Krityk yn it koart:
Luden fan it Gysbert-front
Tydlingswei fornije de kranten ien en oar oer de aktiviteiten en plannen fan in Komité, dat nou al wer tsien jier lyn oprjochte is om yn 1966 de bitinking ta to rieden fan Gysbert Japicx, ‘de heit fan de Fryske literatuer’. Op moandei 27 juny 1966 sil to Boalsert in stânbyld foar de dichter ûntbleate wurde, wylst de jouns fan dy dei yn 'e Martinitsjerke in muzykwurk Mei snare en tonge fan de komponist Paulus Folkertsma útfierd wurdt troch it Frysk Orkest en trije koaren (út Boalsert, Snits en Grou), dy't teksten fan Gysbert Japicx sjonge, hwerby't prof. dr. J.H. Brouwer in bitinkingsrede hâldt.
Yn dizze jierren hat it Gysbert Japicx Komité 1666-1966 it inisiatyf nommen ta ûnderskate útjeften. Fan ds. J.J. Kalma is in bibliografy fan Gysbertiana forskynd en fan deselde it boek Om Gysbert Japiks hinne (sj. jg. '64 fan dit tydskrift). Ek it sammele wurk fan de dichter (de útjefte fan 1936 is útforkocht) sil opnij forskine, mei as twadde diel in wiidweidich kommentaer fan prof. Brouwer. Mear yn it populaire leit de etjefte fan in dokumintair fotoboek oer Gysbert Japicx en syn tiid, dat û.o. forspraet wurde sil ûnder de eineksamenkandidaten 166 fan it VHMO en de kweekskoallen yn Fryslân en dat de earste jefte wurdt fan in rige literaire fotoboeken.
Koartby is troch de PTT bisletten twa simmerpostsegels út to bringen, dy't de neitins fan de Fryske renaissancedichter earje wolle. Op oanstean fan it Komité binne by útjowerij Miedema to Ljouwert twa Gysbert Japicx-rymprinten forskynd (Wobbelke en Jounbea), resp. fan de hân fan Jan Stroosma en Joh. Mulders.
Dizze loden fan it bitinkingsfront yn jin opnimmend, kin men al min sizze dat de greate 17e-ieuske Boalserter dichter by de Friezen fan dizze tiid ‘yn it jierfeck’ rekke is. Fryslân makket him klear op in weardige bitinking fan syn 300e stjerdei.
D.A.T.