| |
| |
| |
Durk van der Ploeg:
It paradys
Albert Corree draefde as siet de duvel him op 'e hakken, hwant hy woe út noch yn net to let komme. By de yngong hearde er it sjongen al. Under it gebet stie er noch to gapjen nei de siken en hy wist net oft er in holle hie; syn lichem wie ien en al longen. It ljocht gyng noch yn kleurige ballonnen foar him op en del, mar ûnder it bidden bikaem it al. Troch de teisters seach er dat de klok fan it swimbad op fiif minuten oer trijen stie. De dukplanke hinge sa heal en heal as in ûtstutsen hên boppe it wetter. Hy moast ûnder it bidden hieltyd de eagen iepen dwaen om yn it evenwicht to bliuwen. As er de eagen ticht die en de wurden fan de foargonger yn himsels neisei, krige er wer dat holle, sweverige gefoel yn 'e holle fan froeger, as er hjir oefene yn droechswimmen. Hy dûkele fan 'e hakken op 'e teannen en fan 'e teannen op 'e hakken. As er dan wer nei de teannen sweve, moast er hieltyd fluch de eagen iepen dwaen om net foaroer yn it wetter to fallen, hweryn de kleden fan de dopelingen wjerspegelen. Rjochts stiek de dûkplanke as in tsjustere driging yn syn gesichtsfjild, links it wite kleed fan de foargonger. Nei it amen, twaëntweintich minuten oer trijen, gyng der in sucht fan ynhâlden spanning as in koelte oer it wetter en seach Albert Corree dûnkere fûgels dêrút opkommen; kweade machten dy't oer de hollen fan de minsken fuort fleagen. Hy koe net langer mear yn it wetter sjen. Het Bad Der Wedergeboorte, Het Bad Der Wedergeboorte, it wiene wurden dy't him yn 'e holle griffele wiene, hy woe se wol roppe dat it yn de fierste hoeken fan it swimbad wjerkeatste. As lêste bijoech er him yn de rige fan de dopelingen. Ien foar ien gyngen se it trepke del en lieten har troch de foargonger ûnderdompelje. Albert Corree fielde it as in oardiel dat oer him komme moast. Hy seach nei de útgong. Syn lichem waerd waerm en klam. Hy soe noch útnaeije kinne.
Healwei fjouweren. Tsien foar fjouweren wie der in trein. It bosk wie der, it park, it stasion. Oeral soe er feilich wêze. De ierde biweegde him as in tsjokke brij ûnder de fuotten. doe't er mei de foargonger it trepke delgyng sloech er it kleed stiif om him hinne. Hy fielde in pine fan syn fuotsoal oant it harsenweefsel doe't er mei in tean it wetter rekke, hoewol't er wend wie om alle dagen to swimmen. Hy gyng noch ien trieme leger en bleau krekt mei de fuotten yn it wetter stean as in wedstriidswemmer op it startblok. Hy seach nei de minsken op 'e rânne fan
| |
| |
it swimbad, de hurde, longerjende, forhearde, driigjende warskôgjende eagen. De hân fan de foargonger treau him sêft nei ûnderen as in formoanning en dat fielde Albert Corree as Gods finger; as gyng er foar it earst fan syn libben yn it wetter, sa skruten forsette er syn fuotten. De foargonger griep nei syn hân. It wetter rekke oan syn hert ta en it die him sear. Miskien fan kjeld, fan striid. Leaude er werklik? Der soe in nij libben yn him ta stân komme. Der komt in nij libben, sei er tsjin himsels om him moed yn to sprekken. Hy hie it al sa lang bigeard. Nacht en dei hat hy der om bidden. Elke kear as er Maria Vis troffen hie en har bigearde, hie er biskamme west en him unweardich achte foar it Bad Der Wedergeboorte. Mar ynienen wie it as fielde hy it troch de hân fan de foargonger, op it momint dat er yn it bad der wedergeboorte ôfdaelde dat him in wûndere krêft iepenbiere waerd. Boppe him wist er it Laem en de ingelen, dy't de bloedstoarting droegen en de gebedens. Hoe faek hie er it jouns net mei iepen eagen sjoen. De foargonger treau him sêft efteroer. Albert Corree hâldde de eagen iepen. Wilens er dêr yn dy frjemde biologyske wrâld hinge en hy troch it flessegriene wetter seach as in dûker, gyng der yn him hwat iepen; as kamen der blommen ut it wetter wei sjitten. Hy woe de eagen iepen hâlde. Hy woe sjen hoe't de Heilân del kaem ta syn forlossing. Miskien in dou, in stik fjûr, de gedaente fan in ingel, in tonge, in han. Wiken lang hie er nachts yn syn dreamen forskiningen sjoen, greate fjurrige fûgels, dieren dy't it bloed fan de ierde opslikken, gleone ballen, stikken metael, ballonnen, auto's, beammen, draglines, dy't mei greate gripers de ierde fan it plak brochten. Eangstige dreamen hie er sjoen; greate stiennen dy't fan de himel reinden en boppe op him foelen.
