| |
| |
| |
Daniel Daen:
De apokalypse fan Paul, foar Paul
Hy roun rjocht op my ôf, de man mei de mangelkorsaezje. Hy hie se krekt fan Dr. Stjurre knippe litten, sei er. Noch heal yn 'e sûs hie er frege oft it net mûglik wie om fan de twa reade boltsjes in korsaezje to meitsjen. In stik fan in nawlestring hie er om syn hals boun, en stiif op syn loftertepel siet de korsaezje mei stjurre bloed fêstplakt. Twa testikels hâldde er yn 'e hannen. Dizze dingen wurkje as in boemerang, sei er. Ik goai se fuort, reitsje der immen mei, en fang se wer op. Op hwa't ik rjochtsje, dy wurdt rekke. Syn lot is in leger bern en in útsakke wiif. Ik frege syn namme, mar krige inkeld as andert, dat er in fleiswurden demon wie, as minske yn Indië berne en stoarn. Syn funksje yn 'e tuskenwrâld wie nou, mei to helpen oan in tofolle oan minsken. Der moasten noch in heap by foardat de ierde keal fretten wie, der gjin gers mear waekse koe omt de woartels forneatige wiene fan fûle neils. En dat, hie syn baes sein, wie it doel. Om't hy sels yn Indië honger hawn hie en formôge hout útsûgd hie om sêd to wurden en to stjerren, ynsté fan honger to hawwen en to libjen, wie er oansteld. Syn opdracht wie nou Paul. Hwa't dat wie wist er net. Hy hie heard, dat er frijfeint wie, dy Paul, mar troch in represintative funksje hie er altyd in soad froulju forsiere kind. Dêr wie er in master yn. Altyd foar 't sjongen de tsjerke út, omt de liturgy net mear yn 't latyn wie. Mar nou soe dat út wêze, in testikel soe him reitsje en de wrâld soe optille fan de lytse Paulen. Hja soene krepeare letter as heit al lang dea wie, forstoarn mei in roun liif. Dat hie er sein en doe wie er ek fuort. Ik stie allinnich yn de bidompen sfear fan dizze ûnierdske wrâld. It wie in soarte fan tunnel mei ofsletten romten. Ten dêrfan gie ik yn. De fjouwer sydkanten, net muorren, wiene stienread.
Yn 'e midden fan de flier wie in swart silindereftich gat, dêr't mei krêft lucht úttblaesd waerd. Yn elke hoeke stie in swarte figuer, mei it gesicht fan in minske en it ûnderein fan in swel, mar dan forgreate. Oan de solder hong in liuw; it efterein fan syn poaten wie yn hulzen fêstklonken. Hy blies op in baztún. Omt er krekt boppe it gat hong moast er tsjin de sterke luchtstream yn blaze. Doe waerd der ynienen út dat gat in swarte hoanne heech en foars sichtber. Hy lei de liuw mei de bazún it swijen op. Mei de punten fan syn flerken struts er by it lewant lâns. Elk plak dat er ek mar just oanrekke foroare yn in uterus. Hy gie der op 'e nij bylâns en mei syn
| |
| |
snavel pikte er nou yn elke uterus in kear. Op 't momint dat syn snavel syn wurk dien hie bigoun yn de uterus de foetus to waeksen. Doe't er de rige bylâns west hie lutsen de fjouwer swellen oan koarden fan nawlestringen de gerdinen ticht. De hoanne gie wer nei de midden en helle in boekrôlle tusken de poaten wei. De liuw blies trijris op syn bazún, en yn in sucht wie de romte fol mei harkers, qua stal net to definiëarjen. Doe lies dy hoanne foar út: De flok oer it minskdom, it twadde haedstik: Oerbifolking. Syn tekst wie: ‘En hja sille fokke as kninen, omt hja heard hawwe nei myn stim.’ Doe bigoun er to preekjen. Wylst er der mei dwaende wie, kaem de metamorfose ta stân. Syn folsleine swartens foroare yn in helder wyt, syn fearren yn in pij, en syn kaem waerd in lyts wyt klotske.
