizzen:
't Iz goed om my to lezzen
Mar lit my ijn mijn Wezzen.
Tr. R.