De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 84] [p. 84] Anne Hellinga: Earder al libben is it symboal fan de dea hjoed of moarn? mar nou al ommers bin ik myn eigen fantoom ik smyt mysels gewillich foar de wolven dy't myn fleis oan stikken skuorre as myn hert bleat leit sille myn leafsten gûle triennen rôlje yn it hjitte sân fan myn woestyn yn in wolk fan wetterdamp sil ik fordwine allinne noch hwat wolvekeutels oan de rânne fan in bosk. Halleluja oars net om to brekken as twa hannen en hwat tiid fiif linzen dagen en twa foar hûs en tún en wiif lykwols loovje de deil hwant yn de nacht hast oars net om to brekken as twa wjukken oan in neaken lea halleluja. Vorige Volgende