De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 85]
| |
F.J. Bergstra:
| |
[pagina 86]
| |
it tanimmen fan de machtskonsintraesje - de wurking fan de oerheitsorganen op forskate plakken, yn forskate rounten, yn forskate flakken. Mar dat hjit tsjintwurdich ek al net mear polityk; polityk is al it wurk yn de forskate fortsjintwurdigjende lichems, op de forskate niveau's fan foech en jildingskrêft, om dy oerheitsorganen to biynfloedzjen, nei jins hân to setten, of alteast yn jins rjochtng wurkje to litten. En dan foringet him it bigryp polityk noch in kear: ta de hele diversiteit fan forskate mieningen en forskate organisaesjes, dy't allegearre foar harsels arbeidzje, yn prinsipe tsjininoar yn, mar omdat it net oars kin dochs yn de iene of oare losse foarm ad hoc meiinoar yn 'e mande, yn in konkrete situaesje, foar in konkreet doel, om dan yn in oare konkrete situaesje jin wer oars op to stellen mei it each op oare konkrete doelen, sadat A en B nouris togearre stean tsjin C en D, in oare kear A en C togearre tsjin B en D, en skielk as it kin ek ris A en D togearre tsjin B en C. Polityk hjit dan dit hiele yngewikkelde spul om jin tsjinoer de kiezer prinsipieel foar to dwaen, as oertsjâge en bitroubere hoeders fan erkende en ûnoantaestbere wearden, en tagelyk binnen de fortsjintwurdigjende organen yn prinsipe opportunistysk to bliuwen, út trou oan de eigen formaesje. En sa komt de ynhâld fan it bigryp polityk sa folle mooglik to lizzen oan de ein fan dizze rige: de eigen formaesje, de partij, en it bifoarderjen fan de bilangen fan dy partij. De paradoksale wurking fan Schurer syn proklamaesje leit hjiryn, dat net de literatuer it bliidst wie mei de forbrutsen forbining, mar de net-literatuer. De biweging dus, of de polityk? De biweging hat jierrenlang propagearre, dat it front forbrede wurde moast; tael en literatuer kinne nea it hert fan it Fryske folk winne, sa hiet it; ja it mankearre sels net oan stimmen, dy't founen dat it mei dat literatuerke-boartsjen nou mar ris út wêze moast. De lju dy't dat foarstiene ûnderfounen de literaire make-up fan de biweging dus as in foringing fan de mooglikheden, en sels as in bihindering fan de wiere politike aksje, as in skealike bongel oan de poat. Dat men mei oannimme, dy biwegingslju moatte tige har deugd dien ha mei har emansipaesje, har bifrijing ûnder de literaire fâdije wei. Dochs wiist de praktyk hiel oars. Oan 'e iene kant sjocht men dat net allinne de biweging har emansipearret fan de literatuer, mar dat de polityk like hurd as de literatuer, en gâns radikaler, bisiket har to emansipearjen fan de biweging. Oan de oare kant docht bliken, dat de polityk sels al foar it formulearjen fan har doelstellingen de literatuer net misse kin. De literatuer is net heal sa selsstannich wurden | |
[pagina 87]
| |
as hja harsels yn 'e earste hjitte hei foarpraet hat; tusken de literatuer oan 'e iene kant en de op gong kommende polityk oan de oare komt de biweging min ofte mear yn in fakuüm to hingjen. Dat de polityk op gong komt is faeks noch to folle sein, men kin alteast net sizze dat hja de fuotten al ûnder it gat hat. Mar ek foardat de stabilisaesje fan de polityk har bislach krigen hat, is it fordampingsproses fan de biweging dúdlik. As de tendins fan de lêste jierren trochwurket, en der is gâns dat dêr op wiist, dan bliuwt der fan de biweging as organisaesje, of leaver as stelsel fan organisaesjes, net sa folle oer. Dat hiele proses fan konkretisearring en tagelyk foringing fan it bigryp, dat wy niis bisocht hawwe oan to jaen foar de polityk en de literatuer beide, is mei de biweging seis net oan 'e gong. It bigryp Fryske biweging wurdt abstrakteroan ynsté fan konkreteroan. Meidat der hieltyd minder konkreet wurk oerbliuwt dat tusken dizze beide uterste poalen leit en troch taestbere, spesifike biwegingsorganen út 'e wei set wurdt, rekket de biweging har image, har kontouren kwyt, en wit men hieltyd minder hwat men jin by dat wurd foarstelle moat. Men kin hjir tsjin ynlizze, dat de sprekker wol in tige iensidige foarstelling fan saken jowt, en