De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 177] [p. 177] Durk van der Ploeg: Op moandei Us mem wosk alle moandeis yn 'e stoepe Nea wie de loft ljochter as op dy dagen En tsjin de middei mei alles op 'e line Yn 'e wyn wie ús terp de allerheechste Se liet in pakje blausel yn it wetter sakje Nea is blau sa wyt wurden as doe As ús mem de wask mei blausel opspielde En de terp omheech brocht Dan wie ús hûs in skip op sé Dat alle seilen bysette en fuortskrepte Yn 'e wyn op nei it tsjerkhôf Dêrom foun ik de jounen sa drôvich Tink ik as ús mem it guod optearde Wy forneatige woerden ûnder swiere loften De lampe út 'en gielens skynde ik it ljocht De wyn en it blausel roek út 'e wask [pagina 178] [p. 178] Republikeinsk gedicht De republikeinen mei 1000 spandoeken De monarchisten moatte har de kon- Stitusionéle frienbuizen trochstekke litte Mei de XXe ieu gean de keningen op Retour nel har ivoaren oaljefanten As jagers op great wyld Der komme noch folle mear stichtings- Akten, reginten, moassige musea Mei húsarchiven foor de skriemenden Histoarisi heraldisi Openbaar Kunstbezit touringcars yn de pa- Leistunen en keninklike stâllen Mei dynasty bitinkers dy't Gods lof Sjonge foar de freules, de keale jonkers De folkloristyske keamerhearen bd. [pagina 179] [p. 179] Dream op ljochtskyndei Ik dreamde en dreau astronautysk Oant de wolken myn lichem ûnderskepten It oant wit ik hoe heech brochten De sinne ynienen rjochts fan my De moanne oan myn fuotten De ierde wie in bal oan de floedlijn Ik krige hûnger en friet alle boeken Fan de ierde meinommen op U.o. Decamerone Karl Barths Kirchliche Dogmatik/Darstellung Und Deutung seiner Theologie Net foldwaende foar sa'n lange reis Bigoun ik my optlêst to forfelen Waerd wekker en wist ynienen De himel is net boppe mar ûnder Sûnder dêrfoar it klearste biwiis To hawwen in wachtkeamer mei Stjerkebihang yn it hielal mei Ingels dy't de Fabels fan La Fontaine Lêze resitearje inoar de wjokles Opstrike oant ik net mear dreame Sil de Militie Christi de frede oanfangt Bin 'k bang. [pagina 180] [p. 180] Autos Myn bureau stiet as in brêge yn 'e keamer Ik liz myn fuotten der op en pûst hwat út De skuon farre as fredige skippen ûnder de brêge troch Myn fuotten slute it forkear ôf se meitsje Biwegingen as sil ik hieltyd fuortride Stadich oplûke de eagen op 'e fierte heakje It plafond sakket stadich De kears wurdt koarter De kosmos wurdt greater Ik skriuw in gedicht: De swarte sé in deade stêd Hielal fan stien De minsken hawwe har oan de sinne ophinge De wrâld is fan flesk Poëzij is tsjinnatuerlik In sintúch fan forfrjemding Untsnapping oan tsjusternis en fantasy Poëzij is ûntbining fan in werklikheit Der ride autoos oer myn bureau De kosmos feit swier op it plafond Ik kin de kears noch ien kear snute Nou sit ik mei de holle tsjin it plafond Myn skriuwmasine is in observatorium De bureaulampe in radarskiif Der rint in sebrapaed oer myn gedichten En ik ta bifêstiging de lêst libjende autochtoon [pagina 181] [p. 181] De trein fan 23.50 Gjin nijs fannacht, alwer itselde liet; De harsens leech, de kranten yn 'e bûs. Ik nim de lêste trein net bûs, Dy't op 't stasion to snuven stiet. De moanne sjocht geduldich út syn doppen. De krante skriuwt: De yndustry yn Fryslân net de knoppen. Mar och, it bin mar koppen út it westen, Dat dogg' dy kringen inkeld mar om ús to pesten. Fordomd, in blomke foar de frou, forgetten. Strak fyn ik har yn 'e earste sliep, de eagen sletten. Se sil it net fornimme dat ik by har kom En hwa tinkt der dan moarn noch oan in blom, En stel, se leit noch justjes op 'e hark; Se is ek sûnder blommen as in stark. Mar kom, ik haw in krante fol mei moppen En yn it rút de reizigers mei hounekoppen, Dy meitsje nou mei ús in rendez-vous; Wy gean de romte yn, in dame yn in blouse Sit luftich yn it lânskip har to sminken, Wylst yn har hier de stjerren stean to blinken. De rails stean steil as fertikale ljerren En wize yn in romte groatfol stjerren. Kertier oer tolven, alwer moarn, mar 't avansearret. Ik tink wol dat de trein halt arrivearret. Sjoch nouris hoe't dat frommis yn it rút Har yn it lekken fan de himel snút. Der stiet in neger yn de rails, dy hult dêr op in bekken; Ik sit gewoanwei hjir op in orkest fan gekken. Se sitte ûnder my to razen en to skoppen En trommelje ús mei de hiele brot net boppen. [pagina 182] [p. 182] Se smite ús mei man en mûs Yn 't himelbêd fan fearren. Al is it dan gun tiid to stjerren, û. Plastik Ik wol gedichten meitsje fan plastik kubike ynhâld poëzij De biolooch haf in plastik bakje Foar protoplasma Kubike ynhâld libben Myn glastik sinnebril Makket fan de wrâld in akwarium Ik haw plastik blommen op 'e tafel Dit is in gedicht fan plastik Jo kinne it wurd bar wurd demontearje Rjocht fan patint Durk van der Ploeg Vorige Volgende