De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 128]
| |
T.S. Eliot:
| |
[pagina 129]
| |
Swiere fuotten tilt' s' yn plompe skuon,
Ierdfiet, klaeifiet, tild yn platlânswille
Wille fan dy't al sûnt lang ûndre groun
Fiede it nôt, biidzje har tiid,
Hâlde it rútm' yn har dounsjen
As, libben, yn 'e libjende tiden fan 't jier
De tiid fan 'e tiden en 'e konstellaesjes
De tiid fan 't melken en 'e tiid fan 't rispjen
De tiid fan it pearjen fan man en frou
En dy fan bisten. Fuotten rize en fâlle.
Ite en drinke. Dong en dea.
De dage wiist en wer in dei
Riedt ta foar hitens en swijen. De moarntiidswyn op sé
Ronflet en fâlt. Ik bin hjir
Of dêr, of oarsearne. Yn myn bigjinnen.
| |
II
Hwat hevet lêst Novimber út
Mei d' oantrún yn 'e foarjierssprút
Mei simmerhitens machtich broed,
En boutsjes krimpend ûndre foet,
To hege stokroas dy't bistoar -
Read waerd griis - en tomle om
Lette roazen fol iere snie?
Tonger rôlle fan 't rôljend stjert'
Lyk m' oerwinningsweinen heart
Yn striid nei konstellair forlet
Skorpio fjuchtet tsjin 'e Sinn'
Ont Sinn' en Moanne ûndergean
Skriemt komeet en Liuwmetéoar
Jachtet troch it himelrom
Wieljend de wrâld la wisse bút
Foar dat forwoastigjende fjûr
Dat baernt eardat it iistek komt.
Sa soe men 't stâlle kinne - net wakker bifredigjend:
In stúdzj' yn pearifrase neffens in skibbige moade fan dichtsjen,
Dy't jin jimmer noch sitte lit mei d' ûnhjirmlike wraksling
Mei wurden en bidoelings. Hwat kin de dichtkunst skele
't Wie net (om jitris to bigjinnen) hwat men tocht hie.
| |
[pagina 130]
| |
Dat wêze soe de wearde fan dêr't men lang nei útseach,
Lang hope op bidarjen, de hjerstlike klearens
En it wiisdom fan 'e jeld? Hien s' ús bidragen
Of bidroe gen se harsels, de stilstimme âlderein
Mei't s' ús bleat bis prutsen in recept foar decept?
De klearens inkeld in willemoedske simpelens
It wiisdom inkeld de witnis fan deade geheimen
Unnut yn it tsjuster, dêr't hja har blyn op stoarren
Of houden d' eagen ôf. Der stikel op syn heechst
Mar in biheinde wearde, sa liket ús ta,
Yn 'e witnis opdien út wjerfarren.
It witten twingt alles yn in patroan, en forfalsket,
Hwant it patroan is allegeduerigen nij
En allegeduergen bitsjut in nije en grous'me
Taksaesje fan al dat wy west ha. Wy bin inkeld ûnbidragen
Fan dat hwat yn 't bidragen ús langer docht gjin skea.
Yn 'e midden, net inkeld healwei it paed
Mar heel it paed, yn in dûnker wâld, mids toarnbeistruken,
Oan 'e ich fan in sompe, dêr't gjin hâld foar de fuotten is,
En bidrige fan draken, dwylljacht,
Op aventûr fan bitsjoening. Praet my net
Fan it wiisdom fan d' âldrein, mar earder fan har dwazens,
Har frees bar freze en dwylsin, har bangens foar oerhearsking,
Foar 't hearren oan in oarenien, of oan oarlju, of oan God.
It ienn'ge wiisdom dat wy forhoopje kinne
Is it wiisdom fan de needrigens: needrigens is einleas.
De huzen alheel wei ûnder de sé.
De dounsers alheel wei ûnder de kling.
| |
III
O nacht nacht nacht. Hja bidarj' al'gear yn 'e nacht,
De lege ynterstellaire romten, de legen op nei it lege,
Kapteinen, handelsbankieren, eminente letterkundgen,
Woldiedige kunstbiskermers, de steatslju en regearders,
De boarger-amptners-mei-lintsjes, praeses fan gons komité's,
Lytsoannimmers, yndustrymagnaten, bidarj' al'gear yn it tsjuster
En tsjuster Sinne en Moanne en 't Almanach de Gotha
De krante fan d' Effekte Beurs, 't Register fan Direkteuren,
En kâld it wiel en wei de oanset ta aksje.
| |
[pagina 131]
| |
En al'gear gean wy mei har, yn 'e stille bigangel
Nimmens bigangel, hwant to biïerdgjen is der net ien.
Ik sei tsjin myn siel: wês stil, en lit it tsjuster oer dy komme
Dat wêze sil it tsjuster fan God. Sa dogg' s' yn 'e skouboarch
De ljochten út, om it toaniel to foroarjen
Mei 't hôlle stomljen fan 'e koulissen, forweech fan tsjuster op tsjuster,
En wy witte dat klingen en beammen, it fiere panorama
En 'e dryst bidraechlike gevel allegear forrôlle wurde -
Of sa 't yn d' úndergrounske, at 'e trein tuskestasions to lang stilstiet
De konversaesje riist en stadich weiwurdt yn swijen
En men sjocht dat etter elts antlit de geastlike legens fordjippet,
Wyls inkeld efterbliuwt de waeksende skrik fan neat om oer to tinken;
Of sa't ûnder aetherfordôving de geast is bywit mar wit fan neat -
Ik sei tsjin myn siel: wês stil en wachtsje sûnder hope
Hwant hoop wie dan hoop op 't misse ding; wachtsje sûnder leafde
Hwant lealde wie lealde bar 't misse ding; dan is der leauwe
Mar 't leauwe en leafde en hoop bin allegear wachtsjenderwize.
