De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 143]
| |
T.S. Eliot:
| |
[pagina 144]
| |
En de kleijende wytging fan 't neijer kommend' oerd
Bin algear séstimmen en de heevjende bromboei
Dy't op 'e helling moat, en 'e sé-kob:
En ûnder 't near fan stille damp
Liedt de klok
Dy't tiid mjit net ús tijd, let fan d' ûnhastige
Duning, in tiid
Alder as de tiid fan chronometers, âder
As tiid rekne fan ûngerêst' en eanige froulju
Dy't wekker lizze, de takomst bisyfrjend
Bisykjend to ûntweevjen, ûntwinen, ûntrafljen
En oan inoar to passen forline en takomst,
Tusken midnacht en dage as 't forlyn is ienal forryfling,
De takomst takomstleas, foar de moarnswacht
As de tiid stiet en de tiid nea einget;
En de séduning, dy't is en wie sûnt it bigjin
Klipt
De klok.
| |
II
Hoenear komt klear in ein oan 'e lûdleaze klachten
Oan 't stille wylgjen fan 'e neijiersblommen
Wilens de bledtsjes falle bliuw se roerleas stean;
Hoenear komt klear in ein oan 'e drift fan 't wrakhout,
De bea fan 'e bonke op 't strân, de ûnbidbere
Beaën ûndre needlottige annonsiaesje?
Der is gjin ein fan, mar taheak fan frachten
Uren, dagen, en altijd mear to kommen,
Wyls it moed fortart it emoasjeleaze bistean
Oer de jierren mank de púnbrout
Fan dêr't yn leaud waerd as it meast ûnforwrigbere
En dêrom it gaedlikst foar renonsiaesje.
Der komt in einichste taheak, d' ûnmacht en
Spytgens oer d' ûnmacht, de greatskens ûntkommen,
De frije frommens, dy koe foar sûnder frommens gean,
Op in boat op driuw, dat staerch to sinken drout,
It swijende hark jen nei de ûnforjitbere
Rop fan 'e klok fan de lêste annonsiaesje.
| |
[pagina 145]
| |
Hwêr is de ein fan 'e farrende fiskersslachten
Silend yn wyns sturt, dêr't de damp spaent om? Men
Kin jin net tink' in tiid mei oaséanen nearn',
Of 'n oaséaen, dy't mei oanspielen ophoud,
Of 'n takomst, dy't wêze soe in ûnfetbere
As 't forline, bar 't forsitten fan in destinaesje.
Dy fiskers moot' w' ús tink' as eazend mei alle machten
Silend skrael of skrank, wyls de beanhearre grommet,
Oer skolle banken, dy't stéfêst bin en net forgean;
Of barrend har lean, de seilen wierjend oer 't dokhout;
Net as wien s' op in reis, op in ûnbitelbere,
Om 'n lûk to dwaen dy't lottring net forneart
noch eksploaraesje.
Der komt gjin ein oan 'e stimleaze klachten,
Gjin ein oan 't forwylgjen fan wylgjende blommen,
Oan 't forweech fan pine, roerleas, fan pine gjin ean,
Oan 'e drift fan 'e sé en it drifkjende wrakhout,
Bonke bea ta Dea syn God. Inkeld de amper, skrawurk bidbere
Bea fan de ien' Annonsiaesje.
It liket, as men âlder wurdt,
Dat 't forline in oar patroan krijt,
en langer gjin bleate folchoarder is -
Of seis gjin ûntjowing: dut lêste foar in part in sofisme
Oankweke toch skolle idéen oer évoalúsje
Dat by 'n fulgaire geast liedt la 'n forlechj'
om 't forline t' ûntstriden.
De stuiten fan lokkigens - net it fielen fan wolwêzen,
Of ripens, foltôging of feilgens of tagedienens,
Of sels net in bêst miel iten, mar d' ûnforhoedse forljachting -
It is ús wjerfearn, mar hwat wie de bitsjutting?