inkelde regionen fan aksje domwei forjit. Fansels is dy spjalting oan 'e hân fan mar twa poalen tige willekeurich, mar as men it skema multipolair makket ynsté fan bipolair, dan wurdt de útholling fan de biweging earder noch spektakulairder. De wittenskip hat har noch folle earder as de literatuer organisatoarysk selsstannich makke, en har organisatoaryske selsstannichheit is seis gâns greater en sterker as dy fan de literatuer, hwant har ynstitusioneel karakter is gúns konkreter. En alhoewol men dat lêste fan de kultuer net sizze kin, sjocht men der deselde bigrypsforinging: it tige dizige en min taestbere bigryp kultuer wurdt sa stadichwei min ofte mear mei gewelt identifisearre mei in tal nochal heterogene aktiviteiten en manifestaesjes dy't allegearre likemin ôf to grinzgjen binne. In knappe kop dy't it mienskiplike bigryp dêrûnder en dêrefter ûnder wurden bringe kin. Op dy manier bliuwt der fan in eigen wurkgebiet fan de biweging net folle oer. Mar der bliuwt ek net folle oer oan taestbere ynhâld fan it bigryp biweging. Fryske biweging komt sa wer itselde to bitsjutten hwat it yn it bigjin ek wie: in tendins dy't yn it hele folk oanwêzich is, dy't troch alle streaming en organisaesje hinne ta utering komt, dy't alle aksje draecht, mar yn oarsprong en doel sels min ofte mear riedseleftich, ja sels mysterieus bliuwt. Dy't ta utering komt yn it feit, dat der net | |
[pagina 88]
| |
allinnich altyd noch yn it Frysk dichte en skreaun wurdt, mar yn bipaelde opsichten ek mear en better as earder - ik siz net yn alle opsichten. Dy't ta utering komt yn it feit, dat nou alteast op gans plakken de Fryske tael op skoalle ûnderwiisd wurdt, al is dat Fryske underwiis ús noch altyd to fragmintair. Dy't ek ta utering komt yn dat oardiel fan ús, dát dat ûnderwiis to fragmintair is. En dy't, om nou daelk mar oan de hiele oare ein fan de skael del to striken, ta utering komt yn it feit, dat yn it jier dat de tweintichste ieu mei pinsioen giet, it represintative en bifoege steatsgesach in diel fan syn taek yn positive sin proklamearret as Fryske taelpolityk. En sa bimuoit de polityk har direkt mei de literatuer en springt dêrby oer de biweging hinne. De biweging hat hja der alhiel net mear by nedich. Wy kinne dy polityk fierders nou wol rêste litte. It mei zes hjir hjoed by it tweintichjierrich bistean fan in literair tydskrift wolris om de literatuer allinnich gean, al hat it feit dat se in biwegingsman foar de feestrede útsocht hawwe syn konsekwinsjes foar de taharkers. Hwat is literatuer? Wy hawwe to uzes inkelde pragmatyske definysjes fan Fryske literatuer: by Kalma skriftlike utering yn it Frysk dy't fan bliuwend bilang is útreden fan hokfoar fortsjinste. Neffens Piebenga syn útliz keas Kalma hjirmei foar in middenposysje tusken in widere en in ingere omgrinzing: de widere bislacht alles hwat der yn it Frysk skreaun is, en wurdt; de ingere allinnich dat hwat fan bilang is útreden fan har kunstwearde, mei oare wurden (fan Piebenga): hy keas net foar in aesthétysk, mar foar in nasionael literatuerbigryp. Mar yn alle trije gefallen bliuwt de Fryske literatuer boun oan de Fryske tael as medium. Piebenga sels is dit, ek yn syn breedste omfieming, dochs ek hwat to ing. Hy wol oarstalige uteringen net útslute, as hja skreaun binne yn in ûnbitwivelbere nasionale forbounens, foaral as dat yn in fier forline leit: hy neamt dêrta yn it Latyn stelde libbensbiskriuwingen fan Fryske abten yn 'e midsieuwen, hollânsktalige kroniken en en théologyske forhannelingen en de tinkskriften fan Jancko Douwama. It stânpunt fan Wumkes: ‘Fryske literatuer is alle letterwurk fan Great-Fryslân, dêr't it Frysk-eigene yn útkomt’, kin Piebenga mei it hert wol oannimme, mar mei it forstân moat er it forsmite. Yn 'e praktyk fan syn Koarte Skiednis hâldt Piebenga him wol sahwat tusken Kalma en Wumkes en foar syn doel: forhael oer Fryske literatuer yn in histoarysk kader, moat fansels ek dat kader oanjown wurde. Mar ek Kalma kin men meistimme dat er foar syn doel: it kritysk, mar net al to strang hifkjen fan de wearde fan literaire utering | |
