Foarsichtich liet er him tusken de beide manlju yn glide.
't Kin krekt, sei er.
Hy fielde de woune en as in refleksbiweging kaem de eangst der daliks efteroan, of miskien wie it gjin eangst, in lytse skok en dan die it him even sear yn it krús. Hy hoegde der net by to tinken.
Elkenien dy't hjir praette, twivele út freze. Elk plak yn dizze wachtkeamer wie gelyk oan in oar plak. Dêr't se in stikje foar him op 'e bank frijmakke hiene, wie de eangst en de pine opskoud. Der kamen noch inkele efter him oan en de pine heappe har heger op, elk gesicht wie in útdrukking fan it lijen. Hy seach fansiden, nei it gesicht njonken him, tearen fan fortriet, de útstekkende ûnderlippe dy't it gesicht wurch en drôf makke. Hy moast hwat tsjin it gesicht sizze, fielde op dat stuit in forbounens, in mienskiplik lijen. Hy woe net allinnich wêze. Al dizze minsken, tocht er, allegear drage se it lijen, allegear binne se bang.
Komme jo ek foar de nieren? frege er.
De man biweegde de holle stadich. It gesicht like fan foaren hiel oars as yn profyl, minder wurch, suver grimmitich. It foel him ôf.
De mage, antwurde de man. Sukkelje der al trije jier mei. Se moatte my nou hast mar ris pakke, ik ha skjin myn nocht fan dat gedonder. Ik reizgje my in blikgat hjirhinne.
Doe swei de man wer en bleau yn deselde hâlding sitten. De ûnderlippe stume noch efkes mear.
Witte jo ek hoe let it is? frege er noch.
De man seach oer it skouder, tikke mei de finger tsjin it glês. Dêr is in klok, sei er en seach wer foar him út yn it tsjustere gat fan de flier. Yn 'e gong efter de glêzen wand hinge in elektryske klok.
Ik sjoch net nei de klok, sei de man, dan duorret de tiid in ivichheit.
Oan de oare kant, by de minsken dy't oan de taffeltsjes mei tydskriften sieten, waerd neitinkend oer de kwalen praet mei tige ûngelikense stimhichten. Guon hellen dêrby har lichemsdielen eigenhandich foar it ljocht, hâldden se boppe de tafel; in waeksend en krimpend hert, in hân dy't hieltyd in fûst waerd. In frommiske smiet in biblette lever op 'e tafel. Mei de fingerseinen der oerhinne gliidzjend, ekplisearre se hwer't de pine weikaem, droech noch skrassend in siikbêd oan fan inkelde moannen. Magen, longen, nieren, it hâldde net op. Der waerd immen troch in suster fuortroppen en dat makke har allegear ûnrêstich. De forhalen bigounen elkoar to trochkrusen