De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 168]
| |
Rink van der Velde:
| |
[pagina 169]
| |
- Oare hearen, mar deselde feinten, sei er. - Dat hat altiten al sa west. Kapitalisten of fascisten, it forrekt jimme neat; jim litte jim troch elkenien stjûre. Hy fielde in greate grimitigens, dêr't him de hannen fan trillen en hy bigoun ek to switten. Lyk as dy kear yn Beets, doe't er in marechaussé fan it hynder skuorde en de man in klompe stikken sloech op 'e holle, of doe mei dy feanbaes, dy't se meiinoar de skonken brutsen hienen, of doe yn Duerswâlde mei de boskwachter, al dy kearen dat er ek ynienen dom waerd, en hwat die dat er better net dwaen kind hie. Bolhuis krige him by 't skouder. - Nou moat it net mâlder wurde; is 't jo yn 'e kop slein? Dat hied er ek faker heard. De beide oare plysjes forsetten de fuotten. - Hwat is dat foar in man, Bolhuis? fregen se. - In minnen-ien, op it buro sille se wol hwat oer him ha. En doe tsjin him: - Jo moatte dat strak noch ris sizze; dan kin it der fuort by. - Ik hearde it net krekt, sei de iene plysje. - Hwat sei er eins? De soldaten efteryn sieten nau mei de rêch tsjininoar oan. In pear smookten, de oare slûge. Bolhuis hie syn skouder loslitte moatten, dan wie 't wol oer gien. Hy waerd nou noch lulker. Hy sei: - Hwat binne jim foar keardels, dat jimme jim hjir op ôfstjûre litte. Jim... - 0, sit it sa, sei de plysje, dy't it net heard hie. Hy woe noch mear sizze, mar hy tocht oan de jonge en hold him stil. Bolhuis kaem oerein en liet syn skouder gelokkich los. - Dit wurdt dy swier oanrekkene, heite. Hjir silst foar bliede. - Lit mar ju, sei de oare. Doe wist er al, dat it in minne dei waerd. En dochs woed er gjin spul ha. Hy woe sa gau mooglik nei hos en dat wie him hwat wurdich, folle mear as destiids. Hy woe binammen gjin spul ha mei de plysje, en ek net mei de Dútsers en hy woe gjin gedoente ha mei master Braaksma, de man fan de illegaliteit, dy't him sa faek oan 'e kop seurde. Mei him yn elk gefal net, dy fine skoalmaster mei syn oranjestrikje ûnder de kraech fan 'e jas. Hy hie it ek net yn 'e kant set doe't er mei moast. Hy hie der net iens oanstriid ta hawn. Gryt waerd der kjel fan en bigoun noch mear to triljen. Hy wist hwat se graech sizze wold hie: Hwat ha 'k dy sein; dêr sitte wy wer yn 't lijen. | |
[pagina 170]
| |
Dat sei se salang as se troud wienen, mar sûnt se oan 'e mar sleten, hoegde it sa faek net mear. Hy helle it brochje út 'e bûse en bigoun to iten. Bolhuis seach nei it spek, dat der tusken slet. - It liket my ta, dat it net fan in hússlachting is. - Ik slachtsje sels net. - Hoe liket it mei de hannel? - Hy joech gjin antwurd. Hy woe wol, dat er mei Gryt oer de iel praet hie. It wie bigreatlik as de boel dearekke. En de jonges hienen hjoed oerdei de dobbers wol klearmeitsje kind. Hy woe der joun hwat mear út ha, omdat it waer sa gaedlik wie. Waerm oerdei en nachts tsjustere moanne. Hy hie ek noch in dûbelfleugel mei in pear stuitfûken yn 'e tochtsleat by it âld tsjerkhôf sette wold, hwant it rinket stie iepen en der koe skiere iel troch komme. Miskien wie Germ op 'e tiid werom om de boel klear to meitsjen. Mar net!en praette oer de jonge. - As wy dochs dwaende binne, kinne wy aens ek even oer de swarte hannel prate, sei Bolhuis. - Och man, hwat mael ik om dy swarte hannel, sei er. - Ik bin net op jildfortsjinjen at, ik hoech allinne mar oan 'e kost to kommen. - Jawis, mar it skilt fansels... - Ik ruilje hwat. Ik krij in stikje spek fan in boer en dy kriget in