[pagina 89]
| |
yn in biheind en resint tiidrek, him strang ta de frysktalige utering biheint, en dan net allinnich aesthétysk-literaire noarmen oanleit. Dat lêste is ek mear in praktyske as in prinsipiéle kar: as er al fan strange aesthétyske noarmen útgien wie, dan hie er neat oerhâlden om to biskriuwen en hie er gjin karlêzing fan trije dielen fan elk in pear hûndert siden jaen kinnen: dan hie er ophâlde moatten mei in brosjuere fan in pear fel. Yn ien opsicht hâldt Kalma him yn syn bioardieling alhiel oan de aesthétysk-literaire noarm: hy wol wol op nasionale, mar net op hystoaryske grounen klemint wêze foar syn slachtoffers oer. Hy skriuwt dan ek grosso modo oer tiidgenoaten en de generaesje foar him, de generaesje fan syn âlden, de generaesje dy't men, dy't elk oer it algemien it strangst bioardielet en sûnder folle nuânsearring foroardielet. Mar oan 'e oare kant: as der yn 'e takomst ris net allinnich folle mear mar ek folle better yn it Frysk skreaun wurdt, dan sil men fansels de noarmen heger bigjinne to stellen. Non multa, sed multum, mar om hwat betters to krijen moat der yn earste opslach mear makke vuurde. Elk sil wol mei my iens wêze, dat men by in produksje fan 1000 boeken yn it jier nochal hwat mear kâns hat op in pear goede as by in jierproduksje fan 10, al liket it my net sa maklik om dizze stelling to biwizen. It stadium fan 10 boeken jiers (alles ynbigrepen), binne wy nou aldergeloks to boppen; it stadium fan 1000 boeken jiers sille wy wol nea birikke (alhoewol men nea witte kin, ek al wer alles ynbigrepen), mar it logarhythmyske gemiddelde, 100, leit yn prinsipe wol binnen ús birik. En dêr kinne dan, neffens wierskynlikheitsrekkening en spriedingskurve, wolris 10 goeden by wêze. Sûnder mis sil de krityk dan, om dy 10 neffens plicht en skuldichheit to priizgjen, fan hegere literaire noarmen útgean. En dat is hwat wy nou ek al sjogge, en hwat ek de eigenlike sin is fan Schurer syn proklamaesje. It gyng der Schurer net om de literator as man los to meitsjen fan de Fryske biweging as idéale visy op in stik maetskippij. In sa maetskiplik en ethysk biwoartele man as Schurer soe de earste wêze om ûntrou to wurden oan syn eigen opfetting: hy soe net oars kinne. Hwer't it op oan komt yn it forbrekken fan de bining tusken literatuer en biweging, sa't Schurer dy proklamearret, is dat it oardiel oer de wearde fan de literaire utering net langer ôfhingje sil fan aerd en graed fan de kongruïnsje fan it literaire produkt mei doelstelling en klimaet fan de nasionale biweging. Wy kinne nou al trije fan dy krityske revivals | |
[pagina 90]
| |
oersjen: de Jongfryske, dy fan Schurer en syn tiidgenoaten (al libben hja foar in great part út de Jongfryske foarûnderstellingen) en de nei-oarlochske fan de fyftigers, fiif-en-fyftigers of sechstigers of hoe't men se neame wol. Yn alle gefallen komt de proklamaesje fuort út in bisef fan eigen krêft en in fortrouwen op eigen kinnen, talint en fakmanskip. Kalma en syn maten untdieken dat it, as men Frysk skriuwe wol, net langer nedich wie om dan tagelyk leech-by-de-grounsk, ûnderhânsk, ûnbiskaefd, koartom min to skriuwen: dat wie de ynset fan syn skeel mei Hof. Net dat Hof gjin each hie foar literaire wearde, mar syn Fryske skriuwerij kaem fuort út solidariteit mei de underdog fan syn tiid en dan moast er ek wol solidair wêze mei de ‘literacy’ fan dy underdog. Hof seach net, dat krekt troch dat wurk fan himsels en syn gelikens, de folksskriuwers, der yn de maetskiplike foarûnderstellingen en biwurktuging fan it frysk-praten en frysk-skriuwen safolle foroare wie, dat djippere lagen fan minskene bistean en bilibjen der fansels yn oan it ljocht kamen. Hy woe fryskens jaen, Poortinga lit ús dat dúdlik sjen, mar dy fryskens hat by Hof in hiel biskate ynhâld, mei in biheinde sosiale en kulturéle kwaliteit. Hwat bûten dy sosiale ynhâld om, boppe dy kulturéle kwaliteit út wol, wurdt ipso facto ûnfrysk. Kalma woe him frijmeitsje fan dizze doem, dizze flok; dêrfoar moast er him biroppe op in oare ynhâld fan fryskens. Hoe is er