de kunstniverheitsskoalle Minerva to Grins. Dat wie yn de jierren 1955 en 1956. Der hawwe eksposysjes west fan har wurk yn Haarlem, Ljouwert, Grins, Veendam en Drachten.
Yn 1964 hawwe Tseard Visser en Mare van der Woude in healjier to gast west yn Collioure (Súd-Frankryk) en dêrút wei ek Spanje bireizge.
Ut de reproduksjes fan Mare van der Woude har tekeningen wurdt wol dúdlik dat der sterk surréalistyske tendinzen sitte yn har wurk. As men prate wol fan ynfloeden fan oaren, dan soe men wize kinne op dy fan de kunstner Jan Roede út Den Haech en fan Wagenmakers. De kunstneresse makket dêr sels gjin geheim fan.
Fan de reproduksjes, dy't de lêzer ûnder de eagen kriget, haw ik persoanlik it measte op mei it lânskip, dat my tinken docht oan it greate heidefjild by Duerswâld, dêr't hwat ûnbistimde figuerkes út opkomme. Guon sille der elven yn sjen, mar de tekening kin likegoed in folslein non-figurative komposysje wêze. It is in tekening út in byinoar hearrende rige, dy't mei in hwat tsjokke tekenpinne ‘;útskreaun’ is op brún papier. De rige bringt op de biskôger de suggestje oer fan it dampige en dizige heidefjild, lykas ek op de tekening dy't foar ús leit en dêr't noch krekt even - boppe de elven út - de fine kontouren op sichtber wurde fan de greate bol fan de opgeande sinne. Dizze ynterpretaesje is fansels persoanlik. It is in yntuïtive binadering fan it kunstwurk. De klam komt hjirby dan ek noch tige to lizzen op it froulik elemint. Op it dreamendewei folgjen fan de pinne mei de djipswarte eastindyske inket.
Fan heul oar gehalte binne de beide mannefigueren en de mannekop. De neakene manljue kin men forslite foar asketyske en meditearjende yogi's. Der is gjin kontakt mear mei de ‘Umwelt’. De uterste konsintraesje fan de yogi rekket hjir oan de konsintraesje fan de kunstneresse op it eigen wurk. Dat is eins noch sterker it gefal mei de swevende mannekop. Hjir is de ban mei it lichem alhielendal lichte. Forbrutsen soe net it goede wurd wêze, hwant Mare van der Woude is yn har wurk net in frou dy't de ien of oare ynderlike brek nei bûten útbringt. De tobrutsenheit fan it libben, it skaeimerk fan safolle moderne kunst, is by Mare van der Woude ôfwêzich. Dat docht ek bliken it de lêste tekening, it byld fan in heit, in mem en dêr tusken - yn de feilige bislettenheit - it bern.
De froulike figuer, rjochts op de tekening, jowt wer it byld fan selsynkear. De agressiviteit fan de man kriget apart aksint troch it swiere gebit. De man lit syn tosken sjen.