nêst har om har in bytsje op to kreazjen. As Fetsje dy klucht sjucht, moat se der om laitsje: ‘Wolst dy op dyn foardieligst toane?’
‘Ja,’ ropt Marij, ‘sa is 't krekt.’ Se hat it der mar drok mei. En wylst hja noch dwaende is freget se: ‘Hoe soed er der út sjen, ju? Soed er âld of jong wéze?’
‘Heit seit fan jong, mar ik wit it net.’
‘Miskien is 't in âld mantsje mei kromme knibbels dy't wjukkelt en in bytsje staf der by. Ik sjuch dy al Fet: Forstiet dokter my wol? En dan seit hy: Seine jo hwat, jongfaem? Mar hy kin fansels ek jong wêze, en moai, en lang en mei in slach yn 't hier.’
‘Dou hast de gek mei de âlderein, Marij,’ warskôget Fetsje.
‘Nja,’ seit dy, ‘kin ik it helpe dat se sa wolris binne.’
‘Kinne sy ek net helpe.’
‘Bêst, ju, moatst net sa preekje. Dou silst gelyk hawwe, mar as ik al myn wurden op in goudskealtsje weagje moat, kom ik noait klear.’
Né, dat wol Fetsje wol oan. ‘En lit dy ferverij mar sitte,’ seit se, ‘miskien slacht er dy hielendal gjin acht.’
‘Dat kin er my net oandwaen,’ andert Marij, ‘ik wol yn elk gefal gjin risiko nimme. En dou koest oan my wol in foarbyld nimme. In bytsje rouge op dyn wangen soe dy net misstean.’
‘Tofolle drokte,’ seit Fetsje. ‘It is my moai genôch sa. Ik bin fuort gjin fotomodel, mar oars kin it bisjen lije.’
‘Hen?’ seit Marij, ‘bisjen lije? As se dy net bisjugge, dan miskien, mar oars is it gjin gesicht. Nou ja, dyn postuer, dat giet wol.’
‘Dat tocht ik,’ andert Fetsje. ‘Ik freegje my ôf hwerom't dy dokter sa'n ein efter heit oankomme moat. En hwat moat er hjir joun al? Ik bigryp it net rjucht en ik stean it ek net.’
It is ienfâldiger as Fetsje yn 'e gaten hat. Dokter Oppedyk jr. soe allinnich even oankomme. Doe't Baijema fan Grins ôf kaem mei de wissichheit dat er...
Ik soe de yntelliginsje fan 'e Tsjerne-lêzers misledigje as ik har fordutse woe hwat myn krityk op dizze lape proaza is.
Wy hawwe nou goed 21 bledsiden fan 'e 180 bisjoen, en ik woe it der nou mar by litte. Ik haw oan dizze mannich siden al mear energy bistege as Brattinga oan 'e hiele roman. Hwa't der nocht oan hat dit crazy boek, kompleet mei postillons d'amour en in deus oftewol in Harm ex machina en trije brulloften en al dy bledsiden en bledsiden geâldehoer en stomsin-