net troch Hof, en ek noch wol troch letteren, forhúnd om syn dizige, mystikerige foarm- en geslachtsleaze nasionale mythe! Yndied hie yn dy nasionale mythe fan de Jongriezen it bigryp frysk in hiel hwat skimeriger ynhâld as yn de visy fan Hof, dy't him folle mear hâldde oan de konkrete ynhâld fan it Fryske libben (net út de tiid fan 1910-'20, mar út de tiid fan syn, Hofs, jonkheit), mar wy sille fierderop sjen dat dit nou krekt ien fan de fortsjinsten fan Kalma wie en net in skeapost. Mar hy hie it birop op dy Fryske mythe noch nedich om überhaupt ta Frysk skriuwen to kommen en om ta Frysk skriuwen oan to trúnjen. De libbenspraktyk fan biwegingsman, de totale tawijing fan de hiele persoan oan de Fryske saek wie needsaeklik bitingst ta Frysk skriuwerskip. Men moast alhiel foar Fryslân libje om Frysk skriuwer wêze to kinnen. Dat hjir foar de hân lizzende ûntspoaringen út fourtkomme koene en moasten, hoecht us hjir net op to hâlden. Wol moatte wy fêststelle dat dit stânpunt fan de Jongfriezen in needsaeklike trochgongsfase west hat. Dêrsûnder hiene net allinne de Fryske biweging, mar ek de Fryske literatuer net fierder kommen, al hie it fansels wol hwat oars kinnen as Kalma it dien hat. Mar as Fedde | |
[pagina 91]
| |
Schurer, ien fan de suverste Jongfriezen en krekt ien fan dy dy't it oars dien ha as Kalma, dy't it sa dien ha as Kalma it sels ek dwaen moatten hie, tritich jier nei Kalma syn proklamaesjes it eksplisite foarstriderskip fan de literator forfangt troch it implisite meistannerskip, is dat allinne mooglik, trochdat sawol de literatuer as de biweging safolle mear minsken ûnder har findels krigen hawwe, dat wurkfordieling mooglik en dus winsklik is. De ûntwikkeling fan de lêste tweintich jier is net in stap tobek, mar in logyske fuortsetting op deselde wei. De jongere generaesje lit ek it implisite meistannerskip sjitte, hja docht oan dy hiele Fryske biweging net mear mei, hja set har der tsjin ôf, jowt der op ôf, wol mei biwegingsorganisaesjes, biwegingspraktiken, biwegingsidéalen en mei biwegingsminsken neat mear to dwaen hawwe. Ek dit komt fuort út de oare literaire noarmen dy't hja oanlizze, en it seit himsels dat dit yn har eagen hegere noarmen binne. Mar it seit himsels ek, dat in fortsjintwurdiger fan in âldere generaesje, ek as er de jongerein har goed rjocht folslein en royael ynskikt, dêrmei noch net automatysk de nijere noarmen as hegere noarmen erkenne sil. Hy stiet der boten en ynsté fan dat er fan binnen út de literaire fornijing as syn eigen visy bilibbet, yn harsels weardefol en wier, hat er de niging it yn it kader fan de tiid to sjen, in oare tiid as syn eigen, en it yn forbân to bringen mei oare streamingen en uteringen fan dy tiid. M.o.w., hy stiet foar de nije tiid, de tiid nei him, de tiid fan syn opfolgers, krekt sa oer as er foar in oare, eardere tiid oer stiet, de tiid fan syn foargongers: histoarysk, literair-histoarysk, mar foaral kultuer-histoarysk. Dat is krekt hwat de jongerein it meast yn 'e hâlding fan de âlderen irritearret: de âlderein nimt har as histoarysk forskynsel, dus net au sérieux. Yn de jierren dat it literaire noarmbisef fan de jongerein himsels presintearre yn it kader fan it eksistinsialisme, seach de âlderein dat yn it kader fan de ûntheistering troch de totale oarloch; it soe dus wol wer oerbetterje as der nei de oarloch en de nei-oarlochske bitizing wer ris bettere tiden oanbrekke mochten. Dy bettere tiden brieken folle gauwer oan as men tochte, mar doe waerd de al wer nije jongerein eksperiminteel en dat seach de âlderein dochs wol heal yn de sfear fan de nozembiweging dy't der tagelyk mei opkaem en der is misskien sels wol hwat fan wier. Hoe't de nijste literaire generaesje oantsjut wurde moat en harsels oantsjut, dat wit ik net iens, mar nou't it wurd puber útstjert sjocht de âlderein yn de twens ek net folle oars mear as forlette teenagers. Dêrby stjit | |
[pagina 92]
| |
