De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 199]
| |
De takomst
It is gjin mearke hwat ik jimme hjir fortel
de nije generaesje kriget ek in nij model
de harsens hurde tsjin 't geraes fan it forkear
en foar de hurde kop in trijedûbeld fel.
| |
Buorrelpraet
Hja wolle nei de oertekst dûke fan ús wêzen
mar aventûrje 't har bifining ris to lêzen
en ider kin him rêstich deljaen nei de show -
de mins is har in walch útsein yn eigen glêzen.
| |
De streber
Hy is gjin filmer oan it oarlochsfront o né
mar gnysket graech foar 't rút fan de tévé
in slachtershoun dy't om in bonke skoait
en longert op it hiele bist - de arrivé.
| |
De swankebast
It kin jin wolris troch de holle mealle
sil immen alle tearen yn it wetter telle
dy krijt der sels moai wis in rimpel by -
hwant elk forsin wurdt op de koark forhelle.
| |
[pagina 200]
| |
De nul
Hjoed priist men dy om striid in flinke knul
moarn bist foar 't selde lûd in neazich prul
mar nou woe 'k stomme graech fan wriggert wite
is 't faeks syn eigen halsbân of sok spul?
| |
De sterken
Us docht gjinien hwat oan wy ha ús wapen hurde
op elke wjerstân slypje wy it ta in swurde
komt jin in skobbejak to nei -
hwa 't ús wol brekke dy sil sels tobrutsen wurde.
| |
De primeurjager
Hwat sjocht men 't earst by mannich redakteur
toant him de man yn al syn ponteneur
en wynt er him nei foaren mei de troep -
in stik proleet en 't krop fan de sinjeur.
| |
De gunstling
Hy wurdt fan alle kanten wakker stipelearre
en hwat er eartiids troch de mûle onanearre
dat kin er nou wol oan de krante kwyt -
dus slaen wy de simbael en slobberje de djerre.
| |
It lan fan bilofte
Al giet it yn de gekke wrâld ek hietyd wylder
hjir wurdt it ûnbihagen by de dei wer mylder
de hege pyt kin mei in heale noasdrup ta -
dat ider sit tofreden op syn eigen pylder.
| |
[pagina 201]
| |
Hichtepunten
Hoe húslik as de bargehokken by ús steane
sadré't de fuorbak rattelt foar de smoarge beane
- 't hat trouwens neat net to bitsjutten hear -
sil elke poepestreek wer yn de swinen fleane...
| |
De creme de la creme
Al is de minske - bûten jo - trochsein gemien
nea hat in spekulant sa'n earber útstel dien
en lit jou liif mei bankbiljetten tatouëarje
hwant sokken jow ik graech myn lêste stunt to lien.
| |
It sukses
As men talinten foar de handelsskoalle mist
dan slagget it jin altyd noch wol as jurist
of kinne wy 't mei preken ris bisykje -
mar 't bêste is fansels en wurdt oars journalist.
| |
Hymne
Der rydt gjin olfert langer mei de ezelwein
it bier dat is wer bêst it brochje tsjok bilein
en alle swevelstank lûkt út it minskdom wei -
heil ... fordomme dêr hie 'k hast in wurd tofolle sein.
| |
Moude
Hoe neijer oan de dea silst oeral syn geheimskrift lêze
dit rinnend stof it kin de hiertoai fan in famke wéze
of 't sielsljocht dat yn jongeseagen boarte -
en soms soest' hiel de wrâld omearmje wolle en genêze.
| |
[pagina 202]
| |
De fornedering
As men dy alle smoargens nei de holle smyt
en 't kwea wurdt jarre mei de koets fan hypokryt
dan hast nei myn bitinken neat to kleijen -
itsij dat dy in stjonkert strak it bêd fol skyt.
| |
It fraechteken
It swartsel fan de nacht biswalket noch de moarn
en slacht de kimen del - hwer woedet de sykloan
dy't aensent bûleblaest mei ús yllúzjes? -
der rint in swiere dining op de kusten oan.
| |
It slykspoar
Elts wêzen draecht syn eigen oantlit mei
mar steane dy de doppen gleon en glei
dan doocht it net by pikema & mannen -
oars liet it libben dêr gjin slykspoar nei.
| |
It probleem
Wiswier - je kin der lang en breed oer stinne
dat hja har groeden op 'e knibbels rinne
lykwols - hoe til je sokken wer oerein
as wy ek boksen sûnder fuotten binne?
| |
De gieren
Sjoch hoe't de gieren boppe de woastine
ta oansjen groeije en har neijer wine
dit sparret wol de dragers wer in loop -
en al 't getsier om job is aenst forline.
| |
[pagina 203]
| |
Leginde
Hja stropten syn efterst sa bûnt as de mieden
hja stropten fan foaren ik jow it to rieden
en al skoppende kaem men to plak -
hja tragen op 't hert en doe lei it to blieden.
| |
It wjerlud
As stimpel draecht dit brief de venusstjerre
en 't hânskrift hat in roas wol parfumearre
hwat alle hoop wer bar de takomst jowt -
dat lit de rop fan de koekút mar hearre.
| |
It ballet
As it gefoel net langer yn dy stiet forhurde
en 't sied is kjimjend yn de fuorge sjudde
dat strak de raeijen wynd'rje by 't ballet
dan sil dyn hert har ta in dounsflier wurde.
| |
Fairy-tale
They are waving vales in the hand of the few
when they open their beautiful glance for you
and the jumping antelope -
till the heart drops asleep in the dance of the dew.
| |
De forlittene
Earst roun de maitiid núnderjend troch griene gongen
doe hat der tusken ús in stil fluïdum hongen
gean nea wer fuort gean nea wer fuort -
sont hat dy moaije flinter wol syn eggen fongen...
|
|