De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 167] [p. 167] [Nummer 5] Jan Eisinga: Stanbyld it stânbyld is in stien yn 't miggelpark mei eigen goede lijte as de rein de spegelfivers fynt stânbyld wol ik wêze stil stean yn 't sabeare boartsjen mei de dingen ynwijd wêze yn de ivichheit fan grint en blêdtsjebeammen ien tins sil ik mear wêze en in mûle drage dy't net roppe kin ik bin Vorige Volgende