de âlderein him oan in sekere préokkupaesje fan de jongerein mei it seksuéle en dat krekt yn in tiid dat de âlderein sels yn it klimaktearium komt en datselde seksuéle oars bigjint to weardearjen. Net dat it yn it libben fan de âlderein gjin rol mear spilet; it is in stik deistige praktyk wurden, men hat it kennen leard, men hat it wol sjoen, men libbet der mei, mar der net mear op ta; it is in rêstich elemint yn it libbenslok, mar men forwachtet der net mear de iepenbiering fan it ûnsizbere fan. Yn it forset fan de âlderein tsjin it seksualisme fan de jongerein sit in stik gêne fan in hiel apart soarte, als is it faeks net fan in nij soarte: de âlderein fielt har tokoartsketten, dat hja de jongerein net biskermje kinnen hat foar deselde oerskatting fan it seksuéle dy't hja sels as jongerein hie, mar mei omkeard teken: hwat doe tabû wie, is nou trewes, mar yn beide gefallen is der in maskerade: by de jongerein as cynisme forklaeide romantyk, by de âlderein as romantyk forklaeid cynisme. De greate kwantitative represintaesje fan it seksmotyf yn it literaire wurk en literair bilibjen fan de jongerein, dêr't in sterke kommersiéle ynfloed efter sit, mei dizze digressy ûntskuldigje. Op himsels komt dizze seksuéle préokkupaesje gjin greate bitsjutting ta en seker gjin prinsipiéle bitsjutting. In generaesje sûnder seksualiteit soe de lêste generaesje wêze. De jongerein sil yn greate halen wol deselde wierheden ûntdekke as de âlderein, allinnich op har eigen manier en dat is dan ek altyd wer it nei foaren heljen fan in nij aspekt. Lokkich in âlderein dy't dat nije aspekt dan ûnderkenne en weardearje kin.
In pear bledsiden forlyn ha wy de fraech steld hwat literatuer is, mar binne doe fuort oergien op de fraech hwat Fryske literatuer is of heart to wêzen. En alhoewol wy ek dy frage net biandere hawwe op in manier dy't binend is en algemiene ynstimming forwachtsje mei, alhoewol wy net iens de eleminten levere hawwe dêr't in takomstige bipaling fan it wêzen fan Fryske literatuer mei ta kin, ha wy dochs sa lang by dizze matearje tahâlden, dat wy der fan ôfstappe kinne en dat de wei iepen leit foar de fraech hwat literatuer op harsels is. It is hjirby net om in definysje to rêdden, mar wy wolle al bisykje inkelde wêzenlike punten oan to jaen. En dan kin dy digressy oer de seksuéle préokkupaesje fan de jongereinliteratuer us faeks noch wol in eintsje op 'en paed helpe. Eigenlik is it dwaes fan de âlderein dat hja de jongerein dy préokkupaesje kwea ôfnimt. Hwant nimmen kin ûntstride, dat dy pré- | |
[pagina 93]
| |
okkupaesje yn it libben fan jonge minsken in greate rol spilet. Hwat is logysker en natuerliker, as dat de literatuer in ôfspegeling jowt fan hwat de minsken biweecht? As men literatuer strange noarmen oanleit, dan easket men krekt fan de literatuer dy ôfspegeling en in literatuer is namsto weardefoller en greater namsto djippere biwegingen yn de minsklike eksistinsje yn har ta utering komme. Men kin der faeks oer tsiere oft men dan noch wol fan aesthétyske noarmen sprekke kin, as men alteast oan aesthétika de hwat biheinde en âldfrinzige ynhâld jowt fan skientmeleare, ‘Theorie des Schönen und Erhabenen’. Ik wit net oft it wol wier is dat men kunst eartiids moai neamde as hja moaije dingen sjen liet, mar lit ús it foar it gemak mar sa stelle. It kunstbigryp hat him yn 'e rin fan de kunsttiidrekken en generaesjes nochal hwat otwreide en wy hawwe leard dat kunst net allinnich moaije, mar ek ûnsjogge en heislike dingen foarstelle kin, foarstelle móát. Foaral yn de tiid dy't leit tusken it bigjin fan de Renaissance en de Romantyk wie de kunstner oerweldige fan syn ûntdekking dat der tige moaije dingen wiene yn 'e wrâld en hy waerd inkelde honderten jierren net wurch en sêd fan it werjaen fan dy moaije dingen. Mar al fier foar dy tiid spile it heislike ek net swak by yn de kunst; ik hoech allinnich Dante to neamen. Faeks kin men sizze dat it heislike doe noch op in aesthétyske wize nei foaren brocht waerd, yn in kunstsinnige foarm dy't as sadanich, as foarm, moai wie. It moderne kunstbisef wit dat fan dy moaije dingen nou wol en hat folle mear oandacht foar it heislike en fynt lykas de Renaissance, dat de foarm adekwaet wêze moat oan de