De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 161]
| |
Jo Smit:
| |
[pagina 162]
| |
Ik bin bliid dat E.S. de Jong en de K.F.F.B. stribbe hawwe nei in folsleine útjefte. Hja kiene ek kieze kinnen foar in karlêzing en dy hie grif op somliken in noch sterkere yndruk makke, mar dan soene wy dochs gâns mist hawwe, to folle. Hwant Teatske Alzum wie in opmerklik natuertalint, hwat folle mear útkomt yn har forhalen as yn har roman. Hieltyd bifetsje har koarte forhalen hwat fan spanning tusken minsken, dy't oan 'e ein op de iene of oare wize oplost is, itsij troch uterlik barren, de dea bygelyks, itsij mei't de figueren sels de situaesje trochskôgje, of troch in soarte fan bikearing. Fakentiids sprekt it bloed fan Kristus oan dy ein it lêste wurd en by Teatske Alsum is dat noait it inkeld brinken fan itige wurden. Hja stiet dêr folslein efter en hja moat hjirre in fûleindige wurklikheit field hawwe. Dochs wurket dat, foar hwa't net yn deselde godstsjinstige tradysje stiet, wolris irritearjend, byhwannear't de forsoening troch Kristus as in knyn út in hege hoed komt. It leit, tinkt my, net inkeld oan de lêzer, as er dy forhalen, dêr't dizze oplossing net as sadanich yn foarkomt, de bêste achtet. In forhael as Koarte Riten bygelyks, dêr't Teatske Alzum yn in ynstinktyf witten de yntellektueel yn trochsjocht. It kin nammentlik gjin tafal wêze dat de haedpersoan út dit forhael learaer is. Of it forhael Om Ypk, hweryn't de spanning tusken pleechmem en mem even as in foarbygeande wolken boppe de holle fan it bern hinget; of Boete dwaen, dat tige dúdlik de ambivalinsje fan biskate minsklike forhâldingen sjen lit. In juwiel is foar my it forhael Dy hannen, dat bisûnder oertsjugjend skreaun is en dat yn 'e mande mei In heimenis, tige founemintéle libbensriedlingen bleat leit, mar dy tagelyk as geheimen yn wêzen lit. Ek de dea, dy't likefolle al as net by it libben heart, spilet yn it wurk fan Teatske Alzum in wichtige rolle. It forset dertsjin wurdt winliken hieltyd yn Kristlike geast oerwoun. Meastentiids, dat moat sein wurde, oertsjûget dat wiswier, mei it dan wêze net altyd likefolle. In stjerforhael as It ôfskie en it greate bigjin is in pûrbêst stik wurk. De selsmoart komt ek in mannich kearen foar. In bisykjen ta suicide fine wy yn Wy en it krystbern, in wurklik gefal yn Wodans Preester: de man dy't de slach forlern hat en dêrom net langer libje wol. In hichtepunt hie It forlerne paradys wurde kinnen. Dêryn mient in man dat er út leffens frou en bern de dea yndreaun hat en hy makket, mei goedfinen fan syn twade frou, in ein oan syn libben. De twivel fret oan har, as hja op in spandoek lést dat it bloed fan Kristus alle sûnde skjinwasket, hwat, as it wier wêze soe, it bloed fan har man | |
[pagina 163]
| |
oerstallich makke hawwe soe. Wy hearre ek noch dat de psychiater wit dat de skuld fan de man inkeld ynbylde wie, mar dat bliuwt lykwols alhiel forhoalen foar de widdou. It forhael is net earder publisearre en dus yn hânskrift oantroffen. Foar eigen gemoedrêst nim ik oan dat Teatske Alzum it noch wolris omwurke hawwe soe, foar it publisearje to litten. It hie dan ien fan har allerbêste forhalen wurde kinnen. Nou rammelt it frijhwat oan 'e ein en dat is spitich by de treflike opset. Ienkear inkeld forskynt de dea yn Diggels