Wachtsj' en tink net - men is foar it tinken net ré:
Sa sil it tsjuster wêze ljacht en 'e stillens it dounsjen.
Flúster fan streamende wjitring en winterwjerljacht.
De wyldtym net sjoen en 'e wylde ierdbei,
It laitsjen yn it ton, it wjerlûd fan d' ekstase
Dat oanhoud en ferge, doelend op 'e wraksling
Fan dea en berte.
Dou seist dat ik herhelje
Eat dat ik earder sei. Aensen siz ik it wer.
Sil ik it jitris sizze? Om dêr to kommen,
To kommen dêr't men is, fuort to slag jen fan dêr't men net is,
Moat men in paed lâns dêr't men gjin ekstase fynt.
Om ta jins doel to kommen sûnder 't doel to kinnen
Moat men in paed lâns dat is de wei fan wit net.
Om to bisitten hwat men net bisit
Moat men it paed lâns fan ûnteigning.
Om to birikken hwat men net is
Moat men it paed lâns dat men net giet.
En hwat men net wit is it iennichste dat men wit
En hwat jins eigen is, is jin net eigen
En dêr't men is, men is dêr net.
| |
[pagina 132]
| |
IV
Brûkt woune arts mei stúdzj' it stiel
Dat tinget nei 't forgoarre part
Syn hannen bliede en wy fiel'
Yn 't kundge heeljeu 't strang bigreatsjend hart
Dat heeljend d' ûnheilskurve fan 'e koarts biswart.
Allinn' yn syktme bin ik soun
As 'k nei de gamle suster hear
Dy't eanget dat s' ús hulde woun
Us earder yndruit ús, en Adams near
Sil 't goed, dan moat ús kwael skylk nimm' in kweade kear.
Heel d' ierde is ús hospitael
Troch myljoenair, felyt, ús jown:
As 't goed gean mochte mei ús kwael
Ha wy toch heitesoarch dêr d' ein aenst foun
Dy't ús net loslit mar forfolget alle stoun.
Fan 'e fuotten set de kjeld nei 't liif
De goarre sjongt breins triedden oer
My waermjend moa' k fan kjeld earst stiif
En skrouskje yn it iizge faeijefjûr
Dêr't lôgen roazen bin, fan reek bliuwt swietrook oer.
De drippen bloed ús iennichst drinken
It bluod'rige fleis ús iennichst foer
En dochs bileavet 't ús to tinken
Wy binne geef en deugdsum fleis en bloed -
Wer, nettsjinsteande dat, hyt wy dy Freed doch goed.
| |
V
Sa bin ik hjirre, op healwei, tweintich jier ha wy hawn -
Tweintich jier fierhinne forgriemd, jierren fan l'entre deux guerres
Bisykjend wurden brûke to learen en elts prebearjen
Is in folslein nij bigjin en in oar soarte mislearjen
Hwant men hat inkeld leard de wurden om en oer to kinnen
Foar it ding dêr't men langer gjin sizzen fan hat, of hoe
't Sin der langer net nei stiet it to sizzen. Sa is elts weachstik
| |
[pagina 133]
| |
In nij bigjinnen, in razzia op 't swier to sizne
Mei in skobbige útris allegeduergen yn 't neigean
Yn 't algemiene tizebosk fan ûnkrekt fielen,
Seksjes fan emoasje sûnder tucht. En hwat der to bimastrjen fâlt
Troch krêft en ûnderwerping is al in kear ûntdutsen
Of twa kear of jit faker, troch minsken, dêr't men nea tsjin
Meunsterje kin - mar it giet net tsjin inoarren -
't Is inkeld it fjuchtsjen werom to krijen hwat men weibrocht hie
En foun en weibrocht wer en jitris: en nou ûnder bitingsten
Dy't ûngaedlik lykje. Mar laeks gjinien fan beide, winst noch forlies.
Foar ús is allinne 't bisykjen. 't Oare ha wy neat mei nedich.
Thús is dêr't men wei komt. Wurde wy âlder
De wrâld wurdt jin frjemder, 't patroan mear komplisearre
Troch dea en libjen. Net it ynlike stuit
Op himsels, sûnder foartiid en neitiid,
Mar in libbenstiid baernend yn elts momint
En net de libbenstiid fan mar ien man allinnich
Mar fan âlde stiennen dy't men net ûntsyf'ret.
Der is in tiid bar in jountiid by stjerljacht
In tiid foar in jountiid by lampljacht
(De jountiid mei it fotoalbum).
Leafd' is it measte harsels
As hjir en nou neat mear bitsjutte
d' Aldrein moast ûntdekkingsreizger wêze
Hjir en dêrre bitsjutte neat
Lit ús stil wêz' en ús stil forroere
Yn in oare ynlikens
Ta in fierdre iening, in djippre kommuny
Troch de tsjustre kjeld en 'e lege forlitnens,
Rop fan 'e weagen, rop fan 'e wyn, d' ûnmjitlike wetters
Fan 'e mok en fan 'e brúnfisk. Yn myn ein leit myn bigjinnen.
Oersetting H. Tj. Piebinga, oktober '65-jannewaris '66. |