De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 103] [p. 103] [Nummer 3] Oene Spoelstra: Ferwert Ald toer op 'e hichte fan mear as in inkelde deade jowt rounom nijs: oan 'e stiennen man op it Frijhôf - hy hat it gewear yn 'e oanslach - oan it stasion; om twa ûre hâlde de treinen en groetsje bern yn 'e skoalle sizze jûchhei de koumelker rydt mei de wein troch de buorren yn Foswert sit in âld minske en preuvelt in frou slút mei soarch de tichte gerdinen de man leit hoeden syn pet op in stoel del stasion en âld haven krije swart yn 'e eagen in jager droant bern út 'e sliep fljocht ôf op 'e kjersrjochte strael fan 'e fjûrtoer âld toer op 'e hichte fan mear as in inkelde deade wurdt wei. [pagina 104] [p. 104] Leze De azem fan Mars waeit as in fruchtbere dauwe troch de gedichten. Bylden sette de ruten iepen en lôgjend leit it lân geheimen bleat oan myn forwûnderjend forstân; Trêdzjend mei eagen toarst rin ik bylâns de figueren achter en op my en om leit de rounte fan wyt as in sé om it feilige eilân; As ik de grins tusken wurd en it wyt fiel stoarmje myn eagen dronken de fjilden fan in nij lân yn. Vorige Volgende