bûten hokker libbensbiskôglikens om. Ineke hjit it forhael en it biskriuwt simpel en rjochtút it boartsjen fan dit bern, dy har mem krekt forstoarn is. Hwat yn it wurk fan Teatske Alzum neijernôch alhiel ûntbrekt, de humor, is hjir op superieure wize oanwêzich. Forskate fan de forhalen fan de skriuwster geane oer bern, lykas It earste ljipaei, En doe't it Sinteklaes waerd, Pibe wie bang, Lytse Elske of Teade de forrieder en it binne wis mei fan de bêste út de bondel. Oare geane oer opgroeijende jonge minsken en har leafde; wer oare hawwe als midpunt de forhâlding tusken man en frou, dêr't ik inkelde fan de bêsten al fan neamd haw. By de oare komt wolris hwat hinderlik it Kristlike leauwe foar it front as genêzing fan alle kwalen, mar by somlike, lykas Har man, It nije bigjin of Wrakseling om it lok steurt dat alhiel net. It forhael De frou op it tsjerkhôf, dat lyk as inkelde oare de oerhearskjende ynfloed fan ien fan de partners as thema hat, wit jin fan bigjin ta de ein to boeijen. In tal forhalen is wijd oan it Kristendom sels en wol yn inkelde fan syn dramatyske hichtepunten: de Bethlehimmer bernemoart, de Krusiging en de kerstening fan Fryslân. Yn dizze forhalen falt de konkrete oanpak op, it dramatisearjen via meastentiids fiktive histoaryske persoanen fan biskate situaesjes, dy't har faek fier uttille boppe allerhande bleke neifortelling. De mearkes hawwe gauris symboalyske bitsjutting: hja hannelje oer de dea of faeks oer de muze. By dy lêste rekkenje ik ek de beide mearkes dy't oer in sémearmin geane. Ek oan de muze wijd is it forhael Dy Melodije en De tsjoenster, in treflik forhael dit lêste, dêr't de skriuwster yn klaget - troch de mûle fan ien fan har figueren - dat it forlangst om har to uterjen sterker is as de macht dêrta. Konstruktive fantasij foar it aventurlike hie Teatske Alzum mar in bytsje; har forhalen biwege harren it maklikst om direkte, konkrete situaesjes en forhâldingen. Meastentiids is de plot o sa ienfâldich: in frou rêdt har freon, houlik folget; in | |
[pagina 164]
| |
man (âldfeint) rêdt it bern fan in eardere freondinne (widdou), houlik folget; in jutter giet tsjin it sin fan syn wiif nei it strân en fynt de sémanskiste fan harren omkommen soan. Dat binne inkelde fan de aventuren yn dizze forhalen, mar soms wurket dy sljochtens treffend. Yn De útdaging ropt in boer: ‘As der in God is dan sil ik joun forsûpe.’ Hy fordrinkt yndied en it opmerklike is dat men yn dit forhael leauwe kin, hwat mooglik is om't it de skriuwster slagge is de suggestje wei to nimmen dat dy utein in andert wie op de útdaging. Net dat der folle théologysk binul foar nedich is om yn to sjen dat, as der in God is, dy wol hwat oars to dwaen hat as paganistyske boeren to forsûpen, mar it freget al talint om sûnder eksplisite útliz dy tinzen út to skeakeljen. Yn Rêst en ûnrest hellet immen nachts in fyt út by in jildtellende duitsjesdief en dat leveret in noch better forhael. Om de opgeande kurve noch even oan to hâlden moat Oerwinning op de dea neamd wurde, dêr't in abnormale jonge syn pater yn delsjit, mei't er yn him de Dea seis mient to werkennen. Yn De lytse, dûnkere dounseresse giet troch ‘stille krêft’ in blanke dea en yn Rjochtdei hâlde, in aventûrsforhael pur sang, sjit de iene misdiediger de oare del. Almeast