De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 190]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Durk van der Ploeg:
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 191]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
fêst to stellen hwat der mei de poëzij fan Tiny Mulder oan 'e oarder is. Totalen, tinkrjochtingen, mear net. Men komt by herhelle lêzing inkelde dingen op it spoar dy't jin hieltyd dúdliker foar eagen komme to stean en miskien folslein ûnbiwust Leitmotiv binne, al is dat hwat in raer bigryp foar in bondel gedichten. De heale forsteander is lykwols in goed wurd nedich. Om to bigjinnen haw ik socht om in forgeliking mei earder wurk fan Tiny Mulder, dat samle is yn de bondel oranje paraplu (1962/642). Der is hiel hwat forskil tusken oranje paraplu en viadukt. De gedichten fan viadukt bitsjutte foar my in nije fase yn it wurk fan Tiny Mulder. Oranje paraplu is boartlik, dounsjend, springerich, poëzij mei in charme lykas Fryslân net koe. Binammen troch de bernlike tinkstruktueren untstie der tige oansprekkende poëzij, dy't nettsjinsteande har moderne foarm en útdrukking, forsteanber wie, sa net bigryplik. De primitive stadia fan oranje paraplu komme yn viadukt yn in folwoechsener stadium werom, al wol dat net sizze dat Tiny Mulder mei dizze nije bondel yn ien kear op de folwoechsenens oerstapt is. De leafde, dy't yn har wurk sa'n greate rol spilet yn tal fan foarmen, is yn viadukt folle problematysker wurden, mar it tsjut ek op fordjipping, se is koeler, better bihearske, selsstanniger. De leafde kriget yn viadukt hwat in stridend, biskôgjend karakter, wilens it yn oranje paraplu faek noch in opstiging is. Viadukt is subjektiver en as sadanich is dizze twade bondel sterker as de earste. Dêr stiet lykwols tsjinoer dat Tiny Mulder net mear safolle boartet yn har fersen, krekt as soe de humor net by safolle earnst passe. Der binne ek sterke oerienkomsten yn it wurk fan dizze beide bondels. Sa fyn ik yn allebeide frijwol deselde bylden dy't hieltyd weromkeare. Dat is yn it foarste plak it byld fan de fûgel, de fûgel dy't yn viadukt neamd wurdt: ‘it profetysk dier’ (in skûtel krommen en in lealdesang), mar ek yn hiel oare bitsjuttingen foarkomt. Sa wurdt der yn it fers wifkjend ûnderskie makke tusken de koalswarte fûgels en fûgels. De koalswarte fûgels wurde forjage, de fûgels slane de wjokken om en om as boekeblêdden mei himeltael. De earste fûgels sille diabolyske figueren wêze en de twade soarte ingelen. Yn elts gefal hawwe de fûgels hjir hwat út to stean mei de himel c.q. de hel; se hawwe ek hwat út to stean mei leauwe en religy. De fûgels foarmje in forbining tusken himel en ierde. De fûgel is de relaesje tusken God en minske en as sadanich wurdt de fugel hjir faek neamd. De fûgel is lykwols ek it symboal foar it ûngrypbere, it ûndefiniearbere; fûgels binne geast, se binne dêr, hwer't de minske net komme kin of se wurde brûkt foar | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 192]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
hwat oars net oantsjut wurde kin: ‘fortriet is in dimmene frûgel’ (brief encounter); ‘juffer goedekoop mei har griis fûgelkopke’ (juffer goedekoop). Hoe komt de symbolyk fan de fûgel ek ta utering yn de minske god - God de minske, dér't de waenwize minske in papieren fûgel is en tink dan fierder yn dit gedicht om de pauwefearren. De fûgel tsjinnet ek as in symboal foar it primitive:
en wy dreamsiken
yn de fluezige wrâldkoepel
mei hwat lok tusken tomme en finger
stammerje troch de huver
nel hwer't tuorren farske gatten
boarje yn de batsk lichte novimberloft
en de klomske séfûgels swalkje
om it ierste brea fan de ierste frou
o nou wer it bern mei it lichem fan lok
de earmen swinge en fûgel mei
de earmen omheech in toer fan in bern
en de séfûgelfrou mei it brea syn mem
op sa 'n ierripe froastmoarn
en farsk noch fan sliepen
de souvereine tiara fan damp yn it hier
it bern fan in wrâldfol novimber
lykas men léze kin ût dit fragmint fan it gedicht nettsjinsteande. Ik fiel by it symboal fan de fûgel yn dizze fersen ek hieltyd wer in bifrijing, dy't wol it béste ta utering komt yn it gedicht rispinge:
