De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 225] [p. 225] Durk van der Ploeg: Whites only God is yn Amearika De blanke fakbounslieder De swarte wurkleaze Hy reizget troch de States Alabama, Virginia West, Chicago De wite stêdden fan Amearika Mei de swarte treinen Mar hwa wol der noch Nei dy negerij? Bessy Smith is Opstien út 'e deaden De jiskman fan Broadway faget de kaertsjes byelkoar The Death of Bessy Smith Alle nachten wurdt se Op 'e nij formoarde Elke nacht reint it kaertsjes Op de sniebline strjitte Fan Broadway De jiskeman faget se byelkoar Mei de hounekeutels Fan Mister Charlie syn Pikkynees. De negers Hingje as apen efter de traljes To gnizen Dat moast Franklin Roosevelt Nou noch ris bilibbe hawwe Al gun ik him de himel al lang En winskje ik Martin Luther King As earste negerpresidint En syn ambivalinte God [pagina 226] [p. 226] Us beppe Us beppe waerd berne op in grubben bêd Se stoar 80 jier letter op in springfear As ik by har útfanhûze en foar de spegel stie Sei se: Pas mar op aenst slacht de divel dy Foar de kop. Pake hinge in wyt lekken oer De spegel doe't beppe stoar; in roukleed Foar de divel. Nou is allinne har deftige Photographie noch by ús yn 'e keamer Beppe mei de kraeltsjejurk en dêrûnder de glêdde snuten fan 'e skuon ta Teken fan sneinskens út 'e tiid dat Beppe jit faem wie [pagina 227] [p. 227] Us pake Pake rekke op syn fjouwerentachtichst Noch nei New York en liet him yn in Limosyn troch de stêd ride Mar yn it album is er in trawant Efter beppe mei in hearich strikje In garribaldy en folle triennen oer Hwat noch komme moast [pagina 228] [p. 228] Antropomorfisme God wie fan flesk in man Mei in burd, in stêf klaeid yn Lekken à la Isings en Jetses Alles sjende, hearrende Mar earne úneindich wan- Nelt Hy bûten de Wrâld Efter de rêch fan de mins- Ken God leit yn my bigroeven Syn lichem is stadich fortard Syn eagen heldersjende nei De Opstanning bistiet Er wûn- Derlik hûngerich delsjend op- Sjend as by helder waer In flechtsjende Geast Earne yn it hielal in Forgien byld dat men fortelde Unsichtber wurden witten- Skip en it restant in tear Biwiis fan it leauwe Vorige Volgende