De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 113] [p. 113] Leo Popma: Megen (NB) De balstienwegen ûnder it liljend popelfleis bin nou saffier to'n ein dat ik as in trage hearom yn in hûd fan minskelear guodlik troch it lân fan maes en wael gean kin: hark nei myn fegetaryske freondinne har wetten oer fit binnenmûls bidjêr de wite wikseling fan sawnjierske sellen - en bitaest de jierren sûnt - fûgelsiedding, wynbistouwing? elk dier spikeret syn fontanellen ticht nei in bluisterich seizoen myn húsdier en myn teeldier en myn priisdier hja binne út it wachthout dat yn ûnforhoedse skreven to kjimjen stiet kom marris ûngemurken op spalke skonken troch dit hoarich doarp nachts of yn de hjitte fan de dei men hat de fearbel let en fynt it wjerlûd op 'e muorren krite to lang ha wy wenne yn de klim fan fit twastreamelân om de ûntheistering duldzje to kinnen fan de kaveljende skjirre yn in freonehân ek dit biwâld hat syn tuorren boud foar de frommen en de finzenen de roppenen en rokkeleazen - mar de sprakeleazen steltrinne boppe fit sjitlead fan wissichheden troch fit wek yn de hoarizon [pagina 114] [p. 114] Op reis Men is op reis in strûpte mongoal dy't dounset yn it partisanekamp en sasear slachte dat er neat as laitsje kin dou wiest in jier as twa doe't jim mem dy greatsk mei nei bûten naem, hoe krekt wit ik net, mar der wie gâns folk om har hinne krongen en lang om let frege ien: hwer komt dy jonge wei, út Sjina of út Japan? ik haw my yn 'e bergen nei wenjen set mei myn wurch fé weidzje yn it stoppelfjild faeks wurd ik in harder in brune harder mei hier yn 'e kiel yn dizze herberch silst wachtsje moatte oant 'e joun, alle dagen weroan, oant it kralesnoer út dyn âlde hannen falt. Hark, hja komt foarby, mei har toskroeide stim. Miskien silst har ienris forstean, siz, Soula Passalari. en fluitsje net to lûd hwa't troch it hôf giet read stean myn kalkoenen op it lân hja mistgouwe steatlik mar ûntflechtsje biroaid - pratendewei - har brânnend fel ik moat nei Grosseto, Jo kinne mei - (it waer ensfh.) - hjir wennet myn broer - dit strânhotel - hy sammelet etruskysk ierdewurk - (de idioat) - en Jo? op reis?, de hoer op, de rivieren del?, hwat tinkt Jo fan ús lân? [pagina 115] [p. 115] men sliept yn lûde hallen it mês yn 'e hân yt mei de wachters lâns it spoar forsomme freonen fan alear dy't men opnij forspilet elke kaert dy't men bireizget smyt in lân op sa oerbikend dat men der wenje moat om alle útfalswegen to ûntdekken en út it ljochtjier falt ien simmer falt men del as in spûnzekeapman skoar fan bitterheit yn in ommuorre stêd steil en mannichtalich men wennet dêr reisfeardich en giet jins wei tusken forklikkers en wetterspuijers troch de fuorre strjitten fan in jûchjend labyrint [pagina 116] [p. 116] Tandjung Mani Wy lade hout foar de kompanjy it wâld stiet oan it galmgat ta wy lizze op stream de rivier hat gjin doel yn it lang ‘miggelich tusken de snilen’, gnize de krokedillen de kaptein is forrustke mar wol net oer board ‘see you later, alligator’ sjongt it matroazekoar wy lade hout foar de kompanjy Vorige Volgende