De âlde projektor die it goed. O, it byld wie lang net sa briljant en libben, mar myn broer hie de oare net sjoen en wie der bêst oer to sprekken.
‘Hin, dat hast foroare,’ sei er, doe't de scène kaem dêr't hy har thúsbrocht.
‘Ja, it gyng my hwat to rimpen.’
‘Ja, it forhael wurdt der better fan. Mar dochs kin it my muoije.’
‘Hwat kin dy dat nou skille?’
‘Ik foun it in prachtscène om to spyljen mei... nou ja, it wie in skat fan in famke.’
‘Ja, dy frijerij woe dy wol oan. Nou, dou hast it ommers hawn, al is it hjir hwat foroare.’
‘Wolst leauwe, dat ik it noch wolris bilibje woe?’
‘Dat soe dy nel alle gedachten raer ôffalle... twa kear krekt itselde...’
‘Miskien wol, mar doe wie it moai. Ik kin it noch skoan foar my krije... mar moaijer soe wêze it wer to bilibjen, dat wer to ûndergean... it wie echt...’
‘Lit it sa bliuwe.’
It siet him dus yn de kombinaesje, hwant mei dizze projektor hie Sjoerd alhiel gjin oanstriid om der út to stappen. Bliid ta. Koe de film dochs brûkt wurde. Ik wie wer hwat gerêster en de oantrún om de apparatuer to forneatigjen, saksearre.
‘Nou,’ sei Sjoerd, doe't de hiele film draeid wie, ‘ik kin net sizze dat er mislearre is, al is er ek net folle better as de oaren. Né, ik fyn him net gek.’
‘'t Skeelt alles net.’
‘Hin, hoe komst oan dy barchjeblom? Sjocht der sa fris út as hiest 'm krekt plôke. En de tiid is al lang foarby.’
‘O, dat is in reproduksje.’
‘Meitsje my hwat wys.’ Hy naem de blom út it wetter en biseach dy fan alle kanten. Wylst hy de stâlle wer troch de flessehals glide liet, sei er: ‘Hoe krijst it yn 'e kop. As dizze net echt is, bin ik it ek net.’
Bistjurre seach ik him oan.
‘Hwat hast ynienen?’
‘O, neat. Ik moat nedich mei de nije apparatuer to set.’