't Bykommen fan 'e bitsjutting fornijt d' ûnderfining
Yn in oarsoarte foarm, bopp' eltse bitsjutting
Dy't wy lokkigens taskriuwe kinne. Foarhinne ha 'k sein:
De eartiidsk' ûnderfining, dy de bitsjutting wer opropt
Is net d' ûnderfining fan inkeld ien libben
Mar fan gâns generaesjes - net to forjitten
Eat dat wierskynlik yn wurden net to útrjen fâlt:
De loaits tobek ont efter de wissens
Fan 'e skreaune skiednis, it flechtich omsjen
Oer 't skouder, nei de primitive ûntsetting.
| |
[pagina 146]
| |
Wol nou, it wurdt ús dúdlik, dat de stuiten fan leedzje
(Of al of net troch misbigryp, mei't men hope
Op it misse ding of 't net stean hie op 't misse ding,
Dêr is 't net om to rêdden) likegoed bistindich bin
Mei dy bistindgens dy tiid eigen. Wy biseffe soks better
Yn it leed fan oaren, fan tichteby bilibbe,
Wy sels der by bitrutsen, as yn ús eigen.
Hwant streamen fan aksje oersljuchtsje it eigen forline,
Mar de smerte fan oaren bliuwt in bilibbing
Unbistimd, ûnforsloppe troch neikommend bikrûpen.
De minsken foroarje, en glimkje: mar it leed bliuwt.
Tijd de forwoastger is tiid de biwarder,
Lyk as de stream mei syn tracht deade negers,
kij en pikestjelpen,
De bittere apel en de byt yn de apel.
En d'oanfretten rots yn 'e rêstleaze wetters,
Weach oerspielt him, damp bihoallet him;
Op in fredige dei is er bleat moanumint,
By farber waer is er altyt in beaken
Dêr't men op toseil gean kin: mar yn rûzge riten
Of by hommels needwaer, is hwat er altyt wie.
| |
III
Bitiden rijst my de frage at Krishna dat bidoelde -
Mank oare dingen - of om itselde oars to sizzen:
Takomst is in forklonken sang, in Keningsroas of in lawindeltûf
Fan tryst bitreur foor har dy't hjir noch net bin to bitreurjen,
Parse tusken forgele blêdden fan in boek
dat nimmen noch opsloech,
En de opgong is de delgong, de wei hinne de wei werom.
Men kin it net steech ûnder eagen sjen, mar dut is wol wis,
Dat tiid is gjin heelder: de pasjint is langer net hjir.
At 'e trein fuortriidt en de reizgers sitte
Mei fruchten of tydskrift of sakebrieven
(En dy har brochten ha 't perron forlitten)
Untspann' har gesichten, leedzje docht lichten,
By it slûge metrum fan sa'n hûndert ûren.
Far luort, jim reizgers! gjin ûntkommen oan 't forlyn
Yn foroare libbens, noch yn hokfoar takomst;
Jim bin net deselden dy dat stasjon forlieten
Of dy't op hokloar reisdoel ek oankomme sille,
Wyls de smeljende reels oerbek yninoar skouwe;
| |
[pagina 147]
| |
En op it lek fan 'e dromjende meelboat
Achtsjend it sok dat him efter jim widet,
Sil jim net linke ‘'t forline hal ôfdien’
Of ‘de takomst feit foar ús’.
By 't jounjen kwinklearret in slimme
Yn it want en yn d' antênne (mar net foar it ear
De núndrjende skulp fan 'e tiid en net yn hokfoar tongslach)
‘Far fuort, jim dy linke jim binne oan 't reizgjen:
Jim bin net dy de haven fordwinen
Seagen, noch dy't komme sille oan wâl.
Hjir bitusken it heine en 't fiere strân
De tiid nou ûntwynd, biskôgje de takomst
En 't forline mei in likens sin.
Op it stuit nou 't jim noch dwaende bin noch lins ha
Kin jim heine dut: yn hokloar sfear fan wêzen
Kin minske geast him rjuchtsje
Op 'e tiid fan 'e dea’ - dat is de ienge wurking
(En 'e tiid fan 'e dea is hidekear)
Dy't fruchtdrage sil yn 'e libbens fan oaren:
Bikroadzje jim net om de frucht fan it wurkjen.
Mar far fuort.