Ien fan syn swellen kaem noch mei in bril oansetten. Der sille gjin beammen mear wêze, gjin gers, hwant planten en bisten binne foroare yn stien en izer. De minske sil oan de dize genôch hawwe moatte. De natôr sil brutsen wêze omt wy jim biskermje wolle. De natûr hat himsels ophoud, mar sil him ek sels forneatigje. Nou liket it der noch net op! De minsken frette har to barsten: swart, brúin, read, giel, en wyt. Mar oan har neiteam meije se net tinke. Lit har inkeld mar prokréëarje út de gedachte wei dat se tofolle oan potinsje hawwe: de breaen siedsêdden. Us fijân is it rubber. Makket men net al fiersten tofolle fordjêrlike kondooms? Us fijân is it pessarium. Us fijân is alles hwat bern opkeare kin en wol. Us freonen binne dy't fokke as gekken. Harren lean sil wêze in rêstbank fan goud, myn seine. Omt jimme honger hawn hawwe by jim libben meije jim meihelpe oan it forneatigingsproses, troch hjir boppe myn wurd út to dragen. Lit it in bifrediging wêze fan it tokoart oan iten dat jim hiene om nou de rol fan Lazarus to forwikseljen mei dy fan de rike man en lit rike Iju Lazarus wurde.’
Nei dizze wurden blies de liuw op syn bazún. As in hymen skuorden de gerdinen iepen. De utera iepenen har. Elk bigoun to iten fan de foetus dy't yn syn birik lei. Hja frieten en graeiden mei lange klauwen. Allinnich de hoanne die net mei. Mei greate weardichheit bleau er stean dêr't er stie: yn 'e midden fan 'e seal. Hy glimke sa't it like. Urbi et orbi. Doe bigounen hja to pearjen, de sekseleazen: Urbi et orbi. Langsum waerd it wyt wer swart, de wite klots foroare wer yn in kaem. Doe naem er in swel geweken, liet him Bakje yn t gat, en yn de hâlding fan it hynder fan Hektor fordwounen hy en de swel út it each. De liuw blies wer en yn in mum fan tiid wie de romte wer forlitten en lei der hinne sa as ik him oantroffen hie, op in oare swel nei. Hjir soe er thúshearre, de neakene man mei
| |
| |
de mangelkorsaezje. Ut dizze romte wei waerd it ien en oar organisearre op it mêd fan oerbifolking. Doch moast ik sjen hwat der mei dat gat to rêdden wie. De luchtstream wie nou ophâlden, de bazún swei. Dimmen roun ik der op ôf en just doe't ik oan 'e rânne stie, wie der in swart skiep dat út de djipte wei nei boppen stiigde. It spraette syn facht út as in flerk en hjitte my der op stean to gean. Op it momint dat ik de wol ûnder de fuotten fielde, sakken wy ôf nei ûnderen. It duorre lang, it moast in koker west hawwe fan op syn minst 20 meter. Doe gie in lok iepen en ik koe útstappe. In houn mei in efterein fan in fisk wachte my op. Syn bek wie sa great, dat der mei gemak in minske yn lizze koe. Hy naem my mei troch in gong nei in soarte fan studio. It stie der grôtfol mei technyske apparatuer. De swarte hoanne dy't ik krekt yn hiele oare funksje sjoen hie, wie nou dwaende mei it lizzen fan kontakten boppe. Hy hie in greate koptelefoan op en joech ynstruksjes nei't it hearde. ‘Oars rjochtsje, Estrak, oars rjochtsje.’ Hy like hwat ûngeduldich to wurden. ‘Hwer bist nou? Jow andert, de saek is wichtich, fluch! Gean ûnder it bêd lizzen en mik út dy posysje wei op it krús, dat boppe de doar hinget. Dan sil it raek wêze.’ Ut it petear die bliken dat it boppe net slagje woe. Mei in sucht lei de hoanne de hoarn del en roun op my en de houn ta. ‘Soa, jo hjirre. Wis, wy hiene jo forwachte. Hoe wie it ek al wer? Ien fan in gesin fan sawn-en-tweintich? Jo koene jou eigen broers en susters net iens. De oarde wie godforlitten dêrre. Allinnich mar honger hawn. Gjin iten mear fanwegen in oerstreaming. Uthongere en doe jo tokoartdien, wier? Dit binne dan sahwat de gegevens. Kerb ús houn, bringt jo nei dr. Stjurre.
