der neat tsjin ynlein, hy hie it oanfurdige blykber, mar hwat wist se eigentlik fan him ôf? ‘Hiest it mar net dwaen moatten, ik haw it net fortsjinne.’
‘Ja, dat hast wol. Dêrom haw ik it ek dien. Ik woe hwat goed meitsje. Oars hie it my letter kommen to muoijen.’
‘Dou hoechst dy noait hwat to forwiten,’ sei se, en se taestte wer nei syn hân.
‘Né,’ sei er, ‘ik sil der noait spyt fan krije.’
‘Hast der noch altyd fortriet fan dat wy gjin bern krigen ha?’
‘It is sa better. Men moat net earst oan jinsels tinke, mar oan 'e bern.’
‘Ja,’ sei se.
‘Yn ús gefal wie it better fan net, efterôfbisjoen.’
‘Krekt.’ It foel har ta dat er ta deselde konklúzje kommen wie as hja, sij it tsien jier letter. Sy hie fuortendaliks al witten dat se har bern net sa'n âlde heit ta ha woe, en doe't se har ek noch foarstelde hoe't it bylkje soe, hy en sy togearre efter de bernewein, doe hie se har maetregels nommen. Winliken stom dat se der fantofoaren net by stilstien hie dat se sa'n ein skeelden. Sy wie fjouwerentweintich doe't se trouden en hy seisentritich, mar doedestiids hie se dat oersljochte. Hy wie lykwols samar fjirtich wurden en doe bigoun dy tolve jier deryn to weagen. Nou wie hja achtentritich en hy mei in goed moanne fyftich. In generaesje forskil suver. Dat kaem ek om't Aldert fan uterlik en yn syn dwaen en litten âldmannich wie, wylst hjasels jong bleaun wie. Se fielde har neat âlder as doe't se troude. ‘Men kin jin sa jong fiele as men sels wol,’ sei se treastend.
‘Dat is sa,’ sei er. ‘Moatst dyn thé opdrinke.’
Dy soarchsumens fan him! Se wist ynienen: dêrom bin ik mei him troud. Ik wist foarút dat er my op hannen drage soe en ik haw my net forsind. Ik haw in libben hawn as in prinses, hy hat altyd alles foar my weinommen. Dêrom bin ik ek jong bleaun, ik wit net hwat soargen binne. Doe bisprong har de eangst dat er har ûntfalle soe, en dat alles en alles foar harsels opkomme soe. ‘Wy kinne noch wol tritich jier byinoar bliuwe,’ sei se.
‘Men wit it net, de dea komt faek ûnforwachts.’
‘Né Aldert, siz soks net!’ Se sloech har earm om syn mul en bigoun to skriemen. ‘Ik kin net sûnder dy, Aldert. Ik soe my gjin ried witte.’ Se tute him op syn wang, pakte syn hân en streake dermei oer har boarst. ‘Ik kin net sûnder dy, leave,’ sei se nochris. ‘Dou giest noch net dea, nou?’
Hy skodholle.