De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 186]
| |
IIit is ús beide om dyn hert to rêdden de dea en my slaende deilis | |
[pagina 187]
| |
III
de sé sa great! is 't wier?
myn finger tipt de tonger
oan de kym
bliksem! in blier
| |
IV
greate broer gefaer
ik in pjut? en dou?
sei de mûs tsjin de slange
ik kin dy yn
myn pupil ommers fange
| |
[pagina 188]
| |
V
op wrâlds drokste hoeke
broadway - 42nd street
stiet al jierren op wacht
ien dy't wachtet
oant de Hear komt
op wrâlds drokste hoeke
broadway - 42nd street
| |
VI
neist de wache riger
yn bibeitele lykwicht
stean oan de sleat
bifongen sjen hwat hy sjocht
lichtwol
neat
| |
[pagina 189]
| |
VII
in memoriam
dit gedicht
skept dyn gesicht
ik sil dy út myn brein bifrije
ik kin dy net mear
foar my krije
|
|