It wiene krêften en tsjinkrêften dy't har oan him iepenbiere hiene. Hy taeste mei syn hannen under wetter, mar der wie oars net as de ûngrypberens fan it wetter. Hy seach omheech yn it gesicht fan de foargonger mei de preesterlike devoasje en doe hearde hy de wurden: Albert Corree, ik doopje dy yn de namme fan de Heit en de Soan en de Hillige Geast. Amen. Albert Corree waerd kjel. Syn namme dy't yn ien sike neamd waerd mei de namme fan de trijeïenge en stil foar him ût preuvele er Deo Optimo Maximo, dêr't atheïsten allinne de foarletters fan gearfetsje en mei dy ôfkoarting de biliders fan dizze útspraek bistimpelje. Der wie in hân dy't him omheech loek en him oerfoel it sjongen fan in blinkende skare. Het Bad Der Wedergeboorte, Het Bad Der Wedergeboorte, rôp er hieltyd, wilens er tusken de minsken troch krong. Hy rôp it sels noch doe't er
| |
| |
Maria Vis yn it swimbad stean seach yn bikiny, mar in skoft letter, doe't er yn it bosk stie mei de hannen foar de eagen slein, rôp er it noch: Het Bad Der Wedergeboorte, Het Bad Der Wedergeboorte en pas doe't er stil waerd hearde hy de fûgels sjongen, de blêdden risseljen. De wyn sûze ûnwennich troch de beammen. Albert Corree bleau stean as in finzene, de hannen stiif foar de eagen. Hy woe dizze wrâld ûntflechtsje, der moast in oare, in bettere wrâld wêze. Mar sels út syn hannen kaem dy forskriklike wrâld noch op him ta. Wûnderlike forskiningen dy't syn eagen obstrevearren, kamen tusken syn fingers troch. Forskriklike dieren yn de felste kleuren seach er út it flesk fan syn hannen kommen en stik foar stik yn syn eagen fordwinen. Hieltyd wer oare bisten, en hieltyd freesliker. It like as soe der gjin ein oan dizze hel komme. Se frieten syn holle leech en op it lichem fan Albert Corree bongele in holle as in zetfretten meloen. It wie de wrâld dy't op Albert Corree ta kaem. Dy wrâld soe him forsline. It wie de lêste oanfal fan de satan. Hy bigriep it, mar woe it net bigripe en yn syn lichem wie in orgaen dat nei syn lege húl fan de holle omheech seach. Hy raesde it ut, sadat it lûd yn it bosk wjerkeatste. It wiene gjin wurden dy't er rôp, mar lûden fan oe, ô, bô, oak. Wiet fan swit stie er oer it boskpaed en sloech de eagen op nei de himel. Hy woe bidde, mar der woe him gjin wurd yn it sin komme. De bisten hiene syn holle leechfretten, tocht er. As in kranksinnige stie er oer it boskpaed to haweevjen. In omskot wie it noch, in lege ballon. Of hie er him dat allegearre mar ynbylde? Hy hearde de fûgels noch, se bigounen forheftiger to floitsjen, sa dat Albert Corree der kjel fan waerd. Hy loek de hannen foar it gesicht wei en seach om him hinne. De beammen oerdieken him as reuseftige planten.
