As ik myn sin siz...
Knap, mar net gaedlik
Piter Terpstra hat yn it febrewaris-nûmer fan De Tsjerne in skôging publisearre oer it stik Korczak en de bern fan Erwin Sylvanus, hweryn sawol it stik sels as de oersetting, as ek it spyljen hifke wurdt. Terpstra komt ûnder oaren ta de folgjende konklúzjes: knap stik, knap oerset, knap, dat Korczak en de bern, mar net doelmjittich. Knap, mar net gaedlik. Klaasje Gerlsma wie ek knap as de joadske forpleechster. Oer Tjitte Piebenga skriuwt er: in knappe dichter. En gearfetsjend en it gehiel oersjende, konstatearret Piter Terpstra: Knap dus. Fierders merkt er op, dat wy by in ûntjowing nei it biropstoaniel knappe spilers nedich hawwe. Dan kriget Tabe Beintema ek noch in fear yn 'e broek stutsen: it oersetten moat net allegearre op Tabe Beintema syn earme holle delkomme, al hoe knap er it ek docht. Al mei al yn twa siden tekst tsien kear it wurd knap(pe). Piter Terpstra hat him knaphandich fan dizze skôging ôfmakke. Ik bin fan bitinken dat er de kwaliteiten fan dit stik en it spyljen dêrfan fêstlein hat yn in journalistyk jargon dat er him oaneigene hat. Dat is gefaerlik foar literaire krityk. Dat is gefaerlik yn elke foarm fan skriuwen.
DURK VAN DER PLOEG