mieltsje fisk fan my. - Wy prate der strak wol oer. De auto riedt in klinkerdykje lans nei it doarp. De beide plysjes tsjin him oer seinen, dat it smuk waerd en namen de pet ôf. De soldaten, suterich en smoarch, slûgen allegear en har hollen knikten op en del as de auto troch in kûle batste. Efter de auto pofte de motorfyts. Hy tocht, dat se hast yn it doarp wéze moasten, mar it wie min roaijen, omdat er it ein noait mei de auto riden hie. De auto gong oer in brége. Dat moast de feart wéze by it haventsje, dér't it bûterfabryk stie. De auto hold, draeide linksôf en stoppe doe. Bolhuis smiet de klep los en sprong der út. De sinne forbline him en hy stie der tsjin to kniperjen. - Kom der mar út, sei Bolhuis. De soldaten fearren oerein en rekten har út. - Ik hoopje, dat de boade noch hwat thé of kofje hat, sei de iene plysje. - Fannacht wie der kofje, echte kofje. De Dútsers hienen it by har en Bouma hat der twa tsjettels fan set. Mar op 'e sikretary sille se der wol ta west ha. | |
[pagina 171]
| |
Hy stapte ûnwennich út 'e auto. Se stienen foar it gemeentehûs en op 'e stoepe hold in soldaet de wacht. Der stienen mear auto's en der wie ek noch in motorfyts mei in sydspan, en op 'e side, foar it fytshok, stie in auto fol soldaten. Der wie gjin minske op 'e dyk en it skoalplein wie leech. Hy kaem komselden yn it doarp. Boonstra, de ielkeapman, wenne der, mar as dy birjocht ha moast gong Gryt yn 'e regel by him oan. Hy roun foar Bolhuis de stoepe op. De man die de doar iepen en stapte fansiden. - Toe mar. Se kamen yn in lange wite gong mei in loper oer de flier. Der sieten in pear loketten mei minsken derefter, dy't even de holle optilden. Oan 'e oare kant wienen hege ikenhouten doarren mei buordtsjes, dêr't boargemaster en sikretaris op stie. En oan 'e ein wie de trep. Hy wist it paed; de adjudant fan de wetterplysje hie him ris ûntbean. Hy woe earst net, hwant hwa't him ha moast, dy moast mar by him komme, sei er doe noch. Mar Gryt sei, dat er dy minsken better op healwei komme koe, dat hy wie der optlêst mei hinnegien op Germ syn fyts. De adjudant die geskikt. Dat kunstje koed er, sa bigounen se altiten. It kaem der op del, dat er graech hwat witte woe oer Kuiken, dy't ek fiske, mar noch folle mear streupte. Hy hie de adjudant fansels daliks sizze moatten hwer't it op stie, mar dat died er net. Hy sei, dat er der wolris om tinke soe en sa. De beide oare plysjes gongen rjochtút nei de boadekeamer en de soldaten wienen bûten bleaun. Hy hie de offisier net wer sjoen. Bolhuis gong mei him de trep op. Neist de riedseal wie it buro fan de plysje. De keamer wie leech. Hy gong op 'e bank tsjin 'e kant sitten. Bolhuis roun nei de telefoan op it fierste buro. - Is Liuwes dêr? Freegje even oft er boppe komt, hy hat dochs burotsjinst? Der kaem even letter in jonge plysje yn. - Ik woe ek wol sa'n bêst bakje kofje ha, sei Bolhuis. - Dan moatst gau wêze. It wie in fleurige fent, dy't fluitsjend efter in buro sitten gong. - Soa, noch in arrestant. Ik tocht oars, dat wy it hawn hienen. Binne der mear ûnderweis? - Ik wit it net, antwurde er. De plysje krige in sigaret út in pakje, dat op it buro lei. - Nim ek mar ien, it giet fan de greate bult. Dy Dútsers hawwe genôch. De plysje smiet him ien ta, mar hy bitanke. Hy hie der oars | |
[pagina 172]
| |
