De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 100]
| |
der Zee en oer it generaal ek goed spile troch it ploechje fan de Fryske Toaniel Stifting. Echt in toanielmanifestaesje om - lyk as by de première yn De Lawei to Drachten - meielkoar hwat oer nei to praten. Publyk wie der net folle by dizze earste presintaesje fan it selskip, dat mei syn bisykjen faeks in stapke set op de wei nei Frysk biropstoaniel, mar de lju dy't der west ha wiene hast allegearre út de kunde, de fêste gasten, rounom wei, dy't meilibje mei alles hwat der tsjintwurdich op de toanielplanken yn Fryslân bisocht wurdt. Knap, dat Korczak en de bern, mar net... ‘doelmjittich’, soe ik hast skreaun hawwe. Mar dat is neffens it wurdboek gjin goed Frysk: efter ‘doelmatig’ stiet dêr gaedlik. Dan dat mar, al jowt it myn bidoeling net hielendal wer. Knap, mar net gaedlik. Hwant wy moatte it Fryske toaniel, sil it yn it Fryslân fan hjoed-de-dei in wichtige funksje hawwe, net allinne artistike mjitstêven oanlizze. In bisykjen mei eat, dat mar sokke fordeald lytse kânsen hat, moat ek fan de praktyske kant bisjoen wurde. In moaije en letter ek noch gesellige joun mei in lytse ploech toanielleafhawwers hat syn wearde, mar ik leau, dat de Fryske Toaniel Stifting ek noch in hiele oare funksje hat. Yn de desimber-kronyk haw ik de nota fan de Culturele Raad van Gelderland oer de ‘toneelspreiding en de gewesten’ al neamd. Myn konklúzje wie: ‘As de toanielforhâldingen yn Nederlân op 'e nij bisjoen wurde sille, dan is de Gelderske nota ynteressant dokumintaesjemateriael. Mar as Fryslân mei syn eigentalich toaniel meidwaen wol, dan sil it der goed oan dwaen, sa gau mooglik foar in supplemint op dizze nota to soargjen’. Neitiid is bikend wurden, dat der in ûndersiik geande is nei de mooglikheden fan in Nederlânsk biropstoanielselskip yn it noarden fan it lân. Der wurdt fuort al mei rekkene, dat dit yn Grins fêstige wurde sil. Foar alles hwat yn Fryslân mei toaniel to krijen hat (en dat is noch al hwat) is nou de tiid kommen om to bisykjen, hjir hwat to birikken. Op itselde stuit, dat foar dit nije biropsselskip jild los komt sil it frysktalige toaniel dat ek hawwe moatte: net foar it bifoarderjen fan dit of dat, mar deagewoan foar it yn stân hâlden fan in biropsploech. Fan ús kant moatte wy foar de mooglikheden soargje. En as wy it hear oersjogge, dan most de konklúzje wol wêze, dat de Fryske Toaniel Stifting, dy't wol gloednij is mar de goede toanieltradysje fan it Frysk Nasionael Boun fuortset, in útgongspunt wêze kin. Biropstoaniel is it noch lang net, mar it materiael komt fuort út hwat Pyt van der Zee yn de rin fan de jierren fan 'e groun ôf opboud hat mei lessen en kursussen en regy-advizen en sels regissearjen. Krityk is der genôch en net sûnder reden, mar as hjir de kâns om fierder to kommen net leit dan leit er nearne. Faeks sille wy mei eigen krêften net ta it nivo, dat biropstoaniel easket (ek it Fryske biropstoaniel, hwant it sil, om syn plak to winnen en to hâlden net minder wêze meije as it Nederlânske en it televisytoaniel) komme kinne. Wy sille it foar in part hawwe moatte fan krêften mei in folsleine toanieloplieding en dy binne der by uzes net. In (hoedene) ynfiltraesje sil de wei wêze. Yn dit ljocht moat de opfiering fan it stik Korczak en de bern troch de Fryske Toaniel Stifting sjoen wurde. It spilet yn 1942 yn it getto fan Warschau en it giet oer de dokter Janus Korczak, dy't alle gefaren en noeden mei de him tabitroude weesbern dielt en mei harren syn ein fynt yn in gaskeamer. It stik het oangripende einen, it jowt gâns spylmooglikheden, it bringt de eilinde fan de joadeforfolging wer skerp yn it sin en it hat ek yn ús tiid noch syn aktualiteit. | |
