haw net foar jo krûpt en ik haw jo de eagen net tichtsmard. Ik haw fair west. Ik set myn earlikheit tsjinoer jou macht’.
Mear as greate wurden, tsjûgjend fan in eigenaerdich anti-kalvinisme, kin ik der net yn sjen. Of moat dit troch gean foar tige fyn ynlein flokken? Ik wit it net. Ik bin miskien to fier ôfrekke fan it apart soarte morael-théology, dêr't Trinus Riemersma noch dreech mei ompakt. De toan fan it fammepetear mei God klinkt my - ik kin der neat oan dwaen - ôfgryslike falsk yn 'e earen.
It leit yn 'e reden om hjir binammen efkes de klam op to lizzen, om't de relaesje Wilma, de feint dy't har stikke litten hat... en God, al yn de earste alinéa fan it boek nei foaren komt. De feint Arjen, de ROTSAK, sa't er neamd wurdt, hat Wilma de klean útlutsen. Dat soks bard is yn in oerdwealske rite wol jin wol oan. Hokker minnaer hat dan net de goede en de moaije wurden by de hân, mar dat Arjen by syn forovering sa ‘moai oer God’ prate koe, is de earste falske oanslach op de piano, dy't it boek ek yn syn fierdere útwurking gjin goed dien hat.
Arjen, de forlieder, blykt út it boek in feint to wêzen hwaens leafde alhielendal bilune is as hy fornimt dat Wilma in bern fan him forwachtet. Rekket hy dan yn 'e tiis mei God, dêr't hy sa moai oer prate koe? Né, yn dy forwachting wurdt de lêzer biskamme. Dat ‘moai praten oer God’ fan Arjen hat in oantsjutting west fan in thema, dat de skriuwer folslein loslitten hat. Miskien folslein forgetten hat. Yn 'e haest, hwant ik leau dat Riemersma in hastich skriuwer is. Ek in skriuwer oer hastige minsken, dy't o sa gau yn panyk reitsje.
Arjen dêrfoaroer is koel fan aerd, koel yn forhâlding ta de kwetsbere en oergefoelige faem en allike koel en birekkenjend is Hink, de dûmny, dy't ek even syn kâns waernimt by Wilma. De manljue binne dogeneaten. Fan in hwat minder rûch slach as De Smearlappen út it boek fan Anne Wadman, mar dat Wadman syn baggerfeinten Trinus Riemersma foar eagen sweefd hawwe, dêr is leau ik gjin twifel oan. Yn fiks Nijtestamintyske styl noteart Wilma op in stuit (bls. 19): ‘It giet my as Jezus, ik ken de smearlappen en wurdt fan de smearlappen kend.’ Dûmny Hink, de sielsoarger, wol dan wol yn studintetrant meiblasfemearje. Jezus is ‘in man fan it jier nul’. Hy seit trouwens noch ‘de Heare Jezus’; hy jowt de jongfaem, dy't fan Arjen forlitten is en dy't in miskream hawn hat, in boek fan ds. Knaep (in sneer nei de kant fan ds. Knap, tink), mar Hink kin likegoed omraek prate oer ‘de nijste pornografyske reuzepockets’.