wol nocht oan hawn. De sigaret foel op 'e flier. Hy soe him earst lizze litte, mar hy krige him dochs mar op en brocht him werom. Doe't er wer op 'e bank siet, krige er in prûmke út syn eigen pûdtsje. De plysje sei: - Jo kinne dy sigarettetabak ek prûmkje; it is altiten betten as dy fan jo. - Dizze kin it my wol dwaen. De plysje dangele troch it buro en krige de telefoan. - Is Bolhuis dêr? Hat er syn kofje krigen? Moai sa. Hwat moat der mei dizze man dien wurde? Ja, ik wachtsje wol, mar om tolve ûre rint myn tsjinst ôf en dan ha 'k mear ûren makke as oars yn in heale wike. Jawis, dou ek, mar dat kin ik net helpe. Ik freegje strak fuort twa dagen forlof; kin my neat skille hwat de opper der fan seit. Hy lei de hoarn del. - Kin je bigripe... Bolhuis kaem der yn, mei in kop kofje yn 'e hân. - De Oberst sit al wer by de boargemaster, en de opper is der ek by. Se ha de wetterplysje ynskeakele, hen? Ik ha de adjudant sjoen, en dy oare fent, hoe hjit er ek al wer. Se hawwe de hiele nacht yn 't fjild west. De boargemaster is fan 'e moarn om trije ûre út syn nêst helle; hy hat de smoar yn, sizze de amtners. Se gongen togearre foar it finster stean. - Hwat is dit foar in man, Bolhuis? woe de jonge plysje witte. - In rakkert, de wetterplysje ken him wol. De telefoan gong en Bolhuis naem it boadskip oan. - Hy komt der oan. En doe tsjin him: - Kom mar mei. Se gongen by de trep del en waerden yn 'e keamer fan de boargemaster litten. Hy hie de man noait sjoen, mar hy wist, dat er hjir al jierren wie. In âldeftige man mei in roune, keale holle. Der siet in Dútse offisier neist him en de adjudant fan de wetterplysje wie der ek by. De boargemaster joech him de wink, dat er tichterby komme moast. Hy forskoude syn prûmke en die in pear stappen nei foaren. - Jo kenne dizze man, adjudant? - Ik sjoch him bast alle dagen, boargemaster. Troch de fjildkiker, efteryn yn 'e plysjeboat. It wie deselde soarte as op dy op 'e Sweach, dizze boargemaster. Fjouwer plysjes hied er om him hinne doe't er bigoun ut to pakken. Dat hy de man wie, dy't de feanarbeiders oansette ta staken, dat er ek diz' kear appèlmaster west hie en dat se nou mei him ôfweve soenen. Hy hie sein: As jo dizze mantsjes net by jo hienen, doarsten jo dit net to sizzen. In skijtkeardel binne jo, it deaskoppen net wurdich. | |
[pagina 173]
| |
Dit wie ek sa'n-ien. Mar hy woe gjin spul. Hy woe nei hûs ta en hy woe binammen witte hwer't Germ siet. - Even koart om 'e hoeke, bigoun de boargemaster. - Hwat is jou rol yn dizze saek? Hy sei neat. Hy wist net hwer't se it oer hienen, oars hied er wol hwat sein. - Nou? - Der is net ien dy't my sein hat hwer't it om to rêdden is, sei er. - Man, ik ha al spul genôch mei de Dútsers. It moat nou utiten wurde. - Ik wit neat, sei er. - Hark ris goed, op dizze manier komme wy der net. As ik fan 'e moarn gjin resultaten birik, dan nimme de Dútsers it oer, en dat moatte wy net ha. Dat soe ta skea fan de hiele gemeente wêze. Wy moatte hjir sels mei rêdde. Hy hie neat to sizzen. - Wy hawwe hjir jou steat fan tsjinst, as men it sa neame kin, sei de boargemaster. - Wy witte hwa't jo binne en ik bin net fan doel om in man lyk as jo de hân boppe de holle to hâlden. It rint foar jo hielendal forkeard ôf as jo my neat to sizzen ha. Hy sei muoilik: - Ik ha hjir noait in minske ta lêst west. - As ik even mei, kaem de adjudant der tusken, - ik sjoch hjir trije foroardielings dy't der net om lige: fjirtjin moanne, trije moanne, fjouwer wike, en it is mar in greep. - Ik wenje hjir aens fiif jier en ik ha noait spul hawn. - Dat komt omdat jo aerdich oanleard hawwe, sei de adjudant. - Ik ha heard, dat jo fannacht to fiskjen west ha, sei de boargemaster. - Ik ha justerjoun dobbers