De graed fan formeagering sil biskiedend wêze foar de funksje dy't jo hjir ynnimme sille.’ Ynienen wied er fuort en stiene Kerb en ik allinne. Mei in lytse bûging waerd my dúdlik makke Kerb to folgen. Nei in doalhof fan gongen bidarren wy yn in tsjustere romte, hwer't in petiterich grien ljochtsje út en oan flûpte, doe't dr. Stjurre folslein as minske ús tomjitte roun út wer in oare seal wei. Hy makke ljocht. Oan syn skonken liken elastyske kabels to sitten. Hoe tichter er by ús kaem, hoe muoisumer it rinnen like to gean. Hy seach hwat ik tocht, blykber. ‘To fet stoarn’, sei er, ‘ik haw hjir inkeld mar straf.’ Kerb gie foar de doar lizzen en seach de dokter gebiedend oan. It ûndersyk wie gunstich. Alle ribben leine bleat, de wangen wiene inkeld mar sidepapier, de fuotten wiene stingels. ‘Der sil jo net folle yn 'e wei lein wurde, tink ik! Hwat my oanbilanget wurdt de metamorfose sa lyts mooglik. Ik jow jo dit briefke mei foar de
| |
| |
Rie fan Tsien, hwer't jo nou daliks foar forskine sille. Hy stiet ûnder presidium fan Mr. Hoanne. Myn advys is gunstich.’ Dr. Stjurre sprong just efkes fan 'e groun en mei't er dat die, wie er fordwoun. De krêft fan de elastyske kabels hie him brocht hwer't er wei kaem wie. In momint letter siet ik foar de Rie fan Tsien. De hoanne waerd ûnder it forhoar wei wer wyt, mei klots en al. De oare njoggen leden, earst ek hoannen, mar in slach lytser as har presidint, bigounen oranje kleuren to krijen. Der waerden fragen steld. Oft ik wolris nei de misse west hie? Né, ik wie in Islamyt. Omgong mei oaren, froulju hie der in protte west. In baen hie ik kwealik hawn. By einsluten waerd bipaeld dat ik mei ynset wurde soe by de kommunikaesje mei de ierde, as feint fan Estrak. Ik hie nou troch dat Estrak de man wie dy't ik moete hie: de persoan mei de testikels yn 'e hannen. It bitsjutte dat ik by de bêste ôfdieling kaem. De skribint oerhandige my twa testikels fan in oaljefant dy't har spoaren, doe't se noch to-plak sieten, dûbeld en dwers fortsjinne hiene. In sekere Kourtisaen soe my ynstruëarje yn it hantearjen derfan. It die bliken dat Kourtisaen it prototype fan in frou wie. Se bistie út trije sirkels, hwerfan de twa raekpunten in rjochte lijn foarmen. De boppeste befette neat as it luchtliddige: de fakúum sirkels, de middelste like ultrafiolet ljocht út to strieljen en de ynhâld fan de ûnderste hie de kleur fan kikkertdril. Hja gebea my mei de testikels to mikken op de ûnderste sirkel yn it middelpunt dat oanjown waerd troch in tuorre. It like maklik, mar elke kear as ik goaide wie sy flugger mei it forspringen. It wie dúdlik, dat ik har net reitsje koe. Earst nei in goed moanne oefenjen krige ik it foar de slach.
