De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 125] [p. 125] Sjoerd Spanninga: It stjerrende bosk De beammen hawwe 't need yn dizze oarde se rinne skril en skûdskjend jin tomjitte of sitte trystich op in stobbe de lepra skeint har wreed en koarsterich it foarkommen tofretten tûken skrok en fan in frjemde skouwing ha tûzen toarstige mûlen de hongerige stammen houtene gesichten mei apathysk doffe eagen ek sjocht jin siik en knodzich aeklik fan forbolgenheit de elephantiasis oan soms ûnder it foarbygean it lijerich bistean forwrongen ta in klobbe en meagere skarminkels suver al skeletten wurde deade prikken fan birêsting dêr't it libben en de bloei út weistoarn is - sá skriklik leit in doem oer hiel de bosk dat it wanhopichste gebeurt is inkeld noch in stomme klacht... [pagina 126] [p. 126] It jubeljier Aenst wurdt it lêste liet ta stof forkrommele myn freon sa núndert de oktobersé soms tsjin de nacht - de libbensdrift it idele bistean skriuwt amper syn ynskripsles op it strân en 't wisket wei as hie der nea gjin tsierderij om loes en lotte west hjir oan de skommeljende widze - dus slagget it de measten net har eigen gongen nei to gean polsket him it wetter oer 't forline mar namsto better 't riedselskrift fan oaren plat to traepjen hwant ider siket him oké in loflik doel op ierde... dat aeije wy gerêst in ingeltsje it ivich jonge hier as wy fordwine út de hoarizon fan ús geslacht de toto en de griene matte - it jowt de mins gefoelens dêr't noch ûnbikende wrâlden efter bernje wol men ha - faeks fynt in fiskerman by 't moed dyn glêzen bol en sjocht de kaeijen lizzen dy't de kosmos iepenslute lit er de tiid en globe draeije nei syn hân de himelljochten en de stilte foardat de sinne wer opnij yn 't stjerreteken stiet fan taraboembijé... [pagina 127] [p. 127] Wink foar de takomst As strakjes de wolfeartssteat foarby is en wy sitte meiïnoar yn 'e goate to sjongen oer de gouden ieu by ús ôftanke raceweinen waskmasines en koelkasten dan ha wy dy segen ek wer hawn en it fette fan de ierde nei formogen genoaten mar hwa wit krije wy aenst allegear noch in atoomkop en wurde der sadwaende nije perspektiven iepene nou't de himelen om ús weistjerre - al hat it miskien wol doel en soargje ek yn 't hjirneimels foar goeije relaesjes únder in flesse bourjois hwant de nulliteiten forsiere har eigen bisitsfoarming wol - sa krijt in ider lean nei wurken en it ynklauwerich aerd fan de ]ju komt net langer oan bod... Vorige Volgende