[pagina 101]
| |
It freget fjouwer spilers. Simen Dykstra hat de rol fan dokter Korczak oertsjûgjend spile; hy suggerearre de spanningen dy't yn dizze weardige en moedige dokter libje, sûnder dat hja dúdlik oan de oerflakte komme, treflik. Klaasje Gerlsma wie ek knap as de Joadske forpleechster en de frou fan de Wehrmachtskommandant. De kommandant sels waerd troch Tjitte Piebenga spile. Ik haw my de lea wurch hâlden, hwant Tjitte Piebenga hat yn Boalsert ek ris yn ien of oar kabaretprogramma op it toaniel stien en doe haw ik leau 'k skreaun, dat er in knappe dichter is, mar dat er nea toanielspyljen leare sil. Dat hat dan mis west, hwant hy hat it àl leard. De manier hwerop er de kommandant spile wie bêst. Ik bin binijd oft er rollen, dy't mear nuânsearring freegje, ek treast is. De swakste fan de ploech wie de forteller, dy't troch J.H. Busser spile waerd. Hy die hwat al to dúdlik syn bêst, woe it hwat al to moai dwaen en miste de soberheit, dy't stim en figuer hjir freegje. De regy wie soms hwat stiif, mar oer it generael goed en mei ljocht en muzyk hat Pyt van der Zee goede effekten birikt. Knap dus. En dochs net gaedlik. Frijheit en ûnfrijheit, rjochtfeardichheit en ûnrjochtfeardichheit, wy, dy't altyd sa trou nei alles hwat der oan vijs yn de Fryske toanielwrâld bart tageane, witte der al hiel hwat fan, binammen troch al dy tiid- en probleemstikken op De Sweach. Dêrom lûkt Korczak en de bern yn Fryslân gjin publyk. By in ûntjowing nei biorpstoaniel hawwe wy fan in soad dingen forlet: nivo, kwaliteit, goede stikken, bêste regisseurs, knappe spilers, in slompe jild... mar binammen fan publyk en bilangstelling. It hoecht hast net sein to wurden dat wy it foar it gemak net sykje moatte yn stikken dy't troch har guodkeape humor of sentimint yn it foar in sukses by in great publyk garandearje. Op 'en dûr - miskien al gau - soe de saek dan dochs forlern wêze. Mar it genre fan Korczak sil it net dwaen, dat is wis. Hwat dan? Yn it bigjin sille wy de lichte stikken en de goede thrillers net forjitte meije. Mar hja moatte it nivo hawwe dat it publyk, dat it Nederlânske en televisytoaniel ken, forwachtet. Op beide kin ôfjown wurde; op it Nederlânske biropstoaniel èn op de televisystikken, hwant hja hawwe beide har missers. Mar hja hawwe ek har goede stikken en dy bliuwe it langst yn it ûnthâld en dêr sil hwat der yn it Frysk brocht wurdt mei forgelike wurde. Forlet fan stikken dus. Oersettingen ek - en lit dan leafst net alles op Tabe Beintema syn earme holle delkomme, al hoe knap as er it ek docht. Oare Fryske skriuwers - en net de earsten de bêsten - hawwe hjir ek in taek. En der is binammen ek forlet fan oarspronklike stikken. Dy wurde hast net skreaun, hwant ek in skriuwer wol meiparte yn de wolfeartsteat en dan is it skriuwen fan Fryske stikken it lêste hwat er dwaen moat. Mear opdrachten dus. Geart Jonkman is mei syn opdracht fan de Provinsje dwaende en wy sjogge allegearre mei spanning nei it resultaet út. Mar der moat mear komme. Ik neamde niis lichte en goede thrillers. Mar sûnder it earnstige genre hoecht it net. Hiene wy mar wer ris in stik as De Hoogerhuissaek (al is it dan ek wer mei rjocht en ûnrjocht, forjamme); hwat soene wy der yn in ûntjowing nei biropstoaniel fan kwaliteit ta, dat dòchs de massa lûke moat, moai mei holpen wêze.
PITER TERPSTRA |
|