aktive réaliteit: hy hat as jonkje syn heit en mem ris bistrand op in angaedlik momint. Buten lôget de sinne, blinkt de sé, sjongt de wyn, dounset it jongfolk, mar Edward sit yn it skaed to stúmjen. Elena bisiket it nou fan in oare kant. Om sels net yn de wanhoop to fallen en om har man to fergjen en to genêzen. By it swimmen yn sé moetet hja in Hollanner, Paul, in freonlik mantsje dêr't gjin kwea by sit. Hy biwûnderet har en hja nimt him mei nei hûs en boartet hwat mei him. It wurket krekt forkeard, Edward sjocht nije gefaren. Dan dounset hja, earst mei de doarpslju en dan mei Paul, de douns fan de reiger (reigers dounsje ntl. foar de pearing). It is in opwinend spul en Elena hopet har man wekker en yn it ljocht to dounsjen. It makket him allinne mar grimitiger en somberder. Hy stjart de doarpslju fuort mei in fikse foai en in wanhopich bisykjen fan syn frou om him ta rede to bringen biantwurdet er mei forachting. Dan makket hja mei Paul in lange boattocht.
Edward hat in petear mei syn mem, in gewyksten-ien dy't him aerdich yn de bisnijing hat. Skoanmem en skoandochter binne oaninoar weage en harren striid om Edward komplisearret it probleem. Mei alle middels dêr't hja oer biskikt bisiket mem omdoch har soan hwat op to fleurjen. Edward is net to treasten en stelt út it âlde spul Der wie ris... to spyljen. Hy fortelt dan in fantastysk forhael oer syn dea en it forfier fan syn lyk. En dan wol er himsels ophingje. Net dwaen, jonge, riedt mem him oan, dan kinst sels net mear fan dyn wraek genietsje. Sabeare ophingje, dan kinst mei eigen eagen it effekt sjen. Hja Bette in ûngefaerlike selsmoardscene yninoar, mar de mysterieuze forskining fan syn forstoarne heit forsteurt it spul en dan giet it mei Edward dochs om dea. Elena en Paul komme krekt op tiid om him los to meitsjen. It effekt is great by man en frou beide. De hookstrookse konfrontaesje mei de dea jowt it konflikt in nije diminsje en it libben in nije glâns. Hja biseffe dat de leafde in earnstige oangelegenheit is en in greate freugde. Paul fordwynt en mem hat de slach forlern.
Rademakers hat fan dit forhael dat mear as ienris nei de draek skaeit, in boeijende film makke. Hy wit hieltyd de gefaerlike klippen to mijen. In bytsje Freud, krekt net to folle. Symbolyk en réalisme gripe sûnder heakjen yninoar. Yn in fascinearjend spul mei romte en ljocht birikke filmer en kamera-man hwat hja wolle. It lugubere forhael fan Edward wurdt in funksionéle surréalistyske film yn de film. De flashbacks komme krekt op tiid, forskate bylden roppe mear suggestjes op (en dat is de kunst) as dat hja forklearje.
De regisseur hat mei soarch syn akteurs keazen: yn de haedrollen de forneamde Frânskman Jean Desailly, Gunnel Lindblom (de oerfrou at Ingmar Bergman syn ploech) en Mien Duymaer van Twist, dy't mei great talint opinoar yn spylje. De bûtelanners wurde neisynchronisearre. Hetty Verhoogt sprekt de rol fan Gunnel Lindblom, Rademakers sels dy fan Desailly. It filmdébút fan Mien Duymaer van Twist (toanielspylster fan oer de 70) yn de bizarre rol fan de mem is forbjusterjend knap.
In bêste film, tagelyk fan ynternasionale alluere en fan in typysk Nederlânsk karakter. Regisseur en spylders moatte in tige fruchtber kontakt hawn hawwe: de Frânskman en de Sweedske binne daliks herkenbere Hollânske figueren wurden.
INNE DE JONG