lykwols is Teatske Alzum gjin greate avontûren brek om dochs in strak en spand forhael to meitsjen. Tekenjend foar de dramatyske wize fan sjen fan de skriuwster binne it great tal parallel rinnende bigjinsinnen fan de forhalen. Om in mannich to neamen: ‘Jong en tsjep is hja.’, ‘Wyld en oerstjûr klinkt de muzyk.’, ‘Hy sit yn it boatsje, meager en ûnsjuch.’, ‘Hy sit oerein op syn bêd.’, ‘De jongfaem sjocht op 'e klok.’, ‘Hy stiet foar har, great en foars’, ‘De greate, langliddige jonge (...) rint troch de stêd.’, ‘Har fytsen lizze tsjin de sédyk’, ‘In great, steil frommis rint de wei del’, ‘Hy rint troch de greiden’, ‘Hy knikte de minsken ta’, ‘Hy makket oantekeningen’, ‘Hy stiet oan 'e kant fan 'e wei’, ‘Hja rinne togearre, in man en in jonkje, it paed lþns.’, ‘De gleone autoljochten skine oer de keale, iensume dyk’, ‘In boekrôlle mei Hebrieuske letters leit foar him.’ Ensafuorthinne, ensafuorthinne, ensafuorthinne. Allegearre bigjinsinnen, dy't in situaesje ynliede, dy't tige konkreet sjoen wurdt. Suver filmysk biweecht dit allegearre. De rolprint bigjint: in jonge rint it paed lans. Dat sjogge wy. Wy sjogge net oft it Jan is of Pyt, dat komme wy neigeraden wol oan 'e weet, krekt as op in film. Gjin lange natûrbiskriuwingen liede ús ôf fan hwat der bart - hwant it giet om it barren. Mei in greate stylekonomy wit Teatske Alzum hieltyd wer stal to jaen oan in tuskenminsklik barren. | |
[pagina 165]
| |
By de folksforteller tinke wy gauris oan it assosiative fortellen, dat it hiele keatling fan ûnbitjuttende details bylâns moat: [‘ik seach it oankommen en ik sei noch tsjin Jan - hwant wy wiene mei ús trijen, ik en Jan - dy roun oan myn rjochterhân, ja, hwant doe't er in sigaret joech, doe rikte er foar my lans nei Pyt, ja, Pyt dy roun links - en ik sei noch tsjin Jan, hwant dy stie noch syn sigaret oan to stekken, de lúsjefers gie hieltyd út, hwant it waeide dat it rikke en Pyt, fansels, dy wie dat iepen fjild net wend, dat ik sei tsjin Jan ensfh.’] om ta de haedsaek to kommen. Mar dêrmei dogge wy it wiere, emosionéle folksforhael gjin rjocht. Sels yn it oerâld mearke wurde wy mei in minimum oan omhael in medias res ynfierd en noch sterker bart dat yn de ballade. De forhalen fan Teatske Alzum hawwe hwat fan de âlde folksballade, dy't dramatyske foarfallen mei wissens, wysheit en emosionaliteit konkreet makket yn in lyts tal wurden. Dêrom bin ik wiis mei de bondel, al haw ik inkelde bitinkingen tsjin de útjefte. De titel hie lokkiger útfalle kinnen, de ôfwurking hie korrekter moatten. Fan ien forhael binne, sûnder kommintaer, twa versys opnommen: It greate forsin op bls. 33 en God kin hjir net wenje op bls. 247. Der steane tofolle sloarderichheden hwat stavering en tael oanbilanget yn dit boekGa naar voetnoot*) Nou mei dat him, dy't de skriuwster kend hat, har hastige hoannepoaten yn it sin bringe en it ú;tlibbe skriuwmasyntsje dat yn wanhope alle e's en o's út it papier friet, mar yn dit boek, dizze die fan piëteit, hie in sekuerder korreksje op har plak west. Ek hie it tsjûge fan greater earbiednis, as foar dit boek - nei Iepen Finsters - in nij bânûntwerp en in wier nij stofomslach makke wie. Dat docht lykwols net folle ôf fan de wurdearring foar hwat nou foar ús leit. Mei E.S. de Jong hoopje wy op in neirispinge. |
|