ynhâld. By in forbjusterjende matearje heart in forbjusterjende presintaesje. Om ús foarbyld wer op to fetsjen: hoe't men it ek draeit, dat seksuéle bitsjut in ‘Verwirring der Gefühle’, in tizeboel; dat wie sa foar eardere generaesjes, dat is ek sa foar de moderne generaesje. Yn elke tiid moat de jonge minske der hwat op útfine om de chaos yn him to biswarren. Yn it Victoriaenske tiidrek wie de biswarring tige radikael: ôfwar, negaesje, tabûfoarming. Yn ús tid wurdt der op de iene of oare manier oarder brocht yn de chaos, of der wurdt in foarm foun dy't it mooglik makket de chaos nei boten to bringen en it yn de kunst ek chaotysk foar to stellen, mar dan dochs mei dat stik inerlike logika, dat wêzenlik is foar alle kunst. Wol fier fan der skande fan to sprekken dat nou ek al yn de Fryske literatuer dy fize seksuéle moade foar master bigjint op to slaen, moat men der bliid om wêze dat ek ús literatuer sa ryp wurdt dat hja har sa needsaeklike hygiényske funksje wiermakket. | |
[pagina 94]
| |
Yn dizze foarm is de ôfwar in sanearring, mar bliuwt der likegoed ôfwar om; op dy manier helpe kunst en literatuer mei om it libben to libjen. Lykas sein, dy seksualiteit is mar in foarbyld, it is mar ien faset, mar ien tapassingsbirik fan de funksionaliteit fan alle literatuer en kunst, fan in tsjinstforfolling fan de kunst oan it libben, en dêrmei fan in libbensneedsaek foar alle kunst. It falt allinich net ta om noch in oar libbensgebiet to bitinken dat der as lykweardich foarbyld en tapassingsbirik njonken steld wurde kin. In eardere tiid, lit ús sizze de tiid doe't myn generaesje jong wie, levere slimmere ‘Bedrängnisse’ as dizze, en it kin wêze dat yn de krisistiid de seksuéle thematyk yn 'e fryske literatuer net yn it earste plak forkrongen waerd, mar dat hja net op it foarste plak kaem, omdat de ekonomyske need in greater bidriging foar de integriteit fan it Ik útmakke. Wy mochten wolle dat de Fryske literatuer yn dy tiid de need fan dy tiid ek sa goed ta utering brocht hie: it wie yn oare literatueren de tiid fan de greate sosiale roman; yn ús literatuer binne de kimen wol to sjen, mar de frucht is net útdroegen. Dochs is ek yn us literatuer fan nou de sosiale en ynerlike need fan nou wol oanwêzich, mar de greatste bidriging, de mooglike forneatiging fan de minsklike eksistinsje, yndividu, folk en minskheit troch polityk en technyk, wurdt dochs in hiel ein hinne forkrongen. Mar dat is miskien yn de Nederlânske literatuer ek wol it gefal, dat kin ik net goed oersjen. Hwat net forkrongen wurdt, en ek wol aerdich ta utering komt, is de erfaring fan de iensumheit, de únbirikberheit fan de meiminske. Dizze erfaring stiet mei beide libbensgebieten yn forbân; mei de seksualiteit yn de erotyk, dy't nei de leafde taest mar dy net birikke kin en mei de oarloch yn de únmoogheit in wiere, earlike, rjochtfeardige minskemienskip op to bouwen. En lit ús earlik bliuwe: wy ha hjir yn Fryslân gjin negerprobleem, ús soldaten hoege net nei Vietnam, wy hawwe net kollektyf Joaden útroege. Men kin fan in nasionale literatuer net easkje dat hja yn de forbylding foarstelt hwat yn konkreto net yn it folk oanwêzich is. En it kin ek wêze dat men krekt yn it seksuéle flechtet, omdat men dy oare, slimmere fragen net goed oandoart. Der binne wol oanwizingen foar: ek yn de moderne kunst en literatuer jowe erotyk en seksualiteit har net inkeld as chaos, mar ek as idylle. Saniis is it wurd ryp fallen; as in literatuer ta utering wit to bringen hwat der yn it djipste fan de minsken omgiet, dan wurdt hja folwoeksen, ek al binne de problemen dy't sa bihannele wurde puberteitsproblemen. | |
[pagina 95]
| |