de joun slacht it park kleureblyn
dat men de beammen net sjen sil
ôfladen mei ripe eangsten
de stekken jowe elkoar de hân
en slute it kordon
o dat nou it sésêflte parkdier
rêdden waerd troch de weiwize
bireizge fûgels
dat it sprakeleaze dier
in slim hie om sinjalen to jaen
oan de tagedienen
de blêdden roppe driuwend
it waerbirjocht om
út de stoarmhoeke en dat
wylst de beammen al bûge
fan oerripe eangsten
fleurich flechtsje de wyntichte fûgels
men wit hoe't it komme sil
as aenst de rispinge losbrekt
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 193]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
oan it dier moat men net tinke
lef in slokje nimme en blyn sliepe
ik wol net dat it langer
yn deadsneed út myn eagen sjocht
De fûgels kinne dus oan de eangsten fan dizze wrâld ûntkomme, kinne de wrâld en de drigingen ûntflechtsje, wilens it stek it kordon slút. Yn dit fers komt ek hiel sterk nei foaren in bigryp dat ik net troffen haw yn de bondel oranje paraplu, nammentlik de eangst. En as de eangst yn oranje paraplu driget, dan sjongt Tiny Mulder har der hieltyd oerhinne. Mar yn dizze bondel is de eangst oanwêzich. Yn rispinge steane de beammen ôfladen mei ripe eangsten en fierder: bûge de beammen fan ôérripe eangsten. Men komt dit wurd hieltyd wer tsjin, mar ek hwer't men it wurd net tsjinkomt is de eangst yn it fers oanwêzich. Dy eangst hâldt tige nei forbân mei in oar wurd dat ek hiel faek foarkomt, nammentlik leafde. Eangst en leafde foarmje yn de bondel viadukt poalen dy't elkoar hieltyd wer oanlûke. De eangst foar de iensumheit, dérfoar hawwe wy ús biwekkers oansteld:
ien út leafde
ien út freonskip
ien út idelheit
ien ut selsbihagen
ien út selsbiklach
en alle fiif út eangst
foar iensumheit
Tiny Mulder jowt hjir sels al in opsomming yn brief nei de sel. Der binne noch mear foarmen oanwêzich: de eangst foar in ûnbikende wrâld (ferve hûs), eangst foar gefaer (eangst yn 'e moarn/driging), eangst ek foar de takomst yn eschatologyske bitsjutting yn it fers wifkjend:
wy bingelje mei de fuotten
oer de rânne fan de wrâld
en telle ôf: doar ik wol
doar ik net
doar ik wol in sprong weagje
en útfine hwat is hillichheit
ivichheit ûneinichheit?
Dat ynelkoar sluten fan de eangst en de leafde of de leafde en de eangst, jowt oan dizze bondel in fordjipping: lés it prachtige titelfers viadukt. Ik fyn hjir ek in subjektiver poëzij werom, dy't tige sterk op de réaliteit bitrutsen is. In motto dat de twade ôfdieling fan dizze bondel meikrige, hie net kinnen yn oranje paraplu: | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 194]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
in this century the poets said that love was dead
(to be dead to love is the coldest death)
e.n. sargent
En meitsje dan ek ris in forgeliking tusken twa fersen: leavje is út oranje paraplu en foroarlik út viadukt. Foar in maklike forgeliking skriuw ik de beide fersen hjir njonken elkoar oer:
Ik mei it fers foroarlik gâns leaver lije as leavje is. It foarste docht my tinken oan pypforsideboartsjen, mar it twade is in stik libben. Gjin dreamerige romantyk mar in hurde réaliteit, dy't oan 'e ein sa skerp trochbrutsen wurdt yn foroarlik, mei dy fingers dy't samar op in dei groeije. Dat is noch in trekje út de bondel oranje paraplu. Dizze twa gedichten karakterisearje foar my wol sahwat it bigryp leafde út beide bondels. Yn oranje paraplu fiel ik noch hwat fan de forwûndering oer | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 195]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
de poëzij sels en de leafde hat dêr in relaesje mei dy poëzij. Tiny Mulder is hjir tichter oan it doel kommen troch de poëzij tsjinstber to meitsjen oan de werklikheit. Se is dêryn tagelyk humaner, hwant meidat yn dizze gedichten ek de eangsten en gefaren op har takomme, jowt se har ek bleat yn it meilibjen, meilijen; wol de eangsten ôfwarre, de forbrutsenens fan de leafde earlik ûnder eagen sjen. Troch al dy bitreklike wearden ûntstiet ek de eangst, de ûnwissichheit.