Hy wie in nij minske wurden, dat yn elke foarm en ider ding de neibijens fan God seach. Albert Corree fielde in nije krêft yn him kommen. Hy waerd in oar minske. De wrâld bloeide op 'e nij iepen. Hy wie in Adam yn de skepping. Hy rôp de nammen út dy't er joech oan alles hwat er seach: Kalabas, Clondike, Deedeetee, Archangel, Lucifers, Bel, Blaes, Utopia, Tellus, Skal, Pram, Bek, Fluit, Epirus, Maranatha, der kaem gjin ein oan de nammen, it wie ien greate dichterlike litany. Uren lang roun er troch it bosk. Doe't er wurch waerd gyng er op 'e rêch ûnder in beam lizzen. Hy bisocht hwat to slûgjen, mar hieltyd die er de eagen wer iepen en seach nei de tûken dy't stadich hinne en wer skommelen. Krekt woe er wer bisykje in tukje to dwaen, hy soe oan hûndert ta telle, mar hy wie noch mar by 26 doe't er boppe syn holle in ynsekt seach dat stadich
| |
| |
by de beam opheuvele. Albert Corree forwûndere him oer sa'n lyts ynsekt, dat by machte wie by in greate beam op to klimmen. Hy gyng op 'e knibbels foar de beam lizzen en folge mei omtinken de wei fan it ynsekt nei boppen. Albert Corree moast der optlêst by stean, sa heech klom it ynsekt. En krekt doe't er op eachhichte wie, alteast op eachhichte neffens de langte fan Albert Corree, doe moete dat ynsekt in gelikens ynsekt fan in oare sekse. De forhâldingen hweryn Albert Corree dit seach die him tinken oan in rendez-vous yn 'e romte. Mei stúdzje folge Albert Corree de pearing en forwûndere him oer sa'n minuskule skepping. Hy filosofearre hwat nei oer ivichheit en stjerlikens, dy't inoar neffens Albert Corree yn it lykwicht hâlde moatte. In ivichheit sûnder ôfstjerringsproses is net mooglik, dat moat liede ta in folsleine chaos. Dêrom hat God de minsken en de bisten strange grinzen steld. Albert Corree wist fan in útforkiezing fan de geastlike minske, net de biologyske, de spermatyske. Hy seach syn filosofy yn de dierewrâld bifêstige. Hwant nei de pearing foel it ynsekt nei ûnderen en bleau fortoarre oan de stam fan de beam lizzen. It bifruchte ynsekt kleefde as in sel tsjin de beam oan en foroare yn in aei. Dat wie tagelyk ek de bifêstiging fan Albert Corree syn stelling dat de bifruchting sûnde is en mei de dea straft wurdt. Hoe hie er de dea ek altyd freze tidens syn visionaire dreamen oer Maria Vis, it famke dat de satan him altyd foarstelde yn bikiny. Elke woansdeitomiddei moete er har yn it oerdekte. Se wie moai, moaijer as alle oare famkes dy't dêr middeis wiene. Uren neitiid spoeke it byld fan Maria Vis him noch troch de holle. Nachts dreamde hy fan har de wyldste dreamen. Mar soms ek oerdeis, as er bygelyks nei it swimmen yn it klaeihokje stie, him ôfdroege en oerlangsum de klean wer oanloek, dan stie er deagewoan to dreamen.
Mar dan ynienen kaem wer dy forskriklike eangst oer him. De eangst foar de sonde. Mar nea hie er by machte west om dy dreamen en fantasijen op to kearen. Se wie altyd freonlik tsjin him as er har op 'e rânne fan it bad moete en hy har lichem seach. Mar it like soms ek oft der in forwyt yn har eagen lei. Hy leaude nammentlik oan de sintuchlike oerdracht fan gedachten. Se wist fan al syn dreamen. En mei de freze en skamte makke elke ereksje him ta in proai fan de kweade, spatte der in greate buol yn syn harsens út elkoar en ûntstie de chaos, in chaos dy't elke kear wer op 'e nij ta in katharsis liede moast. Mar eardat er dizze katharsis birikte ûntstie der in wrakseling. Hy fleach dan as in idioat út it klaeihokje fan it swimbad, stau troch de útgong nei bûten, efterfolge fan skuldgefoelens
| |
| |