It wurdt nou tiid om it wurd út to sprekken dat oer de lêste skôgingen hinne sweeft, it engagemint fan de literatuer, al is it hjir ek net alhiel yn de bitsjutting dêr't it oarspronklik yn bidoeld waerd, dy fan in tige konkreet polityk partijkiezen. Wy sille ús hjir net mei wurdôfliedingen dwaende hâlde, dat soe ús yn dit gefal ek mar ta tige tsjinstridige en twivelriedige ynsichten bringe. It giet hjir om it engagemint yn dy sin, dat de literatuer allinnich dan echt en de muoite wurdich is, as hja sa direkt mooglik yn it konkrete libben ynspringt en har der sa min mooglik fan distânsiearret. Ek dit is in paradoks: alle kunst hâldt distânsje yn, is transformaesje fan it libben nei in oare bisteanskwaliteit, en it is ien fan de eleminten, ien fan de oarsaken fan it forbjusterjende en chaotyske fan it moderne kunstbisef, dat men ûntkomme wol oan dizze distânsje dêr't net oan to ûntkommen is. Op 'en djipsten giet it yn 'e kunst, ek yn de drang nei engagemint yn de meast absolute sin, dochs om de frijheit. Fan de frijheit kin ik likemin in definysje jaen as hwa ek, likemin as fan ien fan al dy oare bigripen dy't wy hjir fan 'e middei bisprutsen hawwe. Wêzenlik foar it bilibjen fan frijheit is yn elk gefal de mooglikheit fan in kar, dat men hoe dan ek hwat dwaen kin dat men sels wol, dat men net inkeld in ûnbiwust ynstrumint is, in hinne en wer smiten ding, al is men ek dat, net inkeld in willeas en biwusteleas objekt. Krekt omdat men in biwust objekt is, is men mear as in objekt; oan dy biwustheit kin men noch de iene foarm jaen of de oare, yn dy biwustheit hat men alteast noch de frijheit om stal to jaen oan dat hwat men jins eigen wêzenlike sels achtet. It gebiet by útstek hwer't dit barre kin is de kunst, en yn it hiele gebiet fan de kunst hat de literatuer in bifoarrjochte plak, omdat hja gebrûk meitsje kin fan in ynstrumint, in kundichheit, in technyk dy't elk normael minske nou ienkear machtich is, dy't er nou ienkear as lyts bern al leard hat, al kin er yn de hantearring fan dat ynstrumint dochs altyd mear leare en bitûfter wurde. It stiet der yn ús tiid mei de frijheit eigenaerdich foar. Wy hoege der net oer nei hûs to skriuwen, mar wy meije der ek net oer kleije. Wy hawwe der oan 'e iene kant mear fan as eartiids, oan de oare kant ek wer minder. Wy meije folle mear as ea earder it gefal west hat, sadat der romte is foar folle greater diversiteit, mar wy meitsje der lang safolle gebrûk net fan as wy dreame koene doe't wy dy frijheit net hiene: wy dogge, winskje, forwachtsje hieltyd mear itselde en bigjinne ek hieltyd mear opinoar to lykjen. Wy hoege | |
[pagina 96]
| |
minder to arbeidzjen en hawwe dus mear frije tiid. Eartiids waerden wy twongen om to arbeidzjen en dat wurk wie fierhinne gelyk; nou arbeidzje wy foar in great diel út frije wil en der is in hieltyd greater wurdend tal biropsmooglikheden dêr't wy frij tusken kieze meije, mar hoe greater de wurkfordieling wurdt, hoe mear alles op itselde del komt. Wy ha mear frije tiid en hieltyd mear, mar dy brûke wy hieltyd mear unifoarm. Fakânsje, wykein, bungalow, radio, televisy, pickup, pocketboek, auto, sylboat, sinnebaeije, frije; wy dogge alles op deselde manier, krekt omdat se ús der net ta twinge. Yn 'e midsieuwen móást men roomsk wêze; ûnder de Republyk waerd men achte protestant, sels kalvinist to wêzen, mar men mocht ek mennist, roomsk of joad wêze, as men it mar net iepenlik wie. Nou mei men alles wêze hwat men wol, ja foardat immen it noch mar bitinke kinnen hat wurdt ús fan hegerhân to forstean jown dat it ús frij stiet om ek republikein to wêzen, it sekerste middel om to soargjen dat der gjin revolúsje komt. En nou't wy dy frijheit neame, nou komt der ús ynienen hwat yn 't sin. Wiene wy Friezen fanâlds net it folk fan de frijheit, wie de frijheit net us heechste wet? Kaem de alliteraesje fan Frysk en frij ús dochs net foar as hwat mear as in grammatikale tafallichheit, wie dat frijdomsfielen net de ynhâld, de eigenlike matearje fan ús folksbistean? Krityskhistoarysk bisjoen fansels net: yn 'e midsieuwen wiene de Friezen net mear op de frijheit út as alle folken yn alle tiden west ha as hja der de kâns ta krigen, mar de Friezen hawwe, troch tafallige omstannichheden, krekt hwat langer de kâns krige as oare folken en dat wie fan dy gefolgen, dat der yn de tiid fan de fundearring fan de nasionale Steaten wol net in Fryske steat ûntstean koe, mar dochs wol in tige nijsgjirrich ekwivalint: de Fryske frijheitsmythe. Dat dy Fryske Steat, dy