in sâlt fortriet lyk as de minske hat
in wiffe freugde lyk as de minsken past
Dat is ek it motto fan de foarste ôfdieling fan de bondel viadukt. Dizze poëzij hat dúdlik in yntegrael karakter. Men kin der forskillende kaeijen út helje, lykas al neamd de fûgels, eangst, leafde, it bern, mar ek de beam dy't ek in relaesje hat mei de himel, in wenplak foar de fûgels. Kaeijen foar ûnderskate doarren yn it hûs.
Njonken wurdearring haw ik ek in biswier tsjin dit wurk. Dat biswier oppenearret him wol it sterkst yn it barokke fers in skûtel krommen en in leafdesang dêr't ik sa om-en-toneisten-by 60 eigenskipswurden yn telde, en dat is my tofolle fan it goede. It fers is foar my ûnlêsber, al kin ik springendewei al sahwat it paed folgje dat de dichteres hjir út wol. It fers heldersjende telt 17 eigenskipswurden. Nou haw ik in frekten hekel oan it tellen fan eigenskipswurden, mar hjir koe ik it dochs net litte en tocht, nou foaruit, nettsjinsteande ek noch, mar doe't ik op 'e helte de tel kwytrekke, waerd it my tofolle mânsk. Ik soe Tiny Mulder mei de wurden fan Fedde Schurer riede wolle:
Dyn wurk? it is krigel en risselút
mar as ik dy riede mei
skras dan dy eigenskipswurden der út
Ik haw noch bisocht it fers in skûtel krommen en in leafdesang sûnder al dy eigenskipswurden to lêzen en it bleau in fers, of leaver it waerd in fers. Hjirút komt ek in twade biswier fuort, nammentlik, dat de poëzij tofolle tael is. Yn wêzen haw ik in hekel oan it lêzen fan gedichten en dêrom ek oan poëzijkrityk. Ik bin net by steat krekt út to lizzen hoe't dat ûntstien is, al haw ik wol in formoeden, in formoeden dat ik ek wol omskriuwe kin. It lêzen fan poëzij moat sahwat itselde wêze as it útpakken fan de lucht dy't ik yn- en útazemje. Ik krij dy lucht yn kisten thús. Om yn libben to bliuwen stean | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 196]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
ik hiele dagen yn myn hûs ût to pakken. As der wer in keamer fol emballaezje stiet, gean ik nei in oare keamer, krekt salang oant it hûs fol is. De tael is hjir it middel dat it doel ûnthilliget; it is de emballaezje, it skelet fan de poëzij. Fansels is dit oerdreaun, lykas elk goed byld oerdreaun is, mar ik pak leafst sa min mooglik út by safolle mooglik lucht, dat makket my it libben licht. Lykwols Tiny Mulder hat it sels biliden yn ien fan har gedichten for no reason: wurden net to skriuwen / yn letters op papier / net to sykheljen by de freon / net mear as kloptekens / oan it rotslewant binnen de sliepen / amorfe swalkers yn de bloedbaen / en dochs gedichten / it wêzentlik kontakt / troch seis sawn sintugen / godtank bar eat út neat. Foar hwa't dizze gedichten lêze; harkje nei Tiny Mulder: for no reason. |
|