O reizegers, o sélju,
Jim dy't kom oan wâl en jim hwaens lichems
Undergean de bisiking en 't oardiel fan 'e sé,
Of hwat mar barre mei, dat is jim echte bistimming’
Sa Krishna, doe't er Arjûna formoanne
Op it fjild fan oarloch.
Gjin farwol,
Mar far fuort, jim reizgers.
| |
IV
Frouwe, fan hwa de skryn stiet op it oerd,
Bid foar allegear dy't tahâlde op skippen,
Hwaens allearen to krijen hal mei fisk, en
Har dy't riede mei elts rjucht ûndernimmen
En dy't har bistjûre.
Siz wer in bea ek bar de froulju
Dy't har soannen of manlju luort setten
Seagen, om net wer thús to kommen:
Figlia del tuo figlio,
Himelskeninginne.
| |
[pagina 148]
| |
Bid foar har ek dy't op skippen wien' en
Eingen har reis op 't sân, tusken sé's lippen
Of yn 'e tsjustre strôt dy't har net wer ôfjet
Of dêr't har it lûd mar net rikke kin fan sékloks
Ivich galmjend angelûs.
| |
V
Kommunikaesje mei Mars, konversaesje mei geasten,
Reportaezje fan séslangs hâlden en dragen,
Horoskoopjen, harûspekulaesje of kristalskôgerij,
Ut hântekens sykte to speuren, in biografy
Foar 't 1 jocht to hel jen út 'e tearen fan 'e hân
Trageedzje út 'e fingers; 't frijlitten fan omens
Troch lotsjen of théblêd, to rieden dat him net keare lit
Mei kaertlizrij, to brieden oer pentagrammen,
It brûken fan barbitalen, of d'útbonk
Fan 't stéfêst kearend byld ta foarbiwitten forskrikkings -
To sneupen net minske' yntocht of úttocht of dream; al soks is
Wenstich tiidfordriuw en dwelm, nijsgjirrichheden
Foar de krante, en sil dat bliuwe, somlike binammen
Dan as er eangst mank de tolken hearsket, forsleinens,
't Sij oan 'e kusten fan Aezjen, itsij oan 'e Foarstreek.
Minske' nijsgjirrigens siket it foarg' en takomstge
En klibbet fêst oan dy diminsje. Mar 't krúspunt
To fetsjen fan 't bûtentiidske en de tiid
Dêr koe allinn' in hillich man oer gear -
Of eins oer gear net lens, 't is eat dat jown wurdt
En nommen, yn in libbenstiids leafdedea,
Gloede en ikleazens en selsoerjefte.
Foar de measten fan ús is der inkeld it ûnomtinkbre
Stuit, it stuit yn en út it duorjen, de set
Fan ûntlúking, wei yn in spear fan ljachtskyn,
De wyldtym net sjoen, of de winterwjerljacht
Of de wetterfal, of it hearren net muzyk sa ynlik
Dat men 't net mear heart, men sels muzyk dat jin weinimt
Salang 't muzykjen duorret. Dut is mar doelen, rieden,
Doelen folge fan rieden; it oare
Is bea, biachting, tuchtiging, tins en wurkjen.
It doelen heal ret, de jefte heal forstien, is Ynkarnaesje.
Dêr is d' ûnmooglike iening
Mank de sfearen fan 't libben wurklik,
Dêr wurd' forline en takomst
| |
[pagina 149]
| |
Oerwoun en yn 't lyk brocht,
Dêr't oars de die forweging wie
Fan dat inkeld mar wurdt forweegd
En út himsels him net forwege kin -
Dreaun fan demoanyske, chtoanyske
Machten. De rjuchte die is frijheit
Ek fan forline en takomst.
Foar de measten fan ús is dat it doel
Dat hjirre nea to forwêzenjen fâlt;
Wy wurd'inkeld net forsein
Mei't wy trochgean' to bisykjen;
Wy, tofreden op't lêst
At ús tidelik forfâl mar fuorret
(Net to fier fan 'e taksis)
It libben fan 'e bitsjuttingsfolle groun.
Oersetting H. Tj. Piebinga, maert 1965 - maert 1966, taëigene oan Douwe en Sjouk. |