De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 135] [p. 135] [Nummer 4] Leo Popma: Wetterman His inspirations to the earth descend, While he is fixed and lonely, as a star. In neaken drinker sûnder wit fan syn ûntstean swalkjend oer forlitten merken in trappearre bûksprekker dy't him opslút yn lûdtichte muorren om in selsportret to skriuwen mei in êld en nij testamint berne yn 'e rek tusken de kearkringen fan dea en hoop in wintersk dichter foartiid werom fan de bruegelfeesten dy't revolúsjes stookt yn syn ôfhandich hûs hwa kin leavje foar in hoart fan dapperheit bifrijd en weak as ynlik fleis, dy't aloan de kjeld yn trage drippen út syn waerme holten rinnen fielt en leard haf wach to wêzen yn in liif dat Mam slacht sadré't de skerpe rook fan man of frou of inkeld har namme fan fierren troch de plinten kringt hy is de splitste wiisgear mei de ierden krûk de nuete kleasterling dy't treastel, dwêst, forsoenet sûnder euvelmoed en as ûngenêslik forliezer in êld Bern yn syn kelders to spyljen set: einleaze études trantsjend om it masterskip yn midsmjitte [pagina 136] [p. 136] bang warre syn findels de dampe hynders fan de wintersiedding Blues fan de sundfloed it viadukt stiet yn it lêst kertier winter kreaket yn 'e wenten gjin wyn dy't langer reauntet troch de holten fan fortriet. de lêste profeet hat syn krant' opteard oerstallich, it melaetske seinhûs sletten en is tofreden ôfset om mei frou en bern to stjerren. - wachtsje net ûnder stegers fan sliep op it leaf seizoen de kieren yn de nacht bin segele mei bistjurre bloed kearkringen rinne út 'e liken by it minst forweech tusken dream en lippen siizje wer oarloggen yn it wiet hielal. - wy sille troch de delle gean oer de púnfal fan nijboude stêdden yn it skaed fan de dea. faeks smeult nei dizze stientiid noch in bern mank it lije biente hwannear't de bommen útblet binne as popeljend keizel oan de mouning fan it roazich fleis. dûm kleije yn it leechhout de hongerdieren omsizzers fan it broas forsin yn de Flakte fan biferzen frede. Vorige Volgende