útlein en by de fûken lâns west en ik ha it spul fan 'e moarn wer ophelle. - Jo ha fannacht net op 'e mar west, fansels net, en jo ha ek neat murken. - Neat. - En fannacht ek neat heard. It is der oars heidensk om wei gien. Hy sei: - Dat kin hast net, dan soe 'k it hearre moatte. - Mar de mar is great en as de wyn súdeastlik is, en it hat oan 'e westkant west, dan kin it my ûntkaem wêze, sei er. Hy woe syn bêst wol dwaen, dêr lei it wier net oan. Miskien hied er dochs wol hwat heard, it lud fan in motor, mar net dy fan de plysjeboat. Hy wie lykwols yn syn earste sliep en yn | |
[pagina 174]
| |
it bedsté hearde it net skerp. Hy hoegde it net to sizzen, nimmen hie der hwat oan. Hy soe ommers net iens sizze kinne, hwat er heard hie. - Hwat sizze jo derfan, adjudant? - Ik ha gauris minsken opmurken by jo op it hiem, sei de adjudant. - It liket my in gaedlik plak ta foar ûnderdûkers en sa. - Dat koe wol. - As jo it binne of jou frou, dan sjoch ik dat gau. Dit wienen oaren. - Jo kinne by ús net oan 'e wal komme mei dy plysjeboat. Jo moatte fier sjen kinne. Der stie op 'e eastkant sa'n bytsje wetter, dat de mannen net faek bûten it soal kamen en dat lei in ein fuort. Mar se hienen goede kikers, dat wist er ek wol. - Hawwe jo ûnderdûkers en hwat sette dy út 'e wei? woe de boargemaster witte. - Der komme net folle minsken by ús op 'e pôlle. De bakker, om 'e twa dagen, in inkelde kear de winkelman, mar de frou hellet de boadskippen meastentiids sels. En de ielkeapman komt twaris wyks en soms, mei gleon waer, faker. Sa is der noch wolris ien. - Ik hear it wol, sei de boargemaster, - jo wolle neat sizze. Seis witte, mar ik ha jo warskôge. Ik freegje jo noch ien kear: Hwa binne de mannen fan 'e illegaliteit, dy't dit útfoun hawwe? Jo meitsje my net wiis, dat jo, dy't dêr sa gaedlik wenje, der net yn bihelle binne. - Ik ha der neat mei to meitsjen. Hy soe wol witte wolle hwat der fannacht op 'e mar bard wie. Hy leaude net, dat de jonge der by wie. Germ fortelde suver neat, mar as der wapens ôfsmiten waerden, joech er wol in seintsje. Hy hie ek gjin boadskip efterlitten, dat er net thús kaem to sliepen. Hy wie gewoan in nacht fuortbleaun, lyk as sa faek. Hy koe nei Ychten gien wêze, dêr't er soms kaertspile mei de ûnderdûkers fan Klaes van Houten. As it let waerd, krûpte er by de mannen yn it hea. Hy koe likegoed mei wapens ûnderweis wêze. Gryt woe ha, dat er it de jonge forbiede soe. Se joech it it fanke op 'e skuld. Dy fitere him oan, sei se. Hy wist, dat it wier wie. Se waerd al wyld as se it wurd Dútser hearde. - Dan sels mar witte, makke de boargemaster der in ein oan, nei't er even ôfwachte hie. Hy joech Bolhuis, dy't yn 'e doar stie, de wink. Hy kaem nei foaren en krige him by de earm. Hy liet de plysje gewurde. | |
[pagina 175]
| |
Hy woe noch hwat sizze tsjin 'e boargemaster. Hy sei: - It komt my net gelegen. Ik kin der sa mar net útrinne, ik ha... - Dat binne myn Baken net, antwurde de boargemaster. Hy die in laed iepen en socht earne nei. Bolhuis luts him oan 'e earm. - Dit gedonder fan jim is myn saek ek net. - Nou, sa kin 't wol. De boargemaster wiisde koart nei de doar en de adjudant wie al oerein. It fleach him oan, mar hy forbiet syn lulkens. Hy soe se de wille net gunne. Se woenen der stomme graech ynhuffe, dy adjudant en Bolhuis. Lyk as destiids, doe't er op 'e Sweach de kantonrjochter oan soe. Se sprongen mei trije man op him ta en se knoeiden him noch, Doe't er mei de bannen op 'e rêch op 'e flier lei. Ear't er troch de doar