en deadsdriging. Thús kastijde er him as in kranksinnige yn de iensumens fan syn keamer, dêr't er him neaken útklaeide en syn lichem, mei in laits fan hillige freugde om 'e lippen, yn in kiste mei diggels om en om rôlle oant hy oan alle kanten tosnijd wie en it bloed him by alles delroun. Binammen bloed joech him in gefoel fan formoedsoening. Underwilens rôp er oer himsels allerhande forwinskingen en forflokkingen út neffens in biwend ritueel. Hy libbe yn de oertsjûging dat mei it bloed ek it kwea út it lichem streamde; it kwea dat mei it bloed it hert forûntreiniget. Dêrnei koe er soms ûren op 'e groun lizzen bliuwe en seach yn it stadich weistjerrende ljocht. En pas as it nacht wie kaem er oerein. Hoe inerlik bifredige koe er dêrnei jouns oer de jokjende droege rouwen rosse, de lichaemlike noflikens pearjend oan in sillich meditearjen oer God, al bitsjinne hy him dêrby wol faken fan in frjemdsoartich antropomorfisme. De wûnderlikste gedrochten kroepen him dêrby troch de gedachten en soms waerd er bang fan syn eigen dreamen. Mar nou't Albert Corree dêr yn de jounssinne ûnder in beam siet as in doopte, in bifrijde, in hillige, leaude er net mear oan de selskastijende en selsofferjende straffen, mar troch de doop hie de geast fan Kristus yn him oerwoun. Het Bad Der Wedergeboorte, Het Bad Der Wedergeboorte, rôp it lûd troch it bosk, bliid as in bern, optein as in dwaze. It lûd wjerkeatste en it weromkommen fan dat lûd wie him as in antwurd fan God. Albert Corree blies op it aei dat tsjin de beam oan kleefde, en sei: it libben sil út de dea ûntstean. Doe gyng Albert Corree mei forglêzge eagen en earnstich neitinkend, de hannen op 'e rêch fierder it bosk yn, bleau soms stean om nei de fûgels to harkjen, herhelle soms de nammen dy't er bitocht hie en makke der nije by.
Sei oan ien tried wei rigen nammen op, hwerfan er optlêst net iens mear wist hwerfoar se wiene; sa neamde er in beam Maranatha en Tellus sei er tsjin de loft. Ebal neamde hy de groun, mar yn werklikheit wie syn nammejowing hiel oars. Dan bleau er wer stean en tocht djip nei en wilens hy dêr stie spraette in fûgel syn wjokken út oer it bosk dat it ljocht weinommen waerd. De snaffel bleau tusken de beammen hingjen. Krekt in lange biennen ongel. Ut de tsjusternis kamen de minsken dy't har sneinske kuijer makken yn it bosk, elkoar pleagjend, kwea dwaende, haetsjend. Jonges en famkes wiene der, dy't meielkoar yn it gers om tumelen. De minsken makken Albert Corree drôvich. Mei de skonken wiid út elkoar bleau er midden oer it boskpaed stean. De jas bongele him losjes oer de skouders. Syn eagen hie er drôvich nei de groun slein. Hy tocht
| |
| |
oan syn thús, oan de kiste mei diggels dy't er net wer brûke soe, dêr't er miskien syn hiem mei forhurdzje koe. Mar it wie ommers net nedich, hy soe net wer nei hûs ta gean. Hy woe yn it paradys bliuwe. De minsken kamen tichterby en bleauwen as swarte klonken om him hinne stean. Hjir is in nije wrâld bigoun, rôp er de minsken ta. In famke dat op 'e rêch yn it gers lei, lake sa lûd dat allegear nei har seagen. Jo, sei er, en hy wiisde nei in âld mantsje mei in gongelstôk dat alhiel dûbelteard wie, jo binne sa âld as in beam mar hwerom stige jo net to'n himel? Hy bitsjinne him hjir fan in eufemisme foar stjerren. Jo noas slipt al oer de groun en de gongelstôk is jo to lang wurden. Jo groeije nei de ierde ta, mar jo moatte nei de himel ta groeije lykas de beammen. Het Bad Der Wedergeboorte kin jo rêdde. Hy is ús hurdswimmer, rôp it famke dat sa lod Take hie, en se wiisde nei Albert Corree. Hy is gek, hy is gek, rôpen guon fan de omstanders en se woene op Albert Corree oanfalle. Hy sloech de hannen foar de eagen en seach wer de frjemde krioeljende massa fan bloedkleurige gedrochten tusken syn fingers troch krûpen. Se soene syn holle wer leechfrette. Hy raesde it út en sloech de hannen nei boppen. Der kaem as in deus ex machina in swarte forskining mei flearmûzewjokken op de mannichte del. It wie in diabolyske forskining lykas Albert Corree se koe fan de printen fan Pieter Bruegel. Hy woe lykwols net as protagonist troch de satan fan dit toaniel rêdden wurde en dêrom forfette Albert Corree syn wei troch de bosk. Der groeiden him wjukken oan de skouders en stadich makke er him fan it boskpaed los en waerd wei oer de beammen.
|
|