Elke kear dat ik de tuorre rekke hie, loste de sirkel in leger wetteroaljefanten dat himsels wer forneatige letter, omt it troch Kerb forslynd waerd, hwannear't it him oanfoel.
Estrak en ik wiene nou foar de fyfte kear ûnderweis nei Paul. Hy hie him noch net troch ús oermasterje litten. It like oft er de oanfalstechnyk dy't wy de fjouwer kearen dat wy by him op bisite wiene brûkt hiene, troch hie. Mar it soe nou slagje moatte. De klok sloech krekt 12 ûre doe't wy opdûkten yn de miljoenestêd dêr't Paul wenne. Wy wiene nou yn in flok en in sucht op syn sliepkeamer. Hy wie der noch net fansels, mar dat kaem goed út. Estrak stelde him op yn de rjochterhoeke by it hollekjessen. Hy hie de testikels yn 'e hân en bigoun foar de wissichheit nochris to oefenjen. De testikels moasten tagelyk fuortgoaid wurde, elkoar reitsje op it plak hwer't se Paul rekken en dan krekt as in soarte fan boemerang
| |
| |
by Estrak weromkomme. Dat moast fiif kear herhelle wurde by Paul. Oars soe it gjin útwurking hawwe. Underwilens die ik de lege glêzen fol mei spaenske mich. Dat hiene wy hjir net fier út de buert krije kind. Tusken de lekkens skodde ik hwat jûktepoeijer út. Doe stelde ik my op oan it fuottenein fan it bêd mei myn oaljefantetestikels. Estrak sines en mines moasten op elkoar ynspile wêze. Krekt doe't wy der mei dwaende wiene, kaem Paul de keamer yn wraggeljen. Hy stie gâns yn 'e weef. In ljochte frou biselskippe him. Se sloech oan ien wei krusen en bidde mar roazekrânsen. Tsjin syn gewoante yn, ûnder dizze omstannichheden, liet Paul him ‘jow ús ús deistich brea’ ûntfalle. Mei die er de klean út; it ljochte frommis luts him in nachtjak oan. ‘Hoe koest ek sa folle drinke.’ ‘Frede op ierde. Moarn wurdt de misse wer opdroegen, sei Paul. De wyn dy't wy dêrby brûke is ornaris treflik. Hillige Sibbel, Hillige Setske, Hillige Marchje,..., Hillige Paul forjow my dat ik tofolle dronken haw. Sa, it is forjown Eva.’
It spul fan de leafde bigoun. Estrak en ik diene ús wurk. Doch wie it eigenaerdich, dat dizze stim my sa bikend foarkaem. Ik wie der wis fan, dat ik him earder heard hie. Ek it postuer like allyk to wêzen oan dat fan immen dy't ik ris treffe moatten hie, mar dy't ik my nou net krekt mear foar de geast helje koe. Estrak hie him der tsjin my oer biklage dat de ynstruksjes fan 'e hoanne dy't er by soksoarte slimme gefallen altyd krige yn dit gefal fan Paul weibleauwen. De hoanne hie Estrak op syn fragen hjiroer inkeld mar andere dat er ek hwat allinnich kinne moatte soe. Us eare stie nou op it spul. Wy soene nou goed wurk leverje moatte. En it slagge. Al fjouwer kear hiene Estrak en ik doel troffen. Wy wiene harmonieus opelkoar ynspile. Paul like it to merken. Hja lutsen in pear swiere tekkens oer harren hinne. Doe op it momint dat Estrak en ik elkoar oanseagen wisten wy dat it barre soe. Estrak goaide en ik ek. Under de tekkens wei kriet it ljochte frommis om jittik. Hja fleach de doar út: Raek, raek, skreaude hja. Op it momint dat Estrak en ik, elkoar lokwinskjend, de keamer forlitte soene, stie Paul neist it bêd. In wite klots op en in wite pij oan. Hwer hie ik him faker sjoen?
|
|