De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 122] [p. 122] Tiny Mulder: Flora fan de glezen wrald mei liep bilazerjen fan de chrysanten mei ljocht en atmosfear dy't ik alhiel bihearskje sei de hear dy't blommen kweekt yn kassen binn' wy yn steat om alle breiden alle grêven yn europa to toaijen mei chrysanten it hiele jier mar wol is dan sa'n plant yn ien kear dea hy joech my in boeket nou steane se bilazere to pronk jen yn myn fazen en geurje yn de maitiid nei de hjerst biminliken wy wurde âld as flora yn de glêzen wrâld bilazere mei waermte en ljocht op 't moaiste fan de woartel ropt mar noait fan echt to ûnderskieden it warleas moai moat pronkjend bliede biminliken biminde dwazen [pagina 123] [p. 123] Merke loftfytse en luchthappe foar tsientsje simson en ezau úthingje lâns ljochtspoarsirkels giselje om de sterke man en de dikke dame jin forwûnderjend de soargen ringje strain your necks folks up with the stars we the carefree en nachts as de feesttoeters skrieme en de luchthertige ballonnen knappe koart om de bêdshoeke krieme en útflamjend beare dat de útwenne matras as in fleanend tapyt by spesiale graesje fan ús heare mei flamjende útlit giel en blau sirkelet om dit suffe flatgebou [pagina 124] [p. 124] Skyn de frou dy't de bakker bitellet de frou dy't de woartels skrabet de frou dy't in trui breidet de frou dy't in gedicht bitocht binne skyngestalten fan de frou dy't nei dy sjocht Vorige Volgende