reis wurdich. It is likernôch itselde as in beafeart. It kin ek hast net tafallich wêze, wol 'k leauwe, dat dizze faem Krysta hjit. De namme fiert de lêzer ûngemurken en sûnder opsetsin werom nei latint oanwêzich kristendom: on revient toujours à ses premières amours.
Ik sil der net mear fan sizze, hwant ik leau dat wy dan wolris tolânne komme kinne yn de swier ladene symbolyk fan Ingmar Bergman syn films. En dêrfoar is Rink van der Velde nou krekt hwat to lucide en ek to nofteren. Hy tsjut de dingen, dêr't it om giet yn it libben, hiel licht oan. Hy rekket even de kearn en praet der dan gau oerhinne. Hwat mystearje is moat mystearje bliuwe.
Boppedat, mei de sleauwe praktyk fan it kristendom sa't hy dat kennen leard hat is hy wol ré. It is it sneinske pak fan heit, de rook fan sigaren en fan kaenfer, radiopreken, oargelmuzyk en fuotbalforslaggen, in nuver gearmjoksel fan seden en gewoanten, dy't Andrys (Van der Velde syn haedfiguer en foar in part syn alter ego) wer yn 't sin komme as er sit to praten mei de âld-ûnderwizer Monsieur Guillaume, de Marxkenner, dy't himsels sjoen hat as ‘de geastlike lieder fan it forset yn it suden fan it departemint Yonne.’
Fan dizze greatske en frijhwat idele man is nei njoggentjin jier net folle oerbleaun. Hy is nei de oarloch gjin boargemaster wurden en om dy reden hat syn frou, dy't hwat jonger is, him forlitten. Master fortelt it forhael fan syn tsjinslaggen en fan syn nederlaech; mei alle gefoel foar distânsje. Hy wurdt suver wer great yn syn needrichheit. ‘Hy koe mar min ophâlde, mar hy praette mear tsjin himsels as tsjin Andrys.’ ‘En oan 'e ein, sei er, wylst er rjochtop sitten gong: - Wel, dat hienen jo net tocht, hèn.’
As Andrys en Monsieur Guillaume de flesse op 'e tafel hawwe en al pratende wei hwat dwyl wurde fan de drank, komt Andrys op 'e gedachte om master in ynlieding hâlde to litten foar it Nut. Master spilet syn rol as foarsitter en fortelt it publyk hwa't hja foar hawwe. ‘Monsieur Guillaume riisde oerein. Hy steunde mei syn wite, bonkige hannen op 'e tafel. Syn lûd trille doe't er bigoun to praten en hy moast hyltiten slokke.’
De middei by de âld-master is in lytse en oangripende scene út dit boek. De dosearring fan wredens en myldens is troch de skriuwer masterlik tapast. By sokke scenes skuort Van der Velde syn gefoel foar humor him der troch. Hy wurdt net sentiminteel; hy bliuwt de man dy't foar alle soarten fan folk bilangstelling opbringe kin.
Saniis haw ik de figuer neamd fan de lytse Let Jerzy. In