gong, blaesde er ôf, sa lûd dat de boargemaster oerein kaem. Bolhuis joech him in triuw en luts hastich de doar ticht. - Fordomde hufter... Hy bleau stean en sei: - Jonkje, dou moatst my net wer beetkrije, hwant dan forgriem ik dy. En doe roun er de gong troch en de trep op nei boppen. Yn it buro bigoun Bolhuis tsjin him op to spatten. - Astou noch ien kear in foet oerdwers setst, dan weef ik mei dy ôf. Hy sei neat mear. Hy woe hjir wei, sa gau mooglik. Hy gong op 'e bank sitten. Skeakelfiskjen waerd er sa wurch net fan as dit. Hy koe it net mear ha. De jonge plysje bigoun to skatterjen doe't Bolhuis fortelde hwat der yn 'e boargemasterskeamer bard wie. - Hoe lappe jo dat, ik bidoel, krekt op it momint, dat it jo gelegen komt. Spesiale technyk, tink? Wy hienen froeger yn 'e kompy ek sa'n knaep. Bolhuis woe skilje, mar de adjudant kaem der yn. Bolhuis frege: - Hwat is de bidoeling, en hy wiisde nei him. - De boargemaster hat sein, dat se him mar meinimme moatte. Hy gong der út en Bolhuis roun efter him oan. - Dat wurdt in djûre skeet, heite, sei de jonge plysje mei in knypeach. Hy hie daliks al oan de telefoan tocht, mar woe it doe net freegje. Nou't it der op like, dat se oare plannen mei him hienen, moast it mar wêze. Hy frege: - Kinne jo Boonstra, de ielkeapman foar my skilje? Hy moat even delkomme, dan wit er it wol. Ik ha in flut iel sitten en se kinne mei dit waer net duorje. - Wennet dy Boonstra hjir? - Ja, en hy hat telefoan. | |
[pagina 176]
| |
De jonge plysje socht yn it telefoanboek om en draeide in nûmer. Hy die syn boadskip. - Hwa't it is? Dat wit ik net, mar hy kin omraek ôfblaze. Hy joech him in wink, dat er komme moast en hy naem de hoarn oer. Hy sei tsjin Boonstra, dat er de hieje boel mar ophelje moast. De lyniel ek, hwant rikjen kaem er hjoed dochs net mear oan ta. Mar hy moast it sâlt net forjitte. - Dat komt min út, sei Boonstra, - ik ha gjin sâlt mear lizzen. Mar ik kin dy noch wol in bêste likstien leverje. Ast it dêr earst mei dwaen kinst, dan hâldst it sâlt to goede. It wie tsjin 'e ôfspraek, mar hy sei: - Toe dan mar. De plysje krige him de hoarn út 'e hân. - Ik leau, dat de kollega's der oan komme. It wie in amtner, dy't om 'e hoeke seach en fuort wer ôfsette. - Hwat ik sizze woe, ik kin strak wol in mieltsje ophelje, tink? Sil ik mar nei de ielkeapman ta gean? - Doch dat mar, sei er, - en siz mar dat ik jo stjûrd ha en dat er jo in pear poun meijaen moat. Ik sil it wol mei him forrekkenje. - Dan ha 'k dochs noch in goede dei, sei de plysje. - Ik wenje yn 'e stêd, sjoch, en dêr is neat to krijen. Wy moatte as plysje ek sa foarsichtich wêze, hen? In mieltsje iel, dat sil der ynfalle. Wy hawwe it yn jierren net hawn. Hy hie noch in brochje yn 'e bûse en iet it op. It waerd near yn de plysjekeamer. De sinne stie op 'e glêzen en it moast hast kofjetiid wêze. Mar it bleau stil yn it doarp, Se hearden allinne de stappen fan in amtner en it tichtdwaen fan in doar. Bûten klosten in pear Dútsers op 'e stoepe om. Geskikt waer to snoekbearsfiskjen, tocht him. Hy hie hjoed wol nei it âld tsjerkhôf ta kind, hwant der wie mar in bytsje wyn. De adjudant kaem der yn en Bolhuis wie by him. De adjudant joech him de wink. Hy bleau sitten en frege: - Is der hwat? - Ja, der is hwat. Gean mar efter Bolhuis oan. Se gongen de trep del en de gong troch nei bûten. Dêr stie in motor mei sydspan ré. Hy moast yn it sydspan sitten gean en in soldaet startte de motor. In oare soldaet gong efterop sitten en doe rieden se it doarp út. |
|