frije Fryske Steat, yn dy tiid net ûntstean koe, dêr hat de Fryske frijdomssin in lyts eintsje hinne skuld mei oan, hwant de frijheit hat ûs folk forbrokkele en it tokoart oan ienriedigens briek it forwar de nekke doe't it oan ús ta wie, mar ik tink foar it neist, dat ek in ienriedich Fryslân net tsjin it Bourgondysk-Habsburchske gewelt op kinnen hie. Mar fan dy tiid ôf bigjint dy frijheitsmythe to spukjen en bisit to nimmen fan de bêste geasten en dy frijheitsmythe is de yndirekte foargonger fan de Fryske biweging. Op de iene of oare manier is dat eigenaerdige literaire dreambyld út de Renaissance, dat foar gjin inkelde histoaryske mystifikaesje oan 'e kant gyng en sels risten keningen fantasearre dêr't guon minsken ek | |
[pagina 97]
| |
noch oan leaud hawwe, bigoun to groeijen en út to stuoljen as in ierappelplant: út ien lytse poater kaem in dreech miel iten fuort. De frijheitsmythe wie de literaire ôfwar tsjin in twongen anneksaesje, dêr't neat mear oan to dwaen wie. In pear hûndert jier letter is der fan twang gjin sprake mear en tinke de Friezen der net mear oer har los to meitsjen út in forbân dêr't hja frijwillich yn bliuwe, omdat hja der dochs frijheit foun hawwe, al is it in oar soarte fan frijheit mei in oare ynhâld. En sjoch hwat der nou bart: wylst der gjin mooglikheit is, mar ek gjin forlangst om de âlde steatkundige frijheit werom to winnen (as dy der ea west hat), ûntwikkelet har in biweging dy't yn in totael oare diminsje, ja, yn in totael oare substânsje, in nij ryk ta stân bringt, dêr't in nije frijheit jilding hat. Net út de groun, net út de produkten fan dy groun, net út de minsken op dy groun, alteast net út har fysyk bistean, net út de steatsynstellingen komt dit ryk ta wêzen, mar út de tael, in immateriéle funksje, in symboale-systeem dat gjin bliuwend bistean hat, dat hieltyd op 'e nij yn aparte dieden opbuorrelet, mar fuortdaelk ek wer yn 'e tiid forwaeit, ûntstiet in ‘république littéraire’, as iennichste mooglikheit hwerop it Fryske folk yn ús tiid noch eksistearje kin. De Fryske steat is in reélere mooglikheit as er ea west hat, net as res extensa mar as res cogitans. Dat wy in ûnderdiel fan de Nederlánske steat binne, dêr kinne wy neat oan dwaen; wy lizze oan alle kanten iepen en kinne ús op gjin inkelde manier isolearje. Mar wy prate Frysk en dêr kin gjinien ús yn bihinderje en op dy Fryske tael fan ús bouwe wy in Fryske literatuer dêr't wy sels baes oer binne, baes yn eigen hús. Dat der yn dit opsicht in isolemint bistiet is net in geweltdied fan ús, ja, wy binne sa gastfrij as hwat, wy keare nimmen bûtendoarren, mar hwa't by ús yn 'e hûs wol dy moat ús tael oanleare en mei dy tael wurdt er ien fan uzes, nimt er ús natuer oan. In Fryske natuer yn 'e âlde sin: Frysk aerd, Frysk wêzen, Frysk karakter as ynhâldskenmerk, yn in fysike basis biwoartele eigenskippen, kinne net bistean. Fryskens kin allinnich mar mear bistean as frysktaligens; elk fêstlizzen fan minsklike mooglikheden binnen it kader fan de Fryske ‘état litteraire’ soe de Fryske frijheit yn syn eigenste wêzen to koart dwaen. Dêrom is it goed dat der in jongerein is dy't fan de Fryske biweging en fan de Fryske polityk en fan de Fryske mythe neat witte wol en dy't dochs yn frijheit yn dy ‘république littéraire’ meidocht, omdat hja harsels yn dat forbân op 'en djipsten forwêzenlikje kin en pas dêryn har engagemint yn it libben stal jaen. Krekt mei't hja har fan de biweging ôfset, | |
[pagina 98]
| |
réalisearret hja de eigenlike sin fan dy biweging. Biweging en literatuer binne frij faninoar wurden en lykwols, né dêrtroch, oaninoar forboun: dialektysk, mar fundaminteel. Yn 1915 stelde Kalma biweging en literatuer as in ienheit: literatuer as biweging, biweging as literatuer. Tritich jier letter spriek Schurer de skieding út. En nochris tweintich jier letter binne wy hjir byinoar om gouden bruiloft to hâlden. Mar lit ús by alle feestrumoer net út it each forlieze, dat de literatuer de eigenlike matearje fan de Fryske polityk is, omdat de tael de eigenlike matearje fan it Fryske folk is. |
|